Berne: 17-09-1917, WARTEN
Ferstoarn: 28-06-1994, GRINS

Libben en wurk

Jan Wybenga waard berne op 17 septimber 1917 yn Warten. Hy groeide lykwols op yn de Stellingwerven, mei't syn âlden nei de Easterstreek, it eastlik part fan Noardwâlde, ferhuzen. Yn 1931 kaam de húshâlding yn Wolvegea te wenjen.


It skriuwen en dichtsjen siet der by Jan Wybenga al jong yn. Doe't er in jier as tsien wie, stjoerde er mei sukses (Hollânsktalige) ferskes yn foar de bernerubryk fan de Leeuwarder Courant. Yn syn heit, Albert Jan Wybenga, tekenlearaar, sjoernalist en amtner by Gemeentewurken, hie de jonge publisist in foarbyld. Dy syn postúm ferskynde histoaryske roman De striid om Keulen hat in protte lêzers fûn, mar hy hat ek gedichten en ferhalen skreaun en stúdzje makke fan de ûnderskate Stellingwerver dialektefarianten. Ek it tekentalint fan syn heit hat Jan Wybenga oerkrigen. Yn syn jongfeintejierren hat er in soad nocht hân oan tekenjen en skilderjen, wat û.o. resultearre yn in tal nijsgjirrige selsportretten.
Yn neifolging fan syn pake hat Jan Wybenga it berop fan ûnderwizer keazen. Hy stie op It Bildt foar de klasse en waard yn Wommels haad fan de iepenbiere skoalle. Nei't er de akte Nederlânsk (en Frysk) M.O. helle hie, wie er fan 1956 oant syn pinsjoen ta learaar Nederlânsk oan de Ryks Pedagogyske Akademy yn Grins.
As Frysk dichter debutearre Wybenga yn 1947 yn De Tsjerne, it literêre tydskrift dêr't er fan 1953 oant 1955 redakteur fan wie. Letter makke er diel út fan de redaksjes fan Alternatyf (1974-1977) en fan Trotwaer (1980-1982).
Jan Wybenga syn earste fersebondel, Amoeben, ferskynde yn 1954. Fanwege it eksperimintele karakter fan syn poëzy - benammen fan de syklus "Hurrel" efteryn dy bondel - seagen de lêzers earst wat frjemd tsjin syn wurk oan, mar de krityk reagearre oer it generaal tige posityf. Douwe Tamminga neamt Wybenga syn debút "de bêste bundel poëzy dy't yn ús taal nei '45 troch jongeren skreaun is" en priizget fierder "it lykwicht tusken eruptive krêft en soarchsum bebeiteljen". Ek oaren wize op de technyske feardigens fan de jonge dichter. Foar syn twadde bondel, Barakkekamp (1962) krige Wybenga yn 1965 de Gysbert Japicxpriis. Foar de twadde kear waard er mei dy literêre priis eare yn 1977, doe foar syn Lyts Frysk deadeboek (1974).
Wybenga toant him net allinne in modern dichter troch de foarm dêr't er syn tinzen stal yn jout, mar ek troch it libbensgefoel dat út syn wurk sprekt en dat gauris de negative kant neist is. Klaes Dykstra skriuwt yn syn Lyts hânboek fan de Fryske literatuer (1977): "Rym, klank en kleur binne by him tige wichtige eleminten om oan te jaan, krekt sa't it dichterwêzen by him eins ek mar neat is, dat alles doelleas en fergonklik is." Dat haadtema mei ôfwiksele wurde mei dierbere oantinkens oan de jonkheid of snedige ynfallen en iroanyske kanttekeningen, ek yn syn letter wurk is it gauris bitter en benearjend oanwêzich. Dochs toant de dichter him by it âlderwurden mylder. Meilydsum en mei gefoel foar humor sjocht er yn de bondel Easterstreek (1982) werom op it lân en de minsken fan syn jonkheid. Hy docht dat yn allinne mar acht-rigelige fersen, dêrmei `en passant' bewizend dat syn frije fersen fan eartiids in bewust keazen foarm hiene en net út ûnfermogen om him oan de dissipline fan foarmregels te ûnderwerpen, of út gemaksucht, yn dy útris op papier brocht wiene. Ek yn syn dichtbondel, De Foksejacht (1989) is er ûnderskate easken fan metryk en rymskema's treast, sûnder lykwols de spontane sizzing oan de foarm ûndergeskikt te meitsjen. De poëzy fan Jan Wybenga hâldt dochs in streamend, lyrysk karakter oft er him no yn frije rymleaze fersen uteret of yn balladen, kopla's en haikû's.
Macht oer de taal blykt ek út de oersettingen fan in tal fersen fan C. Valerius Catullus dy't er mei de klassikus Sybe Sybesma yn it Frysk oerbrocht hat.
Behalve syn essays, skôgingen en resinsjes - Jan Wybenga skreau foar de Leeuwarder Courant op 'e kop ôf hûndert boekbesprekken - hat er net folle proazawurk makke. Yn 1981 ferskynde Moai waar en lange dagen mei jeugdoantinkens. It al te persoanlike wurdt dêryn ôfskerme troch de relativearjende, gauris komyske, wize fan fertellen. Op dy manier makket Jan Wybenga ek yn syn autobiografyske ferhalen it kredo wier, dat er yn De Foksejacht sa ferwurdet: "Ik hâld it by boartsjen: wat earnst hjit is in masker sonder wearde." 
Jan Wybenga is op 28 juny 1994 yn Grins ferstoarn.
 
Literatuer
1968: Jo Smit. De Fryske literatuer 1945-1967. De Tsjerne 1968/4 (essay)
1971: Tiny Mulder. Hwer hast it wei? (fraachpetear)
1972: Tekst en Utliz (Steven H.P. de Jong)
1992: Jan Wybenga-nûmer Hjir, 1992, nû. 4-5 
 
Wurk

Dichtwurk

1954: Amoeben
1962: Barakkekamp
1973: Kj3
1974: Lyts frysk deadeboek (2de pr. 1977)
1982: Easterstreek
1989: De Foksejacht
1993: Grien en koaningsblau
1994: Fergetten Fersen
2012: Samle Fersen (mei cd en katalogus byldzjend wurk)
 
Proaza
1981: Moai waar en lange dagen. Fiif provinciales
1998: It hûs en oar neilitten wurk (Postúm ferskynd, besoarge troch Goaitsen van der Vliet)
 
Oersetting
1987: Carmina Nonnulla. C. Valerii Catulli. Oersetting mei Sybe Sybesma nei it wurk fan Catullus (2de pr. 2000)
 
Prizen
1965: Gysbert Japicxpriis foar Barakkekamp
1977: Gysbert Japicxpriis foar Lyts Frysk deadeboek
 
Tresoar © 8 maart 2005