Berne: 01-04-1946, REDUZUM

Libben en wurk

Baukje Wytsma is op 1 april 1946 berne yn Reduzum, yn dat plak hat se ek har jeugd trochbrocht. Neidat se har oplieding ta beukerliedster ôfsletten hie, kaam se yn Huzum foar de klas te stean. Dat hat se fiif jier dien. Doe waard se beukerliedster ôf en kaam se as free lance sjoernaliste te wurkjen by de Leeuwarder Courant en de Friesland Post.

Neidat se har PABU diploma helle folge se in Post HBU-oplieding sjoernalistyk yn Utert. Foar de Leeuwarder Courant skreau se ûnder oaren resinsjes foar berneboeken. Njonken har wurk as skriuwster en sjoernaliste hat Wytsma projektkoördinator west by de Afûk.
Baukje Wytsma hat mei man en bern seis jier yn Dútslân wenne. Werom yn Fryslân yn 1975 kaam se, nei in tolve jier yn Stiens, wer te wenjen yn har berteplak Reduzum, it doarp dat ek yn har poëzy in grutte rol spilet.

Dichteres
Baukje Wytsma begûn mei it skriuwen fan opsisferskes foar bern yn de tiid dat se as beukerliedster foar de klas stie. Se debutearre yn 1976 mei it boekje Romke Timen Tomke en oare opsizferskes, yn 1978 folge troch De rare richelroek en oare opsizferskes. Har earste bondel mei persoanlike poëzy, Noch ien slach om 'e buorren, ferskynde yn 1980, fan dy bondel kaam twa jier letter in werprintinge út. Nei har debútbondel kaam der om de pear jier in nije bondel fan Wytsma yn it ljocht. Sa ferskynden: It blau fan de Hortinsje (1984), Heech gers (1987), By ljochtskyndei (1989), In see fan wetter (1993), Thúslûd (1997), Kom mei in koer (2001) en De dichter swijt (2005).

Dichtsjen is foar Baukje Wytsma in wize fan libjen, yn in fraachpetear mei Pieter de Groot (Leeuwarder Courant, 26-06-1987) sei se dêroer: 'It is foar my gjin frijbliuwend tiidferdriuw. It hat foar my in hiel wichtige funksje, do kinst it in 'oarderjende' funksje yn myn libben neame. As dichter setst dingen dyst meimakke hast, bûten dy sels, do kinst der om samar te sizzen nei sjen. Do setst de emoasje op 'e foto, en as dy 'foto' klear is, hast der ek ôfstân fan dien. It rommet op.'

Yn har poëzy jout Baukje Wytsma stal oan har eigen libbensopfetting, dy't tinken docht oan de antroposofy. Yn har earste bondels kaam in spirituele kant nei foaren yn wurden as 'siel', 'wierheid' en 'ivichheid'. Har bondel 'It blau fan de Hortinsje' joech se in motto mei fan de Deenske dichter-skriuwer J. Anker Larssen: 'Safier as ik weromsjen kin, sjoch ik in gefoel fan ivichheid'. Dat weromsjen yn de tiid is in faak foarkommend tema yn it wurk fan Wytsma, se beskriuwt de bernetiid, de gong fan de seizoenen, it riedsel fan libben, leafde en dea en dêrút fuortkommend it sykjen nei wat bliuwend is yn it minsklik bestean, ek yn it bestean mei de meiminske tichtby en fier fuort, yn tiid en ôfstân. It weromgean nei har bertegrûn en nei eardere tiden bliuwt ek yn har lettere bondels in tema, mar dêrnjonken is der ek romte kaam foar begripen as feiligens en fertroudheid. De dea is ien fan de grutte tema's yn de poëzy, sawol yn dy fan Baukje Wytsma as yn dy fan oare dichters. It tema ynspirearre Wytsma ta it gearstallen fan in bondel mei gedichten om it tema 'dea' hinne. Tegearre mei Tineke Steenmeijer-Wielenga, âld-direkteur fan it FLMD (Frysk Letterkundich Museum en Dokumentaasjesintrum) stalde se de bondel 'Leave deade' gear, in bondel mei hûndert Fryske fersen oer de dea (2003).

Wurdearring
De bondels fan Baukje Wytsma wurde oer it algemien tige posityf ûntfongen, sawol troch lêzers as troch resinsinten. Sy wurdt priizge om de byldzjende wize dêr't se in sfear mei wit op te roppen yn har fersen en om har fermogen om ideeën op in poëtise manier stal te jaan.Guon resensinten binne fan betinken dat se gauris te moai skriuwt, sa as dichter-skriuwer Eppie Dam dat ferwurde: 'Alles wat in dichter noadich hat om in goed gedicht te skriuwen, is by har oanwêzich, mar hja makket nei myn idee tefolle gebrûk fan har mooglikheden. Dat komt op misbrûk del. Baukje har gedichten binne my gauris te geef, te glêd, te gol. Har wurk skaait dêrtroch út nei in pose. Baukje soe har gedichten mear útklaaie, knoeie en ûntpoëtisearje moatte' (Trotwaer, 1989, nûmer 4). Neffens Pier Boorsma yn syn besprek fan 'Kom mei in koer' (Leeuwarder Courant, 09-05-2001) hat Wytsma dat yn dy bondel ek dien, wêrtroch't de fersen oan sizzenskrêft wûn hawwe.

Berneboeken
Njonken dichteres is Baukje Wytsma ek skriuwster fan berneboeken. Sy hat allinnich, en yn 'e mande mei oaren, al sa'n tweintich titels fan berneboeken op har namme stean. Sy wurket graach oan berneboeken omdat se der in protte yn kwyt kin en boppedat sa op 'e hichte bliuwt mei wat bern fan dizze tiid dwaande hâldt. Har ûnderwerpen fynt se rûnom om har hinne, se heint se op troch earen en eagen goed iepen te hâlden. Humor is in wichtich elemint yn de berneboeken fan Wytsma. Se wit de goede toan te treffen, grif holpen troch har ûnderfining yn it ûnderwiis en it lange jierren meiwurkjen oan de berneside fan de Leeuwarder Courant. Ek yn in boek mei didaktyske opset sa as yn Buorfrou Flap hat grutte earen, dêr't de sintugen yn behannele wurde, bliuwe boartlikens en de nocht oan taal foarop stean.

Baukje Wytsma hat ferskeidene boeken foar bern skreaun yn gearwurking mei oaren: mei Meindert Bylsma en Hans ten Have kaam yn de jierren tachtich in rige fan trije 'Doch-sels' boeken út. In rige dêr't yn boarte wurdt mei taal. Mei Akky van der Veer skreau se ek trije boeken oer Frou Hilarides (1987, '88 en '89), dy't útjûn waarden troch de Stichting It Fryske Boek as aksjeboek foar bern, de earste boeken yn dy searje. Mei sketsen út dy boeken, oanfolle mei lietsjes op muzyk fan Jaap Oosterwyk, reizgen Baukje Wytsma en Akky van der Veer skoallen yn Fryslân by del. Se spilen sels de rollen fan Frou Hilarides en har suster yn dy foarstellings.
Foar har yn 2001 ferskynde boek Lokaal 13 waard Baukje Wytsma yn 2003 foar Nederlân selektearre foar in plak op de Honour List fan IBBY (International Board on Books for Young People). Yn Kaapstad waard bekend makke dat it yndie in plak op de list krige. Lokaal 13 waard dêrby ien fan de meast ferrassende nominaasjes fan dat jier neamd.

Ferskaat
Foar It Fryske Boek hat Baukje Wytsma, fakentiids yn oparbeidzjen mei oaren, de bernemusikals 'De letterfretter' en 'Romkje Roekenêst' skreaun. Foar Omrop Fryslân skreau hja trije jier efterinoar de teksten foar it muzykprojekt foar bern 'Villa Aria', dat opfierd waard yn gearwurking mei Tryater en it Frysk Orkest.
Yn 2006 skreau Baukje Wytsma, diskear tegearre mei Sjoerd Bottema, it boekewikegeskink De stien.
Dêrnjonken hat se foar ferskeidene sjongers lietteksten skreaun: foar Anneke Douma skreau se it populêre Bonkefeartliet (1996), foar Douwe Heeringa levere se teksten foar syn polityk kleure programma 'Retour Ljouwert-Berlyn' (1994) en foar Roel Slofstra de romantysk-poëtyske lietesyklus 'Fjoerfûgel'. De yn Switserlân wenjende Fryske opera-sjonger Albert Bonnema hat ûnder de titel 'Simmernachten' in cd folsongen mei troch Baukje Wytsma makke Fryske oersettingsa fan bekende aria's. Yn 'e mande mei de dichter Jan Dotinga skreau hja yn 1995 in muzikaal programma oer it libben fan Gysbert Japicx foar de Oratoriumferiening fan Boalsert. Ek it Simmer 2000 liet is fan har hân.
Yn de jierren 2004/2005 makke Baukje Wytsma diel út fan de Junior Rely sjuery, in sjuery dy’t yn it ramt fan de Rely –Jorritsma-priisfraach, ynstjoerd wurk fan jeugdige debutanten op it mêd fan proaza en poëzy bekroant.
Baukje Wytsma is in follesidich talint en troch har warberens ien fan it lytse tal minsken dat yn Fryslân fan 'e pinne libje kin.


List fan belangrykste wurk

Poëzy
1980: Noch ien slach om 'e buorren (1982, 2e útwreide pr.)
1984: It blau fan de Hortinsje (2005 Merkelrige)
1987: Heech gers (2005 Merkelrige)
1989: By ljochtskyndei
1993: In see fan wetter
1997: Thúslûd
2001: Kom mei in koer
2005: De dichter swijt
2010: Sân wylgen

Berneboeken
1976: Romke Timen Tomke en oare opsizferskes (2e pr. 1978)
1978: De rare richelroek en oare opsizferskes
1981: De groetnis fan Anne
1982: Flintertútsjes
1987: Disse en Jinge en frou Hilarides (mei Akky van der Veer, muzyk Jaap Oosterwyk, tek. Laura Tietjens: Berneboekegeskink nû. 1)
1988: Frou Hilarides en it Museum foar Moderne Keunsten (mei Akky van der Veer, muzyk Jaap Oosterwyk, tek. Laura Tietjens: Berneboekegeskink nû. 2)
1989: De saak Hilarides (mei Akky van der Veer, muzyk Jaap Oosterwyk, tek. Laura Tietjens: Berneboekegeskink nû. 3)
1990: Omke Siger is in liger (tek. Carla van der Heijde, muzyk Jaap Oosterwyk: Berneboekegeskink nû. 4)
1994: Buorfrou Flap hat grutte earen (tekeningen Geart Gratama, muzyk Mette Meinou Piebenga)
1997: It swurd fan Lytse Pier (mei Akky van der Veer, tek. Karin Poiesz, Aksjeboek foar bern nû. 1)
1997: Kadootsje yn papier, berneferskes (tekeningen Babs Wynstra, muzyk Jaap Oosterwyk)
1999: Samar foetsy
2001: Lokaal 13
2004: De poes mei de lange sturt
2004: De blauwe loftfyts
2006: Dûnsje op in hynstekont
2008: Koesboek
2009: Koesboek (miny-edysje)
2009: Pasta, pizza & patat
2011: Snot en triennen en oare gedichten
2013: Ik ek fan dy, mei yllustraasjes fan Wolf Erlbruch
2016: Lytse protter (gedichten yn it Frysk en it Nederlânsk)

Musicals en muzykteksten
1981: De letterfretter (en 1983) (bernemusical)
1983: Romkje Roekenêst (bernemusical)
1987: Villa Aria (en 1988) (muzykprojekt foar bern yn gearwurking mei Omrop Fryslân, Tryater en it Frysk Orkest)
2001: Teksten Retour Ljouwert Berlin, muzykteaterprogramma Douwe Heeringa
2002: Tritichtûzen doazen (muzyk Peter Sijbenga, bernemusical)
2002: Teksten Blau Paradys, muzykteaterproduksje Reboelje
2008: Oersetting Mauthausen Syklus, Mikis Theodorakis komponist/ sang Douwe Heeringa
2010: Teksten Brulboeioargelkonsert, Hoite Pruiksma
2012: Teksten Oere noch tiid, by 100 jier Mingd Koar Grou

Toaniel
2009: Teksten Circus Mouww/BUOG, tegearre mei Pieter Stellingwerf
2011: Teksten Tetman State/ BUOG, tegearre mei Pieter Stellingwerf

Ferskaat
1983: Doch sels I (Karkribelje) (mei Meindert Bylsma, muzyk Hans ten Have, tek. Frits Klein)
1985: Doch sels II (spulje en spylje) mei Meindert Bylsma, muzyk Swami Anand Johannes (Hans ten Have), tek. Frits Klein)
1985: Doch sels III (It geheim fan it Gouden Ljocht) (mei Meindert Bylsma, muzyk Swami Anand Johannes (Hans ten Have), tek. Frits Klein)
1985: Patat Spesjaal. In lês-, sjoch-, en dochboek (mei Meindert Bylsma, Douwe Kootstra, Tiny Mulder)
2002: Ivich Underweis 125 jaar wegen, vaarwegen en kunstwerken Provincie Fryslân
2006: De stien (mei Sjoerd Bottema, Boekewikegeskink)
2007: Dat wie doe sa: skoalle (mei Akky van der Veer, Beltsjeblomrige diel 1)
2007: Dat wie doe sa: beroppen (mei Akky van der Veer, Beltsjeblomrige diel 2)
2008: Dat wie doe sa: feest (mei Akky van der Veer, Beltsjeblomrige diel 3)
2008: Dat wie doe sa: iten & drinken: (mei Akky van der Veer, Beltsjeblomrige diel 4)
2009: Dat wie doe sa: sport (mei Akky van der Veer, Beltsjeblomrige diel 5)
2009: Dat wie doe sa: sjonge & spylje (mei Akky van der Veer, Beltsjeblomrige diel 6)
2013: Dat wie doe sa: klinke en drinke (mei Lineke Kuiper, Beltsjeblomrige diel 7)
2014: Alde leafde - leafdesbrieven 1940-1975 (redaksje)

Prizen
2004: Ibby Honour List
2007: Fryske Anjer

Mear ynformaasje oer it wurk fan Baukje Wytsma 
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite

(c)Tresoar, septimber 2007