Berne: 22-04-1941, BOALSERT

Libben en wurk

Piter Yedema is berne en opgroeid yn Boalsert. Nei syn ôfstudearjen, yn de eksakte fakken, hat er op hiel wat plakken taholden. As learaar wurke er in tiidlang yn Snits en yn Ljouwert.

Hy ferbleau in tiid op Skylge, bereizge Ingelân en Skotlân en hat yn de jierren tachtich in pear kear in winter trochbrocht op Sisilië en Sardinië.
Yedema is yn de Fryske literatuer bekend as dichter, as kritikus en as polemist. Yn de perioade 1975-1979 wie er as redakteur ferbûn oan it literêr tydskrift Hjir. In wichtich part fan de skôgings en besprekken dy’t yn dy tiid yn it blêd ferskynden, wiene fan de hân fan Piter Yedema. Hy skreau krityske en eigensinnige stikken, dy’t yn dy tiid mei bepalend wiene foar de kwaliteit fan de literêre krityk yn Fryslân. Neidat er him út de redaksje weromloek, is der op dat mêd net folle mear út syn pinne kommen.

De earste ferhalen fan Yedema waarden publisearre yn Alternatyf. Letter skreau er ek skôgings foar dat blêd. Sûnt 1974 levere er bydragen yn de foarm fan skôgings, ferhalen en fersen oan Hjir.
Hy debutearre yn boekfoarm mei syn, yn eigen behear útjûne bondel: Boarring (1987). De bondel befettet in tal gedichten en oersettings út it tiidrek 1976-1982. De fersen wiene earder opnaam yn Hjir en Trotwaer. Efter yn it boek stiet in ferhanling oer it ta stân kommen fan it titelfers ‘Boarring’. De titel is ûntliend oan it fjoer fan in ierdgasflam. Yedema ferliket it suverjende fjoer fan de flam mei dy fan in rikkerich brantsje achter op ’e tún. Hy sjocht dêryn de tsjinstelling fan it hegere en it legere, fan it libben en de dea, fan it ivige en it tydlike. Fan de oersettings, gedichten fan Stefan Georg, Georg Trakl, Baudelaire en Hölderlin, steane ek de orizjinelen yn de bondel. Noch yn datselde jier ferskynde syn twadde bondel, Lieten fan de flakte (1988). Diskear net yn eigen behear, mar útjûn troch Lykele Jansma. Yn Lieten fan de flakte steane 19 saneamde villanellen. De villanel is in fersfoarm dy’t yn de fyftjinde ieu ûnstien is yn Napels. In villanel moat oan in tal fêste regels foldwaan: it fers is opboud út fiif terzinen (trijerigels), ôfsletten mei in kwatryn (fjouwerrigel). De earste rigel komt wurdlik werom yn de sechsde, tolfde en achttjinde rigel, de tredde yn de njoggende, fyftjinde en njoggentjinde (lêste) rigel. De dichter wurket mei twa rymklanken dy’t oant de ein ta folholden wurde moatte. Piter Yedema hat foar de fêste, en krusiale, 1e en 3e rigel gauris gebrûk makke fan dichtrigels fan oare Fryske dichters as Obe Postma, Piter Jelles Troelstra, Tsjits Peanstra, Douwe Kiestra en oaren.
Bysûnder, wat foarmjouwing en typografy oanbelanget, wie de útjefte fan Under oaren : 8 rondielen en fan Iepen winter, dy’t acht healvillanellen befettet. Beide, mei de hân makke, útjeften befetsje kleuretsen fan de hân fan grafikus Joop Visser.

Piter Yedema oppenearre him ek yn syn folgjende bondel, Manneboete (1992), as dichter fan de fêste fersfoarm. De bondel befettet twa sonnettekrânsen en sân oersette sonnetten fan Shakespeare. In sonnettekrânse bestiet út in syklus fan fyftjin sonnetten, werby’t de lêste rigel fan elk sonnet weromkomt as earste rigel fan it folgjende. It fyftjinde sonnet bestiet út de begjinrigels fan de foarige fjirtjin. Yedema hat de earste krânse opdroegen oan Douwe Kalma, fan waans fers ‘In blom dy’t har ûntjaan wol, middeis ier’ hy twa rigels brûkt hat as earste en lêste rigel foar it earste sonnet fan syn syklus.

Njonken syn bydragen oan Hjir skreau Yedema ek skôgings foar Frysk en Frij, Trotwaer en de Leeuwarder Courant. Foar dy krant skreau er in tiidlang kollums ûnder de titel De kommaflinter (1998-1999). Fierders leveret er sûnt 2007 bydragen oan it moanneblêd De Moanne en oan it Friesch Dagblad.

Poëzij
1987: Boarring
1987: Lieten fan de flakte : 19 villanellen
1987: Under oaren : 8 rondielen
1988: In iepen winter
1992: Manneboete : sonnetten

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite


Tresoar, 20-03-2009