Berne: 16-04-1967, dokkum

Libben en wurk

Baukje Zijlstra is berne yn Dokkum. Nei de middelbere skoalle wist se net rjocht wat se woe, wat folge wie in jierrenlange syktocht.

Baukje Zijlstra studearre oan de Academie voor Journalistiek, PABO Mariënburg yn Ljouwert, Nederlânsk oan de RUG, Kultuerwittenskippen oan de OU en oan de toanielakademie yn Brussel. Allinnich de PABO makke se ôf, se studearre ôf op Meartaligens, mei ûnder oaren in skripsje oer de ynfloed fan regionale media op it behâld fan minderheidstalen en -kultueren, ynklusyf in útwikselingsprogramma mei Wales, en in audiofisuele presintaasje oer de ynfloed fan edukative programma’s op de taalstatus fan it Frysk, ynklusyf in staazje by Omrop Fryslân.Ynearsten wurke se as korrektor by de Friese Pers, dêrnei benammen as redakteur by in ferskaat oan bedriuwen en útjouwerijen, wêrûnder Terra Lannoo yn Arnhim, LannooCampus yn Houten en Bornmeer op De Gordyk. Op dit stuit wurket se as selsstannich redakteur en skriuwer.

Underwilens skreau se yn har frije tiid ferhalen en makke se plannen foar in roman dat 'oait ferskine soe', sa't se oanjoech yn in fraachpetear [1] mei Sietse de Vries. Ynearsten fûn se har teksten net goed genôch, in miening dy't feroare doe't in ferhaal dat se opstjoerd hie yn it ramt fan in skriuwwedstriid te Arnhem nominearre waard. Sadwaande begûn se ferhalen yn te stjoeren foar de Rely Jorritsmaprris, dy't se trije kear wûn.

Yn 2009 skreau se har yn foar in kursus literêre non-fiksje, omdat se in boek skriuwe woe oer manlju dy't tsjinst wegere hiene foar de striid yn Nederlânsk-Yndië. Dat idee kaam fuort út wat har heit meimakke hie yn dy tiid, in ynternearring fan oardel jier fanwege it wegerjen fan in befel. De achtergrûn dêrfan hold Baukje Zijlstra wakker yn 'e besnijing. Lykwols, har heit wie doe al ferstoarn en fierder wie der ek gjinien mear dy't se befreegje koe. Fandêr dat se besleat om fan har boek fiksje te meitsjen, mei dêryn in line oer immen fan har eigen generaasje dy't noait wat meimakke hat. Yn niisneamd artikel sei se hjiroer: 'Kinst dyn libbensferhaal altyd opnij fertelle, kinst altyd korreksjes oanbringe. Mar as in ferhaal moai rûn is, kinst der donder op sizze dat it net kloppet. It echte ferhaal komt letter, as minsken har heldedom relativearje kinne. Dat is folle raffeliger as it earste. It moaie fan in roman is dat dy sin jout oan dat raffelige, in rûn ferhaal is net ynteressant [...]'. Uteinlik ferskynde it boek, mei as titel De koma-korrektor, yn 2018 by de Afûk.

Boarnen foar dit artikel
[1] Sietse de Vries, LC 23-03-2018 [link folget**]

Wurk


Romans
2018: De koma-korrektor

Ferhalebondels
2013: Gouden tijden, zwarte bladzijden (bydrage mei it ferhaal Sporen)
2013: It grutte foarlêsboek (mei as bydrage it ferhaal Hjerstkat)

Ferskaat

2008: Thuis in Friesland

Prizen
2013: Publiekspriis Indische Bladzijde foar it ferhaal Grenadine (yn in Fryske oersetting/bewurking ferskynd op De Moanne. (Foar link: sjoch ûnderoan)
2013: Tredde priis Schrijf je Straat #6 van Schrijvers uit (Amsterdam) Oost foar it ferhaal Vaarwel
2013: Earste priis Oersetwedstriid by de Gysbert Japicx-nominaasjes 2013 foar de oersetting fan it Frysk nei it Nederlânsk fan it gedicht De gongen út de bondel Ikader fan Eeltsje Hettinga
2013: Rely Jorritsma Priis 2013 foar it ferhaal Skrabje
2015: Tredde priis Ferhalewedstryd It Skriuwersboun foar it ferhaal Match
2015: Rely Jorritsma Priis foar it ferhaal Oer it hynder
2016: Rely Jorritsma Priis foar it ferhaal Nacht
2013: Seleleksje 25 bêste ferhalen foar de ferhalewedstriid Gouden tijden, zwarte bladzijden yn it ramt fan it boekewiketema 2013 mei it ferhaal Sporen

Nominaasjes
2012: Nominaasje foar Aan het woord! (Arnhem) mei it ferhaal Duet

Mear oer de skriuwer en har wurk
Eigen webside
De Moanne, 21-07-2016 (ferhaal Grenadine)
Hedwig Terpstra, Ensafh. 18-04-2018 (fraachpetear)

©Tresoar, 28-03-2018