Eric Hoekstra


TA DE SKULD (NOCHRIS)

Oer Durk van der Ploeg  ‘It wrede foarjier’ en Jabik Veenbaas syn haadstik oer Van der Ploeg yn ‘De lźzer is in duvel’

‘Ta de Skuld’. Dy titel hie ik boppe in haadstik fan myn resinsje fan Koos Tiemersma De mjitte set (Hjir 33-5, 2004). De titel fan dy resinsje wie ‘Skuld sūnder boete’. De boeken van Van der Ploech en Tiemersma geane beide oer ālde minsken dy’t weromsjogge op harren libben. Fansels mei oantinkens dy’t yn de literźre foarm as flashbacks ferskine. Yn Tiemersma syn De ljedder (2002) is ek immen dy’t weromsjocht op syn libben en him skuldich fielt. Dat begjint sa stadichoan in klisjee te wurden: dy skuld en dat weromsjen op it libben!
  En no is It wrede foarjier (earste printinge 1994) fan Durk fan der Ploeg krekt sa’n boek fan immen dy’t weromsjocht op syn libben en him skuldich fielt. En dan geane De ljedder en It wrede foarjier beide oer de oarloch! It sil klearrichheid ha dat Durk van der Ploeg de geastlike heit fan auteur Koos Tiemersma is: skuld, weromsjen, oarloch.
  Doe ha ik Jabik Veenbaas De lźzer is in duvel deropnei slein, want dźr stiet in essay yn mei as titel ‘Durk van der Ploeg of de fitaliteit fan de psychologyske roman’. In helder stik fan immen dy’t it hiele wurk fan Van der Ploeg trochlźzen hat. Mar de titel misliedt in bytsje. It wurk fan Van der Ploech toant net de fitaliteit fan de psychologyske roman yn syn wiidste omfieming oan. It toant allinnich de fitaliteit fan de psychologyske roman oer skuld oan! Want Veenbaas befźstiget yn syn essay dat yn suver alle boeken fan Van der Ploeg de skuld sintraal stiet. In pear oanhellingen śt Veenbaas syn wurk:

 - Oer In man en in minske: ‘De skuld, sa’t Jan dy fielt oer syn dieden, wurdt ien fan de dragende motiven yn Van der Ploech syn wurk’ (s. 80).
- Oer Een vers graf: ‘ek hjir spilet in skuldmotyf’ (s. 82).
- Oer It libbet mar amper: ‘It skuldtema stiet yn dit boek sterk op de foargrūn’ (s. 83).
- Oer De Amerikaen: ‘hy (..) lijt ūnder eangst en skuldgefoelens, tinkt oer selsmoard’ (s. 84-85).
- Oer De dei lūkt nei de jūn: ‘Wat Ay en Arend net fine kinne: folsleine frijheid fan pine, skuld en eangst (..)’ (s. 85).
- Oer De winter komt: ‘Fertriet, skuld, langstme, gemis, ūnmacht – al dy gefoelens binne oanwźzich’ (s. 89).
- Oer It wrede foarjier: ‘It skuldtema stiet yn dit boek foaroan’ (s. 91).

No, sa kin it wol ta. It wurd ‘skuld’ wurdt troch Veenbaas ek noch neamd yn ferbān mei Reis nei de Kalkman (s. 92, 94). Op grūn dźrfan konkludearret Veenbaas fleurich: ‘De psychologyske roman libbet’. Mar dat is allinnich wier foar sa fier as it in psychologyske roman oer skuld is!

Kūgel
Ja, yn It wrede foarjier stiet de skuld sintraal, krekt as yn De ljedder. It jonkje yn It wrede foarjier is ferantwurdlik foar de dea fan trije ūnderdūkers en syn heit, meidat er in bytsje knoffelich en sūnder it echt te wollen, de Dśtskers oanwizingen jout omtrint de pro-oranjens fan syn ālden en omtrint wapendropping. Hy hāldt nammentlik in kūgel by him, en ferstoppet dy yn panyk yn de būse fan in ūnderdūker. En dźrom stiet de rest fan syn libben yn it teken fan de skuld. Boppedat fielde er him ta in frommes oanlutsen dźr’t krekt dy ūnderdūker (dy fan de kūgel yn ’e jasbūse) mei frijde. Dus ek skuld oer seksuele gefoelens. Dźrby kalvinistyske ālden, in steile en stive heit en mem ‘and the damage is done’. Dat is, yn it nutedop, it plot.
  It boek is meinimmend skreaun, al hie it op bledside 134 wol ophālde kinnen. Nei it dramatysk stuit dat de Dśtskers de ūnderdūkers en de heit deasjitte, heakje siden 134-182 net folle nijs ta.
  Opfallend is ek it brek oan yntimiteit en bining tusken ālden en har bern. De jonge liket sels ek wol in ūnderduker te wźzen. En hoe ūnemosjoneel praat er oer syn ālden! Wat binne dat foar ūnminsken, dy’t har plichten foar de ūnderdukers oer blykber heger oanslagge as de plichten foar it bern oer, dat ommers in fleurige bernetiid fertsjinnet! It bernich ferrie is hast fertsjinne.

Fetisj
Nijsgjirrich is de figuer fan de dominatrix Eugene Bolman. Har kontakt mei de jonge jonge wurdt hast in sado-masogistyske sźne: ‘Doe (..) sei se stranger:  “Kom hjir”, en wiisde mei de finger tusken har fuotten.’ Mar it bliuwt stykjen yn in symboalyske oanset. Fansels lizze skuld en sado-masogisme ticht byinoar. Ommers, de dominatriks ūntlient har macht oer de masogist oan it feit dat de masogist him skuldich fielt. In modernere auteur as Van der Ploeg soe dźrom it sado-masogisme ynherint yn it tema skuld fierder śtwurke en beklamme ha. En soe er oer seksualiteit skriuwe, dan soe SM in natuerlik gefolch wźze.
  Der komme oars gauris wrede of sadistyske sźnes foar yn it wurk fan Van der Ploeg. Yn De Amerikaen fungeart it pistoal as in sadistysk symboal. Yn It wrede foarjier is de kūgel dy’t de jonge op it fjild mei wapendroppings fūn suver in fetisj, in objekt dźr’t er in syklike fasinaasje foar fielt, fundearre op in patologyske seksualiteit.

It subjektive oardiel fan de kritikus
Wźrom nei de psychologyske roman en de skuld. Lit my ris in fraach stelle. Wźr binne śs oardielen oer boeken op basearre? Lit de objektive kritearia ris gewurde, lykas taalgebrūk, kompleksiteit en al sa. De subjektive kritearia dźr’t śs literźre oardiel mei op basearre is, binne benammen basearre op wat de dominante emoasje yn in boek is en dźrmei op it wrāldbyld (noarmen en wearden), dat by dy emoasje heart.
  Ik nim in konkreet foarbyld fan in lźzer: mysels. Skuld is net myn dominante emoasje. Hoe kin ik affiniteit hawwe mei in boek, mei in auteur, dy syn noarmen en wearden, dy syn wrāldbyld fan skuld trochweakke is? Ja, as resinsint bestribje ik de objektive kritearia mei te nimmen. Dy kritearia fertelle my dat dit ien fan Van der Ploeg syn bettere boeken is. Mar ik ferachtsje it sjenre, de skuldroman. Om krekt deselde reden, omdat Van der Poeg skuldromans skriuwt, binne der safolle oare minsken, lykas Veenbaas of Tiemersma, tige optein oer it wurk fan Van der Ploeg. Miskien dat sy ferūntweardige binne oer de populźrens fan in Giphart, dźr’t skuld amper in rol spilet.
  Wźr komt de préokkupaasje mei skuld wei? Der  kinne twa oarsaken wźze. Je persoanlikheid kin no ien kear sa yninoar sitte dat skuld je dominante emoasje is. Mar yn śs tiid is skuld dochs wol wat al te populźr; soks is net tafallich. Sjoch, de skuld wurdt je mei de brijleppel fan it kristendom yngetten: in religy dy’t troch de emoasje skuld obsedearre is. Yn dy sin is Van der Ploeg in auteur yn de kristlike kulturele tradysje, en Veenbaas in kritikus yn dy tradysje. Mar no’t de wrāld minder kristlik wurdt (sekularisearring), ferliest dat type roman oan populariteit, en kinne auteurs lykas Giphart bygelyks populźr wurde, foar wa’t skuld gjin haadtema is. Sokken ha oare obsesjes, oare dominante emoasjes. En allyksa komme der dan ek resinsinten dy’t neat mear mei skuld ha ...

*

Durk van der Ploeg, It wrede foarjier (Merkelrige, Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2004). Foar it earst śtjūn yn 1994.

Boekhannel De Tille  De Tille