Lolkje Hoekstra


UNDER IT GLEZEN PLAFON

Krampachtige konstruksje yn meinimmende roman Susters fan Poortstra

Dat der yn de lêste ieu foar froulju in soad feroare is, wit elkenien. Mei syn twa grutte emansipaasjegolven is der aardich wat ferbettere. In frou yn Nederlân kin tsjintwurdich yn prinsipe alles berikke wat in man ek berikke kin. Fansels wurdt der wol omkrimmeneard op it saneamde ‘glêzen plafon’, mar ek docht út resint ûndersyk bliken dat de frou yn Nederlân mear as har susters út oare lannen foaral wurket foar de gesellichheid en om wat oars om hannen te hawwen. Hjir yn de Lege Lannen binne froulju hartstikkene ûnambisjeus, it giet harren net om goede foarútsichten, in grou lean en oansjen. En dat ferklearret ek foar in part de achterstân dy’t se hawwe yn fergeliking ta froulju yn oare lannen. It is nijsgjirigge matearje, matearje dy’t Margryt Poortstra brûkte foar har nijste roman Suster.

Har haadpersonaazje neamde Poortstra Aukje Hoekstra en se lit har de lêste ieu meimeitsje. Aukje is hast hûndert en fertelt har oerbeppesizzer oer har libben. Dat moat fan de oerbeppesizzer, Marije, want dy wol der graach in boek oer skriuwe. Se sit yn de lêste wiken foar har befalling en is benijd nei it ferhaal fan Lytsebeppe (Lytsebeppe omdat Aukje troch Ingelske sykte hiel koarte skonkjes hat). Alde Aukje wurdt sa te sizzen twongen nei te tinken oer har eigen fiere ferline, en om dy motor yn beweging te krijen nimt Marije har mei nei har berteplak Wytmarsum. Sa set Suster út ein.

IN BOEKEKAST KEAPJE

Suster giet oer fan alles en noch wat. It bestiet út fjouwer boeken. It earste - en wat my oanbelanget it meast oangripende boek - beskriuwt hoe’t Aukje oant har twaentweintichste libbe hat. Se komt út in grutte arbeidershúshâlding en reizget Har Persoanlike Takomst temjitte. Se hat dan al in karjêre as faam yn de húshâlding achter de rêch, hat freselik ferlyfd west op ien fan har bazen en dy ek op har. Mar hy wie troud en sy ferloofd, dat it koe net. Eins tagelyk krige har ferloofde diftery en stoar, dat se wie frij. Der is op dat stuit in grut ferlet fan help yn psychiatryske sikehuzen en se wurdt oannommen op Veldwyk by Ermelo. In goed kristlike ynstelling. Troch te kiezen foar it wurk as suster kin se fuortkomme fan har ferline. Se fielt har der skurf oer dat se eins net mear trouwe woe mei har ferloofde en dat dy syn dea eins geweldich goed útkaam. Wylst se op reis is nei Ermelo oertinkt se har ferline en dreamt oer har takomst.

‘Hjir sit Aukje en se sil it libben sels yn hannen nimme. Ik ha gjin ferlet mear fan manlju dy’t foar my beslute, dy’t my al of net reitsje, yn it hert of oan it liif. Gjin âlden mear dy’t it bêste foar my wolle, gjin bruorren of susters dy’t my riede, ôfriede. Gjin boer dy’t de hannen net thúshâlde kin of in frou dy’t my net fertrout en my delbûgjend brûke kin foar har eigen frustraasjes. Ik sil sels bepale wat ik wol.’

En Aukje wit skoan wat se wol. As se in skoft wurke hat en wat jild hat, dan wol se reizgje, en in boekekast keapje. Mar foarby Swol feroaret it lânskip, Aukje skoot troch The Bible Belt. Om eins al te fielen wat der komme sil.

‘Lytse pleatsen seach ik ûnder Swol, reiddutsen huzen mei hokjes deromhinne. Ik soe de wide wrâld yn, mar alles krimpt. Mei de foarholle tsjin it glês besykje ik foar de trein út te sjen nei wat komt, mar it slagget my net. As Hurderwyk west hat hinget de wein in skoft skean as moasten wy hjir troch in bocht dy’t de trein hast net hâlde kin. It bosk brekt even iepen en ik sjoch fjilden mei einepiken, lytse, suterige spultsjes. In smoarge rook lûkt de kûpee yn. It kriezjende lûd fan ’e remmen, skokjes, in leger ritme en it útriden. Beammen, in pear grutte huzen, in perron. Stasjon Ermelo-Veldwyk. Teplak.’

STRUNE TUSKEN DE GREVEN

It twadde boek bringt ús wer yn it hjoed, mei lytsebeppe Aukje en Marije. Aukje fertelt hoe’t it mei har libben fierder rûn, nei Veldwyk. Dat se troude mei in man dy’t har gjin waarmte joech, mar wol geastlike ferriking en frijheid. Se fielden har thús by de Woodbrookers. Marije en har oerbeppe strune oer it âlde begraafplak fan Veldwyk en dêr leit ek Wil van Gogh, ja, de suster fan, begroeven. Marije fynt dat machtich, wol alles oer har witte, mar Aukje moat hiel bot grave om wer wat oer har boppe te krijen. Se wit noch wol dat se pasjint fan har wie, dat se har fersoarge hat. Der is wol in bondeling brieven fan Vincent en Theo dêr’t ek wat brieven tusken Wil en Vincent yn steane en dy hat Aukje. Se geane ek nei in útstalling fan Van Gogh syn skilderijen. Om derachter te kommen dat dy neat te krijen hawwe mei Wil.

Yn it tredde boek wurdt der in rekonstruksje fan it libben fan Wil, de suster fan Vincent, makke. Se waard nei de dea fan har twa broers sels siik en foar it libben opnommen yn Veldwyk.

Yn it fjirde boek giet boek ien fierder. It beskriuwt hoe’t Aukje ien foar ien al har moaie dreamen ferliest. De realiteit yn it sikehûs is in hurden. Aukje kin der net goed oer.  Ek kin se der net oer dat se oeral yn beheind wurdt, se kin dêr net lêze wat se wol, se hat gjin frije tiid, der is gjin romte foar diskusje. Se is yn en ynwurch, kin der net mear oer dat de pasjinten net gewoan sels op tiid har brochje ferstouwe en nei’t se totaal oerspand in rare slipper makket by it bêd fan Wil en raar falt, is it dien. Se hâldt dermei op en giet by in dûmny yn ’e hús wurkjen. Dêr treft se in akademysk klimaat, leart har man Fonger kennen.

Dat is op himsels al in soad. Mar noch net genôch. Yn dizze konstruksje hat Poortstra ek noch de brieven opnommen dy’t Aukje skriuwde oan har broer Metske dy’t nei Amearika gongen is. In bytsje deiboekachtige epistels binne it. En Metske skriuwt har brieven werom oer it libben sa’t hy it himsels dreamt. Ek is der noch plak foar de wrâldfrjemde hersenspinsels fan Wil as dy al siik is.

GJIN BETROUWEN YN HAADPERSOAN

It is gewoan tefolle. De yngewikkelde konstruksje dy’t Poortstra keazen hat, docht de fertelling op himsels gjin goed.

It hat der alle skyn fan dat Poortstra by it sykjen fan ynformaasje op Veldwyk by tafal Wil van Gogh tsjinkaam en dat dat har net mear loslitte woe. Wil is der oan it hier byskuord. Yn it ferhaal fan Aukje is se eins net iens in personaazje. Fansels, it stik oer Wil is hiel goed skreaun en je soene in ûnmins wêze as je it net hiel, hiel slim fine soene allegear. Mar dramatysk sjoen is se net in ynteressant personaazje. Dêr is se gewoan te siik foar. De sênes yn it sikehûs mei de pasjinten meitsje Wil ek net spesjaler as de oaren. Se wiene allegear siik en dat wie swier foar it personiel. In bytsje One flew over the cuckoo’s nest, mar dan oars. Dêr helpt gjin ferneamde broer oan. It ferhaal, de ûntwikkelingen lizze yn Aukje. Dy Wil-eksersysje makket dat net minder, foeget ek neat ta, mar soarget wol foar in krampachtige oandwaande konstruksje. 

Poortstra docht har best om in rjochtfeardiging te finen, dat dizze froulju wol yn deselde roman thúshearre, mar it bliuwt hiel, hiel fier socht. Fansels, se hawwe yn deselde tiid op Veldwyk west. En se hawwe beide it gefoel dat as se har mar frij ûntjaan kinne soene, deselde kânsen hawwe soene as manlju of minsken út de hegere laach, en dat se dêr better fan wurde soene. En ja, beide froulju hawwe in broer dêr’t se mei ferbûn binne. Dat se binne alletwa suster fan.

Dêrmei hâldt it wol sa’n bytsje op. Fan in waarme bân tusken Aukje en har broer Metske is dúdlik sprake. Aukje hat wat oan Metske, of yn alle gefallen oan it geduldige papier dat se him tastjoert. Metske is in dreamer, in waarm en libben mins, hy trout gewoan, giet leafdesrelaasjes oan yn syn fierdere bestean. Mar yn it gefal fan Wil leit dat net sa helder. Vincent fan Gogh wie in man dy’t genôch hie oan himsels. Ek al seit Vincent ergens tsjin Wil dat sy de suster is dy’t er it leafste hat, dy útspraak komt wierskynlik net omdat er ek echt wat mei har hie. Syn oare twa susters hie er gewoan noch minder mei.

Yn de roman sels seit Aukje noch tsjin Marije dat se better in boek oer Wil skriuwe kin, mar Marije fynt dy hiele Wil-fynst te moai om wier te wêzen. In treffer! Se sil dy ferarbeidzje yn it boek dat se oer lytsebeppe har suster-tiid skriuwe sil. Oan ’e ein hopet Aukje dat Wil, mocht der in himel wêze, en se komme inoar wer tsjin, dat se dan bliid wêze sil dat se har foar it ljocht helle hawwe. Se stelt har in petearke oan de oare kant foar, en foaral dat Wil har tankber is dat se har foar it ljocht helle hawwe. Mar Wil lûkt oan de skouders en seit: ‘Wat makket it úteinlik út wat wy achterlitten ha. Dy’t nei ús komme rêde har der mar mei’.

It is krekt as hie Poortstra gjin betrouwen yn Aukje. As wie Aukje te min om de roman te dragen. En dat is sa fier neist de wierheid. Aukje har ferhaal is sa sterk en sa geweldich dat it trochgean moatten hie. Hoe’t Poortstra yn it earste boek leafdefol en sekuer Aukje, har ferline en de relaasjes mei de minsken om har hinne delset, is wol sa goed. Dat rûkt ergens nei, dat hat tûzen kleuren, dat libbet, dat wringt, dat is sûnder mis sa sublym skreaun dat der noch twahûndert siden minstens achteroan komme moatten hiene. Allinnich foar har.

WAT AMBYSJE WOL EN NET BRINGT

Aukje har ferhaal makket nijsgjirrich. Ek it fjirde boek, as Aukje as suster op Veldwyk wurket en it hyltyd minder mei har giet, is prachtich. En net genôch.

Hoe’t it mei Aukje fierder rûn wurde wy wol gewaar yn it twadde boek, mar dat is  stikken minder útwurke. Se komt yn it yntellektueel fermidden dêr’t se sa’n honger nei hie, mar mist de waarmte. Se sjocht mei jaloerske eagen nei minsken dy’t wol leafdefolle ferhâldingen oangean, se wit om de donder wol wat se mist, mar sakket net yn selsbegrutsjen fuort. Hûndert jier iensumheid, sis mar.

Aukje hie better fertsjinne. Sels ferwurdet se it sa: ‘No’t Marije en ik op ’e plakken fan myn jonge jierren west hawwe en fleagen út dy tiid oan my foarbylûke wit ik wer wat úteinlik it wichtichste foar my wie as bern. Net de ideeën, it leauwen of de polityk, mar de waarmte yn ’e lytse keamer fan it arbeidershúske, de leafde fan heit en mem, de nachten mei de earm fan Renske om my hinne, de switterige hân fan Metske yn dy fan my’.

Nuver, dat ‘as bern’ dertusken, mar goed. Even letter seit se: ‘Wat my úteinlik oereinhâlden hat en noch hâldt – no’t alles wat ik earder sa ynteressant fûn sa belangryk net mear is – is de leafde fan ’e minsken om my hinne, fan ’e bern, de bernsbern, fan sa’n ien as Marije. Wêr’t ik bliid mei bin is myn sûnens fan lichem en geast, hielendal om’t ik sjoen ha hoe’t it oars kin’.

Ja, earlik is earlik, beppe Aukje ferfalt wolris yn herhaling, mar dat dogge beppes no ienkear en dat mei yn dizze roman.

Undanks de krampachtige konstruksje dy’t Poortstra nedich hie om Wil tusken it omslach te krijen is Suster in ynnimmend en meinimmend boek. Want wat is it moai skreaun en wat is it de muoite fan it lêzen wurdich. Absolút in weardich ûnderdiel fan har oeuvre. Mei libbene froulju dy’t útfine wat ambysje en ûntwikkelingsmooglikheden je wol en net bringe. En dy’t derachter komme wêr’t dan wol de geloksmomenten lizze en dy’t de kânsen op leafde bytiden gripe en bytiden slûpe litte.

Ach gewoan, fan dy dingen dy’t de hjoeddeiske frou yn Nederlân blykber al yn it snotsje hat.

*

Margryt Poortstra, Suster (Utjouwerij Frysk en Frij, Ljouwert 2004)
205 siden