Yn 1822 ferskynde it boekje De lapekoer fan Gabe Skroar. Earst wie net dúdlik wa’t it skreaun hie, mar al rillegau die bliken dat it fan de hân fan de bruorren Halbertsma’s kaam. De lapekoer waard populêr, dus der ferskynden noch mear útjeften en it waard letter ûnderdiel fan it ferneamde sammelwurk Rimen en teltsjes. Twahûndert jier nei it ferskinen wurdt op it wittenskiplik kongres ‘Frisian Humanities’ yn septimber omtinken jûn oan de teksten en de skriuwers en wurdt der op sirkwy.frl in dossier oanlein.

De twadde Konferinsje fan de Fryske Geasteswittenskippen wurdt holden fan 14 oant en mei 16 septimber yn it WTC te Ljouwert. It tema is ‘De fearkrêft fan it Frysk’ en neist haadsprekkers binne der temablokken oer ferskate ûnderwerpen. Mei de Fryske Akademy organisearret Tresoar in blok oer 200 jier De lapekoer. In pear sprekkers litte har ljocht skine oer it bysûndere literêre wurk fan de Halbertsma’s. Op de literatuerwebside Sirkwy ferskine fan ’t hjerst ferskate stikken oer it tema, ûnder oare troch de sprekkers op it kongres.

Sa wurde op it kongres en op Sirkwy ferskate aspekten útljochte, mar wat is De lapekoer no? De earste útjefte bestiet út seis fersen en ien proazastikje. It is in saneamde ramtfertelling mei as sabeare skriuwer Gabe Skroar. Gabe wie in gewoane boeresoan, mar wie kreupel en waard dêrom skroar (kleanmakker). Hy koe nuver prate, mar rymje lei him wol. Nei syn jong ferstjerren kamen stikjes tekst foar it ljocht dy’t dus útjûn waarden. Gabe wie soms ek personaazje, kommentator of tahearder. Sa’n ramtfertelling waard faker brûkt troch skriuwers. Gabe wie dus net echt de skriuwer, mar in fynst fan de Halbertsma’s.

Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869) en Eeltsje (1797-1858) binne faaks de bekendste fan de bruorren. Lykwols skreau Tsjalling (1792-1852) ek teksten, mar wol minder. De bruorren kamen fan Grou en ûntjoegen har as wittenskippers, taalgelearden, keaplju en dûmnys. De teksten foar De lapekoer út 1822 kamen foaral fan Eeltsje en Joast wie ferantwurdlik foar it útjaan, de distribúsje en korreksje. It boekje wie net yn de hannel, mar waard as kado útparte oan freonen en kunden.  

Nei 1822 skreaune de bruorren mear teksten dy’t yn de lapekoer bedarren. Yn 1829 ferskynde in twadde útjefte dy’t mânsk grutter is en de tredde útjefte út 1834 hat noch mear teksten. Der binne ferskate bysûndere eksimplaren fan dy printingen bewarre bleaun by Tresoar. Sa is der in unyk eksimplaar út 1822 mei in hânkleure print fan Dimter, dat foar de gûverneur fan Fryslân wie. Yn in oar eksimplaar út dat jier binne oantekens fan Joast Halbertsma sels bewarre. It binne faak tekstuele oanpassingen yn bygelyks stavering, dy’t yn de ferzje fan 1829 ferwurke binne.

Yn dy tiid wie de skriuwwize foar it Frysk noch net sa fêstlein as foar bygelyks it Nederlânsk. Dat makket dat benammen Joast Halbertsma in soad mei de taal dwaande wie en prikken yn it wurk stelde om ta in standert te kommen. By de útjefte fan 1834 hat er, yn it Nederlânsk, in ynlieding skreaun oer it Frysk en taalferoaringen. Bygelyks: “Hoe ouder eene taal wordt en hoe langer zij dus gesproken is, hoe meer slijtagie zij krijgt; in de medeklinkers laat zich dit het duidelijkste gevoelen...”  

Dat Joast de stavering oanpaste yn de rin fan de jierren hat ek te krijen mei it útgongspunt dat teksten gaadlik wêze moasten foar sawol de leger- as de hegerein. De taal waard dêr op oanpast, mar ek it brûken fan ferskate sjenres, stilen en techniken as satire. Dêrneist wie Gabe in gewoane jonge, dy’t troch elkenien begrepen wurde koe.

Alpita de Jong ornearret yn har biografy oer Joast Halbertsma út 2018 oer Gabe: “Die imaginaire kreupele Friese kleermaker werd zijn muze.” (s. 96-97). De publikaasjes oer dy muze wurde no sjoen as it begjin fan in nije Fryske literêre tradysje, mei’t yn de jierren dêrnei signifikant mear Frysktalige útjeften ferskine as yn de tiid dêrfoar. Dêrom wurdt dy perioade faak oantsjut as it begjin fan de Nijfryske literatuer.

Mear ynformaasje oer de Frisian Humanities is te finen op: https://frisianhumanities.frl/.