Op it kongres 'Frisian Humanities' wiene der lêzings wijd oan 200 jier De lapekoer. Hein Jaap Hilarides hold doe in lêzing oer de tematyk dêr't ûndersteande stik fan him ek oer giet. Foto: Tekening fan Ids Wiersma by it fers 'De Boalserter merke'.
Nei de fal fan Napoleon feroare der yn Europa ek in soad op it mêd fan de taal- en letterkunde. Yn de earste helte fan de 19e iuw kaam de literatuer yn it ljocht te stean fan de ‘nije’ nasjonale identiteiten. Presys yn dy tiid skreaunen de bruorren Halbertsma harren earste wurk. Foar de Fryske literatuer wienen de âldste broer Joast en de jongste Eeltsje it wichtichst. Joast wie taalkundige, skriuwer en predikant, en Eeltsje dokter, dichter en skriuwer. Beide bruorren hienen studearre: Joast yn Amsterdam en Eeltsje yn Leien en in heal jier yn Heidelberg. De brede kennis dy’t se yn harren stúdzjetiid garre hienen, soenen se bondelje mei harren leafde foar de folksaardige kultuer fan Fryslân.
Ut dizze mjuks fan geleardens, kennis fan folksferhalen en folkslietsjes, ferheljende en dichterlike fantasy, en kennis fan en leafde foar de Fryske taal en kultuer is harren earste publikaasje yn it Frysk ûntstien: De lapekoer fan Gabe Skroar. Dit boekje soe útgroeie ta it tsjokke Rimen en Teltsjes, in standertwurk yn de Fryske literatuer mei prachtige printen fan Ids Wiersma. Yn dit masterwurk wurdt de figuer fan Gabe Skroar skepen. Hy is ek de nammejouwer fan de oarspronklike bondel ferhalen en gedichten.
Hoe is de figuer Gabe eins ûntstien? As Eeltsje ôfstudearre is as dokter krijt hy in praktyk yn Purmerein. Hij krijt dêr ek ferkearing, mar sawol de leafde as de dokterspraktyk rinne op ’e non. Eeltsje krijt in jichtoanfal en ferhuzet nei Grou. Yn dy snuorje skriuwt hy in tal gedichten. Hy stjoert it wurk nei Joast. Dy skat de fersen fan syn jongste broer op wearde en lit se printsje. Joast presintearet se as soenen se skreaun wêze troch Gabe Skroar, in kleanmakker dy’t stoarn is en syn fersen yn in lapekoer bewarre hat. Mei dit wurdsje fan Joast foarôf set De lapekoer fan Gabe Skroar útein.
It iepeningsfers of -nûmer – de ‘hit’ fan de bestseller De Lapekoer – is De Boalserter merke (fan Hoatse mei syn Wobbel). It is wol nijsgjirrich om nei te gean wat de boarne fan dizze tekst is. Eeltsje Halbertsma past in prosedee ta dat hy yn folle mear fan syn teksten tapast. Yn de tiid dat Eeltsje yn Heidelberg studearre – hy wie doe ienentweintich – wie der in taalbeweging ûntstien ta geunste fan gouspraken of dialekten. Ien fan de ynspirators fan dy beweging wie Johann Peter Hebel. Dizze dichter joech yn 1803 in bondel gedichten út yn in dialekt fan it Hochdeutsch. De titel fan dy bondel wie Allemännische Gedichte. Für Freunde ländlicher Natur und Sitten. De gedichten en lieten wienen in grut súkses en letter, yn de dagen nei Waterloo, setten se oan ta in genegenheid foar de eigen folksgeast, folksseden en folkstaal. It kin net oars of de bruorren Halbertsma moatte dizze bondel fan Hebel kend hawwe, want De Boalserter merke is ynspirearre op Hans und Verene fan Hebel. Eeltsje Halbertsma feroaret de nammen fan Hans en Verene yn Hoatse en Wobbel. Mei de namme fan Wobbel ferwiist de dichter nei Wobbelke fan Gysbert Japicx.
De earste kear dat Gabe oan it wurd is, is nei ôfrin fan dit ferneamde ferske De Boalserter merke. Gabe giet alle jierren nei de Boalserter merke ta en dêr hat er dat sankje skreaun. Nei de merke giet er as lêste troch de poarte de stêd út. Nei in hoartsje komt him ‘in siktaris mei in oeribel tsjokke wynbealch’ yn ’e mjitte. De man freget him: ‘Jongetje, zou ik nog door de poort kunnen?’ ‘Jawol, hear!’ seit Gabe. ‘Daalk is der noch in weide hea mei twa grouwe hynders sûnder kantroeren trochriden.’
It is dúdlik dat Gabe aardich mûlryp is. It is in biisfeint en hy kin nuver prate en sjonge. En ‘al wat er sizze woe, koe er yn rym sizze’. Gabe syn styl fan praten falt fuort op. Mei in lichte toan kleurt Eeltsje it karakter fan Gabe yn. Mei op it each ienfâldige wurden en sinnen makket hy de dingen fan it libben foar elkenien begryplik. Wy fiele en priuwe de wurden; dat is de kracht fan de Halbertsma-taal.
Twa iuwen letter moatte wy noch om Gabe laitsje, om syn humor dy’t gauris groteske foarmen oannimt. Syn each foar it komike wurket gear mei syn orizjinele fantasy en soarget foar in ôfgryslike komyske kracht. Dochs hat de figuer fan Gabe ek in mankelike toan, dy’t eins troch it hiele wurk hinne klinkt. Skriuwer Eeltsje is as in geweldige fioelist dy’t in fleurich deuntsje spilet, dat troch de wat treurige toan dy’t hy út syn ynstrumint hellet altyd wer klinkt as in hast mankelyk sankje.
De Rimen en Teltsjes binne skreaun en gearstald yn de jierren tweintich oant en mei de jierren sechstich fan de 19e iuw. Yn dizze perioade kaam it Fryske skriuwen op stoom. Gongmakkers yn de kreaasje fan in folkseigen literatuer wienen de Halbertsma’s. Sy lieten sjen wat der yn en mei it Frysk koe. En yn ’e jierren sechstich fan de 19e iuw ûntstiet der sels in begjin fan serieuze Fryske romanskriuwerij fan skriuwers as Hjerre Gerrits van der Veen, Waling Dykstra en Tjibbe Gearts van der Meulen. Gabe hat as romantysk figuer grif in foarbyld west foar dizze Fryske skriuwers. Yn de rin fan tiid hat hy syn wei nei hiele generaasjes skriuwers en lêzers fûn.
Gabe is lykwols net in oan alle einen en kanten útwurke personaazje, mear in oanset dêr ta, in skets fan hege kwaliteit, dat wol. Hy wie op ’t lêst al dea foardat syn ferhaal begûn. Ek de Rimen en Teltsjes binne stikje foar stikje ûntstien, en Gabe is dêr wer in lyts partsje fan. It boek is wol mei him begûn, hy is de boarne. Mei Gabe yn de achterholle hawwe de bruorren de Rimen en Teltsjes opboud. It is in bouwurk wurden fan poëzy, proaza, rym en ûnrym; it is in mjuks fan de meast ferheven gedachten en teksten en de leechste en banaalste gedachten en siswizen; it is in mozayk fan de Fryske maatskippij fan harren tiid.
Literatuer
Feitsma, A., Tussen Hemsterhuis en Grimm. Joast Hiddes Halbertsma als taalkundige, Fryske Akademy Nr. 1060, Ljouwert 2012
Halbertsma, J. en E., Rimen en teltsjes, A.J. Osinga N.V. Boalsert / R. van der Velde Ljouwert 1958
Halbertsma, J., Hulde aan Gysbert Japiks. 2 dln., Bolsward, 1824 - Leeuwarden 1827
Hilarides, H.J., De canon van de Friese liedboeken. Verfriezing als liedmotief, Doctoraalscriptie Friese Taal- en Letterkunde, 2008
Jensma, G., Het rode tasje van Salverda. Burgerlijk bewustzijn en Friese identiteit in de negentiende eeuw, Fryske Akademy Leeuwarden 1998
Jong, A. de, Knooppunt Halbertsma. Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869) en andere Europese geleerden over het Fries en andere talen, over wetenschap en over de samenleving, Verloren Hilversum 2009
Jong, A. de, Hilarides, H.J., Wereldburgers uit Grou/De aventoeren fan Gabe Skroar, Stichting Gabe Skroar Grou 2018
Studia Frisica. In memoriam prof. Dr. K. Fokkema 1898-1967, Fryske Akademy Nr. 332, Wolters-Noordhoff n.v. Grins 1969