Sneon 30 maart is der in literêre jûn mei de skriuwer fan it boekewikegeskink ‘Jas van belofte’ Jan Siebelink, Jetske Bilker dy’t it boek oerset hat yn ‘t Frysk, de Dichter des Vaderlands: Tsead Bruinja en de Dichter fan Fryslân: Eeltsje Hettinga.

Dizze jûn, dy’t hâlden wurdt yn dûnsskoalle Saco Velt yn Ljouwert, is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân en is de ôfsluter fan de Moanne fan it Fryske boek.
Boeken fan Fryslân is in promoasjekampanje foar alle Fryske skriuwers en útjouwers, mei as doel om mear minsken Fryske boeken lêze te litten.
Kaarten foar de literêre jûn binne te krijen fia de websjop fan de Afûk.
In jûn foar lêzers, skriuwers, boekeleafhawwers, boekhannelers, útjouwers, keunstners, keunstleafhawwers en elk dy’t it goed foar hat mei taal en Frysk yn ’t bysûnder.