Tongersdei 12 desimber, 19.30: Lêzing oer froulju yn de Fryske literatuer troch Babs Gezelle Meerburg en Lida Dijkstra, mei in muzikaal yntermezzo fan Tet Rozendal en Tseard Nauta.
Babs Gezelle Meerburg is dosint Frysk oan de NHL. Sy sil fertelle oer hoe’t Waling Dykstra Fryske skriuwsters oanset hat ta it skriuwen en it publisearjen. De rol fan Waling Dykstra wie sawisa al tige stimulearjend foar literatuer en toaniel.
Sjongeres Tet Rozendal makket har comeback op de Fryske planken, dêr’t sy earder op skittere as Mata Hari en as Lily Marlene. Diskear fersoarget sy in koart optreden mei in stik as wat lieten fan Waling Dykstra. Sy wurdt dêrby begelaat troch har pianist Tseard Nauta.
Lida Dykstra is in Fryske skriuwster dy’t libje kin fan ‘e pinne. Sy publisearret sawol yn it Frysk as yn it Hollânsk. Lida is boppedat skoalskriuwster om bern te stimulearjen om te skriuwen. Sy siet lêsten 25 jier yn it fak en kin dus grif genôch fertelle oer hoe’t it is om full-time skriuwer te wêzen yn dizze tiid.
Op de foto: Lida Dykstra. foto: Tresoar, Haye Bijlstra.