Yn 2021 wurdt de Gysbert Japicxpriis, de heechste literêre priis yn Fryslân, wer takend. Yn 2019 krige Aggie van der Meer de priis foar har folsleine oeuvre. Diskear giet de priis nei in dichter dy’t wurk publisearre hat yn de perioade 2017 oant en mei 2020, mei-inoar binne dat sa’n fyftich dichtbondels. De advyskommisje, besteande út Nynke Heeg, Hein Jaap Hilarides en Jannes van der Velde, binne drok oan de gong. Yn de earste wike fan novimber stiet de Gysbert Japicxpriis en de winner sintraal by in oantal aktiviteiten. Op 6 novimber wurdt de priis útrikt yn in feestlik programma. Tresoar fiert út namme fan Provinsje Fryslân de organisaasje fan de priis út. 

Skriuw de neikommende data foaral op yn dyn bûsboekje. Fierdere ynformaasje folget yn de rin fan de tiid. It oersjoch is ûnder foarbehâld fan feroarings dy't bygelyks te krijen hawwe mei koroana. 

Moandei 1 novimber 
De wike wurdt iepene mei in literêre jûn yn Tresoar.  
 
Woansdei 3 novimber 
Yn Boalsert sil der middeis in aktiviteit wêze.  
 
Freed 5 novimber 
De jûn foar de útrikking is der yn Ljouwert in nijsgjirrich literêr programma mei ferskate optredens fan dichters en muzikanten.  
 
Sneon 6 novimber 
Op sneon wurdt de priis yn Boalsert útrikt en is der in resepsje.