De Gysbert Japicx Holckema Stichting presintearret:

TIIDGENOATEN Teäterkonsert
14 oktober-24 oktober 2021

Dêr’t ferline en no inoar reitsje

Sjongeres en komponist Hiske Oosterwijk (1989) skreau nije komposysjes op it santjinde-iuwske wurk fan dichter en skriuwer Gysbert Japicx. De âlde teksten komme sa op 'e nij ta libben en steane garant foar in bysûndere jûn yn de karakteristike Broeretsjerke yn Boalsert. Yn Tiidgenoaten ferdwine de ferskillen tusken Gysbert en Hiske as de twa inoar fine yn de leafde foar taal en muzyk. Dêr moetsje sy inoar. It werkennen wurdt allinne mar grutter as se deselde wrakselingen blike te hawwen, yn de syktocht nei autentisiteit. Jildt dizze syktocht net foar elkenien?

It teäterkonsert is in autentike kombinaasje fan moderne jazz en kwalitatyf heechsteande teksten yn in frisse eigentiidske toansetting. Dat de 400 jier âlde teksten fan Gysbert Japicx op 'e nij it deiljocht fine sille, op it plak dêr't syn roots lizze, sil in histoarysk momint wêze. De fiertaal fan it teäterkonsert is Frysk.

Tresoar is partner yn it teäterkonsert.

Tickets
Webside