Wa’t (mear) yn it Frysk skriuwe wol, is wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in nije gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. Op tiisdeitejûn 12 oktober is der in yntroduksjeles by Tresoar yn Ljouwert. Op woansdeitejûn 3 novimber sette dêr de lessen útein.

It earste lesblok fan de Skriuwersfakskoalle is Skriuwtechniken. Hjir stean de eigen skriuwstyl, leare om te eksperimintearjen, om te doaren, om it Frysk as skriuwtaal te brûken sintraal.

De 12 lessen fan lesblok Skriuwtechniken wurde jûn troch skriuwdosint Welmoed Wijma. De lessen binne op woansdeitejûn fan 19:00 oant 22:00 oere by Tresoar yn Ljouwert (ûnder foarbehâld fan feroarings): 3, 10 en 24 novimber; 1, 15 en 22 desimber 2021; 12 en 19 jannewaris; 2 en 16 febrewaris; 2 en 16 maart 2022.

Op de Skriuwersfakskoalle krigest les fan skriuwers en learst fan inoar. Praatst oer de taal, oer de tekst, learst inoar op goede wize kommentaar te jaan. Bist part fan de kultuer fan de skoalle.

It lesjild is gewoanwei € 480,- it blok, mar dit earste blok kin no mei tank oan in opstartbydrage fan Ljouwert City of Literature foar € 240,- folge wurde. Ynskriuwe kin op www.skriuwersfakskoalle.frl

Op tiisdeitejûn 12 oktober fan 19:00 oere oant 21:00 oere is der, nei in eardere yntroduksjeles yn septimber, noch in yntroduksjeles by Tresoar yn Ljouwert. Opjaan foar dizze fergees yntroduksjeles kin troch in e-mail te stjoeren nei Dit e-mailadres wurdt befeilige tsjin spambots. JavaScript moat ynskeakele wêze om it te besjen..