Op moandei 1 novimber is der yn Tresoar in literêr programma yn oparbeidzjen mei tydskrift De Moanne. Op dy jûn draacht Raymond Muller foar út it wurk fan Eeltsje Hettinga en fersoarget Arjan Hut in skôging oer it dichtwurk fan Hettinga. Wiebe Kaspers soarget foar muzyk en de presintaasje is yn hannen fan Amarins Geveke. In moaie jûn dus om foar it earst of better yn de kunde te kommen mei de nijste Gysbert Japicxpriiswinner.
Ynrin 19.30 oere, begjin 20.00 oere.
Wolsto wis wêze fan in plakje? Ferjit dan net dy yn 't foar oan te melden.