Graach nûget Tresoar jo út foar in sympoasium ta eare fan Geert Aeilco Wumkes (4 septimber 1869 – 7 maaie 1954). Wy steane stil by de 150e bertedei en de 65e stjerdei fan in man dy’t yn de earste helte fan de 20e iuw ien fan de dragers wie fan Fryske taal en kultuer. In fassinearjend man dy’t allegearre funksjes en aktiviteiten op syn namme skreau en ek no noch in boarne fan ynspiraasje foar ús is. Fan 1924-1949 wie er bibliotekaris fan de Provinsjale Biblioteek fan Fryslân, ien fan de foargongers fan Tresoar.

Op 15 juny 2019 is der wer in spesjale poëzyjûn yn de Aldehou, de bekende skeve toer fan Ljouwert. In jûn mei dichters, ferhalenfertellers  en muzyk. Oan it begjin fan de jûn drage trije learlingen fan OBS De Oldenije in sels skreaun gedicht foar.

It talepaviljoen MeM fan Kulturele haadstêd 2018 stiet no yn Bûtenpost, by de Muzykpleats, Egypte 16A. Op woansdei 29 maaie om 20.00 oere wurdt dêr yn de Keunstwike fan Achtkarspelen in program oanbean. Twa djipteynterviews mei skriuwers Hein Jaap Hilarides en Willem Abma. Der binne ek foardrachten troch de skriuwers en it publyk kin fragen stelle.

De bedoeling is dat besikers nijsgjirrige achtergrûnynformaasje oer Fryske skriuwers en Fryske boeken krije. Mear ynfo