Tongersdei 13 febrewaris lêze tsien Friezen foar út de moaiste gedichten en boekfragminten oer it Fryske lânskip, mei muzikale ymprovisaasjes fan Tseard Nauta. De aktiviteit is ûnderdiel fan de programmearring by de tentoanstelling ‘Uneinige beweging’, oer keunstner JanMurk de Vries.

De Vries hat sels skilderijen makke by gedichten fan de dichter Sybe Krol. Foar dizze jûn binne tsien Friezen frege om harren moaiste lânskipsgedicht út te sykjen en hjirút foar te dragen. De bydragen binne fan: Wopkje Bergmans, Teake Oppewal, Froukje de Jong-Krap, Willem Winters, Pytsje de Graaf, Douwe Kootstra, Femmie van Veen, Willem Verf, Alex de Jager en Pieter Stellingwerf.

Muzikant Tseard Nauta makket in frije ymprovisaasje fan elke bydrage.
De jûn is frij tagonklik. Oanmelde wurdt op priis steld.

Datum: tongersdei 13 febrewaris
Tiid: ynrin mei kofje en tee om 19.30; start: 20.00 oere
Lokaasje: Obe. Heer Ivostraatje 1, 8911 DP Ljouwert.

De Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, presintearret in jûn yn it Wâldfrysk, mei gedichten, ferhalen en muzyk. Der binne ek optredens troch Johan Veenstra, dy't fertelle sil yn it Stellingwarfs, en Hein Jaap Hilarides, dy't it Biltsk brûkt. Sy sille de ferskillen fan dy taalfarianten hearre litte en fertelle oer de komôf.

De jûn is yn De Lawei te Drachten en begjint om 19:30 oere. Kaarten binne te krijen by De Lawei.
De foarstelling wurdt mei mooglik makke troch Tresoar.

Foto: Jacob van Essen.

Tongersdei 12 desimber, 19.30: Lêzing oer froulju yn de Fryske literatuer troch Babs Gezelle Meerburg en Lida Dijkstra, mei in muzikaal yntermezzo fan Tet Rozendal en Tseard Nauta.

Babs Gezelle Meerburg is dosint Frysk oan de NHL. Sy sil fertelle oer hoe’t Waling Dykstra Fryske skriuwsters oanset hat ta it skriuwen en it publisearjen. De rol fan Waling Dykstra wie sawisa al tige stimulearjend foar literatuer en toaniel. 

Sjongeres Tet Rozendal makket har comeback op de Fryske planken, dêr’t sy earder op skittere as Mata Hari en as Lily Marlene. Diskear fersoarget sy in koart optreden mei in stik as wat lieten fan Waling Dykstra. Sy wurdt dêrby begelaat troch har pianist Tseard Nauta.

Lida Dykstra is in Fryske skriuwster dy’t libje kin fan ‘e pinne. Sy publisearret sawol yn it Frysk as yn it Hollânsk. Lida is boppedat skoalskriuwster om bern te stimulearjen om te skriuwen. Sy siet lêsten 25 jier yn it fak en kin dus grif genôch fertelle oer hoe’t it is om full-time skriuwer te wêzen yn dizze tiid. 

Op de foto: Lida Dykstra. foto: Tresoar, Haye Bijlstra.

Wat is FeRstival?
Learlingen fan skoallen fan it fuortset ûnderwiis wurde útnûge om oan in foardraachwedstryd op har skoalle mei te dwaan. Sy krije dêrfoar Fersefariaasje, in boekje mei nije gedichten dy’t spesjaal foar it FeRstival skreaun binne. Sydlings is Tresoar ek belutsen by de organisaasje fan FeRstival. De dichters dy’t de gedichten foar de bern skriuwe, fine by Tresoar in plak om dat te dwaan. Sy krije dêrby begelieding fan Arjan Hut

Cedin docht de organisaasje fan FeRstival. It is in moai inisjatyf dat Tresoar graach stipet.

21-11-2019 - 22-11-2019.

'Unknown Grounds' is a two-day performative-symposium taking place in Obe on the 21st and 22nd of November that rethinks the traditional form of the academie symposium, organized by art initiative VHDG and Frisian historical and literary centre Tresoar. The event, which is curated by artist Flora Reznik, combines academie inquiry with (performative) arts in new and surprising ways. International researchers, artists and thinkers will facilitate questions about the foundations of our society and notions such as ground, territory, identity, open community (iepen mienskip) and the commons. Through workshops, performances and guided conversations we will immerse ourselves in an experience of embodied collective thinking. 

'Unknown Grounds' is open for anybody who likes an intellectual challenge and is ready to join an intimate space for reflection and exchange. Applications can be sent until 15 October, after which a selection of up to 25 participants will be made. Participants are expected to read 6 short texts written by the contributors, which we will discuss in depth during the event. The working language is English. For more information about the application process and program, please check www.unknowngrounds.nl

Dates
Event: 21 & 22 November 2019.
 Open call for participants: 9 September – 15 October 2019

More information: www.unknowngrounds.nl