Wêr komt Willem Schoorstra mei Rosmos?

Skriuwer fan it Kadoboek 2019 Willem Schoorstra sil mei de iennige echte Jack Bottleneck op 'en paad troch de provinsje. In programma dat yn it teken stean sil fan ROSMOS, it Kadoboek en De Blues. Rekkenje op smoute ferhalen, brike ynfallen en te gekke muzyk fan dé bluesmuzikant fan de lege lannen: Jack Bottleneck.

Hjir komme Willem en Jack:

13 maart: boekhannel Van der Velde, Snits 20.00

15 maart: boekhannel Burgum, 19.00

21 maart: cafetaria De Jonge, Beetstersweach 19.30

22 maart: kafee It Reade Hynder, Wommels,  20.00