Op woansdei 17 april sil om 19.30 oere de earste Ids de Beer-lêzing hâlden wurde yn Theaterkerk Nes (Noardeast-Fryslân), mei sprekkers en muzyk rûn it jiertema fan Nationaal Comité 4 en 5 mei In vrijheid kiezen.

 

De lêzing is ferneamd nei Ids de Beer (1916-1945), fersetsheld út Nes. De jûn wurdt iepene troch programmeur Anke Bijlsma, mei in ynliedend wurd troch in soan fan Ids, Freerk de Beer. Dêrnei folget in lêzing troch Baukje Zijlstra, oer har roman De koma-korrektor– oer in oarlochsfrijwilliger yn Indië dy’t in befel wegeret en dêrfoar feroardiele wurdt – en in lêzing troch Mart de Kruif, dy’t yn syn boek Zandhappen fertelt oer syn ûnderfiningen as generaal yn Afghanistan. De lêzingen wurde ôfwiksele mei muzyk oer oarloch en frede troch sjonger Gerrit Breteler, toetsenist Peter van der Zwaag, gitarist Peter Krako en strykkwartet Regina Forte.

Boekhannel Van der Velde Dokkum fersoarget de boekferkeap op dizze jûn. Nei ôfrin is der gelegenheid om de boeken sinjearje te litten. Kaarten binne allinne te krijen yn de foarferkeap. Mear ynformaasje en kaartferkeap stiet hjir.