​“Ferhalefertelle is de keunst om it publyk mei te nimmen yn de wrâld fan de ferbylding. Mar in goed ferhaal fermakket de minsken net allinnich, it ferbynt ek, bringt minsken tichterby elkoar. Ferteller en publyk diele mei-elkoar in bysûndere ûnderfining.” Sa seit Mindert Wijnstra sels oer it fertellen fan ferhalen.
Op tiisdei 30 april 2019 wurdt troch de Stifting Freonen fan Tresoar har jierlikse maitiidsgearkomste holden, mei diskear ferhaleferteller en skriuwer Mindert Wijnstra.

It programma sjocht der sa út:
19.45     Ynrin en ûntfangst
20.00     Iepening en meidielingen troch foarsitter Jannie van der Kloet. De finansjele stân fan saken yn it koart troch ponghâlder Meindert Reitsma en meidielingen fan de kaskommisje
20.15     Ferhalen fan Mindert Wijnstra
20.45     Skoft
21.10     Mear ferhalen fan Mindert Wijnstra
21.50     Ofskie bestjoersleden
22.00     Sluting

Oanmelding foar dizze jûn wurdt tige op priis steld. Graach hearre wy foar 24 april fan jo oft jo fan doel binne te kommen. Dat kin telefoanysk (058-789791 of 789740) of mei e-mail This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.
Foar minsken dy’t Freon binne fan Tresoar is de jûn fergees, foar oaren is de yntree fiif euro. Jo kinne fansels ek fuortdaliks lid wurde fan de Freonen.

Foto: Haye Bijlstra, Tresoar.