Op 15 juny 2019 is der wer in spesjale poëzyjûn yn de Aldehou, de bekende skeve toer fan Ljouwert. In jûn mei dichters, ferhalenfertellers  en muzyk. Oan it begjin fan de jûn drage trije learlingen fan OBS De Oldenije in sels skreaun gedicht foar.

Sjueryfoarsitter Edwin de Groot sil lykas yn foargeande jierren kommentaar leverje op de gedichten fan de bern. Edwin (1963) dichtet yn it Frysk en it Hollânsk. Yn 2016 is syn fjirde Frysktalige bondel by de Afûk ferskynd en sil by de Hollânske útjouwerij In de Knipscheer útkomme. Hy is redakteur fan it Frysktalige literêre tydskrift Ensafh en is op dit stuit gemeentedichter fan de gemeente It Hearrenfean.

Masha van Kammen (21) is yn Ljouwert berne en folget dêr de oplieding foar ‘ontwerpend meubelmaker’. Yn har frije tiid skriuwt sy koarte gedichten oer leafde en simpele lytse geluksmominten.
Gedichten skriuwe heart by it libben lykas sykhelje, seit Haiku Hindirk. It helpt him te begripen en saken yn perspektyf te pleatsen. Syn gedichten binne faak mei opset sin op ferskate manieren te ynterpretearjen. Wat in oar der yn lêst fynt hy faak it meast ynteressant.

Gabriëlle Terpstra is 29 jier, opgroeid yn Frjentsjer, grut wurden yn Ljouwert. Sy skriuwt op in oprjochte en earlike wize oer hoe’t sy de wrâld sjocht en set de dingen fan ‘e dei om nei eigensinnige ferhalen en gedichten. Ek fynt sy it nijsgjirrich om oersettingen fan sjongteksten te meitsjen yn it Frysk en it Nederlânsk.

Rockabilly sjonger Ivo Poelsma (1965) - country fan it oerâlde soart en folk lizze him ek goed – is in ‘veellezer’, mei in grutte leafde foar poëzy. Dat sjochst wol faker by sjongers, leafde foar gedichten. Sy moatte harren úteinlik ek ynlibje kinne yn de teksten dy’t sy sjonge. Sy moatte dy teksten net allinnich dreame kinne, sy moatte harren net allinnich de ynhâld eigen makke hawwe, mar de klank en it ritme fan wurden binne foar sjongers krekt sa’n belangryk ekspresjemiddel as foar dichters.

It artistike duo Victoria Rojas Milesi, dûnseres, poëet en byldzjend keunstner út Chili en toandichter Foleor van Steenbergen sille njonken harren yndividuele optredens mei poëzy, tegearre in optreden fersoargje. Foleor sil op syn harmonika Edith Piaf fertolkje en op dy muzyk sil Victoria dûnsje en de muzyk útbyldzje by harren optreden.

Arjan Hut (1976) is de kommende twa jier ‘Wâlddichter’, gemeentedichter fan Achtkarspelen. Hy die earder ûnderfining op as dichter yn tsjinst doe’t hy yn 2005/2006 stedsdichter fan Ljouwert wie. Hut brocht oant no ta fjouwer Frysktalige bondels út, de meast resinte is Aurora Bossa Nova.

Organisaasje: Historisch Centrum Leeuwarden yn gearwurking mei Melvin van Eldik.
Lokaasje: de Aldehou.
Entree: € 5,00, ynklusyf in drankje.
Oanfang: 20.30 oere; Doar iepen: 20.00 oere