Pleatslik belang Twizel organisearret, yn ferbân mei har 100-jierrich bestean, op sneon 7 septimber 2019 de tredde Simke Kloosterman Rintocht, in kuiertocht troch de Noardlike Fryske Wâlden.

Yn Twizel stiet it Simke Kloostermanhûs, dat beheard wurdt troch it Simke Kloostermanlien. It Lien beheart alle besittingen dy’t Simke achterliet, lykas it hûs, de biblioteek en de landerijen. In part fan it hûs is ynrjochte as âldheidkeamer, hjir hinget noch de sfear fan doe en rûkst noch de 1900 rook. Simke Kloosterman hat krekt foar har ferstjerren yn 1938 in testamint makke dêr’t yn fêstlein is dat har besit sa goed mooglik bewarre bliuwe moast. Nei oanlieding dêrfan is yn itselde jier it Simke Kloostermanlien oprjochte. It bestiet noch altyd en is tige aktyf mei de promoasje fan de Fryske skriuwster. Sa hat it Lien yn gearwuring mei Pleatslik Belang Twizel it Simkepaad oanlein, in kuierpaad troch de Twizeler Mieden.

Ien kear yn de trije jier wurdt de Simke Kloostermanpriis útrikt, in priis fan mar leafst € 5000,- foar it bêste Frysktalige berneboek. Fierder wurde der foarlêswedstriden hâlden.

De minsken kinne in moaie kuier ferwachtsje troch it prachtige kûlisselânskip fan de Fryske Wâlden, yn 5, 20 of 40 kilometer mar leafst. Troch in gebiet dêr’t Simke libbe hat, dêr’t har gedichten oer geane en dêr’t de bekende roman De Hoara’s fan Hastings him ôfspilet. Underweis is der muzyk en teater. Der binne plannen om sketskes út it libben fan Simke te spyljen, muzyk hearre te litten dêr’t sy fan hood en hapkes klear te meitsjen út har itensiedersboek.