Op 10 septimber oansteande is it 60 jier lyn dat de stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) oprjochte waard. Yn 2002 is it FLMD opgien yn Tresoar, mar it beheart noch altyd in pear fûnsen om projekten te stypjen dy’t bliuwende wearde hawwe foar de Fryske literatuer, lykas oarspronklik Frysktalich wurk, de Skriuwersarke en in tal prizen. Op sneontemiddei 14 septimber sil dat jubileum mei in feestlik programma yn Tresoar fierd wurde. Mear ynformaasje folget.