Spoken Word-festival 17 oktober 2019

Yvonne Willems is ien fan de gearstallers fan de Waling Dykstra tentoanstelling. Sy sil oan it wurd oer it fenomeen Spoken Word. Dêrnei komme ferskate Spoken Word keunstners oan bod. 

Dat binne: Nynke Laverman, Arjan Hut, Elske Kampen, Wiebe Kaspers, Annemarie Lindeboom en Ilse Vos, de winner fan de Poetry Slam dy't op 14 septimber hâlden is.

De ynrin is om 19:30 oere en it begjint om 20:00 oere. It fynt plak yn Obe.

Op de foto Annemarie Lindeboom, foto: Tresoar, Barbara van Rijn.