15-11-2019 19:00 oere.

Op dizze provinsjale ferhalejûn wurdt in ferfolch jûn oan it súksesnûmer fan Kulturele haadstêd fan ferline jier. Obe docht dêr graach oan mei. De hiele jûn wurde hjir ferhalen ferteld yn de trant fan de ‘winterjounenochten’ fan Waling Dykstra. De jûn yn Obe hat dan ek as subtitel: ‘Winterjûnenocht anno 2019’. Dizze aktiviteit is ûnderdiel fan de tentoanstelling ‘Waling Dykstra – Foarútgong’.

Hein Jaap Hilarides docht de ôftraap en Karen Bies docht mei foar 'Oare Wurden/Other Words'. Dêrnei trede skriuwers en kursisten fan de kursus ‘Foardrage’ op.

Der sil op dizze jûn ek in boekje mei bydragen fan Oare wurden presintearre wurde. It boekje is fergees foar abonnees fan tydskrift De Moanne en is op de jûn sels ek te krijen.

19:00 oere – Iepening oer ‘Oare wurden’
19:05 oere – Hein Jaap Hilarides fertelt in fragmint út syn ferhaal fan ‘Oare wurden’
19:20 oere – Karen Bies fertelt in fragmint út har ferhaal fan ‘Oare wurden’
Dêrnei folgje artysten dy't de kursus Foardrachtkeunst folge hawwe:
19:35 oere – Renske de Boer
19:50 oere – Hedwig Bakker
20:05 oere – Sipke de Schiffart
20:20 oere – Ciska Noordmans
20:35 oere – Ydwine van der Veen
20:50 oere – Renske de Boer
21:05 oere – Hedwig Bakker
21:20 oere – Sipke de Schiffart
21:35 oere – Ciska Noordmans
21:50 oere – Ydwine van der Veen

NB. Dy tiden binne in rjochting en kinne feroarje.