De meast ferkochte Fryske skriuwer Hylke Speerstra komt in jûn yn de biblioteek fan Warkum. Hy sil prate (en miskien wol foardrage) út syn wurk mei bekende titels as It wrede paradys en De oerpolder

Ek Bert Looper, direkteur fan Tresoar, komt dizze jûn op de tekst. Hy sil fertelle oer de lêsten ferskynde literêr-geografyske kaart Lêsber Fryslân en giet dêrby yn op skriuwers út de regio. Ut de fierte wei liket it in ‘gewoane’ kaart fan Fryslân, mei stêden en marren, mar ast tichterby komst, sjochst dat de kleurrike kaart hielendal opboud is út sitaten fan Fryske, Nederlânske en sels ynternasjonale skriuwers.

Mar leafst fjouwer sitaten fan Speerstra steane op de kaart, dy’t dizze jûn ek te keap is. Wa kin se fine?
Oanmelde foar dizze jûn. De jûn begjint om 19:30 oere.
De priis fan de optearde kaart is € 12,50 en de grutte kaart mei in boekje kostet € 19,50.