Op tongersdei 27 febrewaris binne der yn Obe twa lêzingen by de tentoanstelling 'Uneinige beweging', oer keunstner JanMurk de Vries. De jûn begjint om 20.00 oere (gjin ynrin); tusken de beide lêzingen wurdt der kofje en tee skonken.

‘Nei-oarlochske brieven fan Fryske keunstners en fan JanMurk de Vries yn it bysûnder’, troch Jelle Krol, Tresoar-meiwurker
Om troch it isolemint fan it nei-oarlochske Fryslân te brekken setten keunstners yn Fryslân gauris út ein mei it útwikseljen fan brieven. Gerard Reve is dêr yn syn Greonterper tiid faaks wol it bekendste foarbyld fan. Mar ek oare keunstners dy’t har yn Fryslân nei wenjen set hiene, setten wiidweidige korrespondinsjes op. Yn syn lêzing jout Jelle Krol, kolleksjefoarmer by Tresoar, dêr in byld fan. Hy giet benammen yn op de nijsgjirrige briefwiksel dy’t JanMurk de Vries ûnderhâlde mei syn freonen Hettij van Zuiden, Griet en Halbe Doele, en Hessel Drijfhout. De lêzing is yn it Frysk. (Foto Tresoar, Haye Bijlstra).

Jelle Krol foto Tresoar Haye Bijlstra

‘JanMurk de Vries en it kulturele klimaat yn Fryslân yn de jierren ’60 en ’70, troch Jaap Bruintjes
JanMurk de Vries (1919-2015) wie in bysûnder alsidich en produktyf byldzjend keunstner. Hy is benammen yn de twadde helte fan de 20ste iuw aktyf as skilder, byldhouwer, dichter en glêzenier. Yn de jierren ’50 siket er syn eigen wei troch in soad te reizgjen en troch it bestudearjen fan grutte foarbylden yn de skilder- en byldhoukeunst. De jierren '60 en '70 binne roerige jierren yn kultureel Fryslân. Sa biedt galery Van Hulsen yn Ljouwert ûnderdak oan nije streamingen. Yn dy tiid hat JanMurk syn eigen styl fûn en yn Harns in eigen galery. Yn dizze lêzing wurdt neier op dy tiid yngien en op it plak fan JanMurk de Vries. De lêzing is yn it Nederlânsk. (Foto Tresoar, Barbara van Rijn).

Knipsel Jaap Bruintjes

Graach oanmelde foar dizze jûn.
Op tongersdei 12 maart is der nòch in lêzingejûn oer JanMurk de Vries, dan binne de ynlieders Erik Betten en Bert Looper.