Op tongersdei 12 maart binne der yn Obe twa lêzingen by de tentoanstelling 'Uneinige beweging', oer keunstner JanMurk de Vries. De jûn begjint om 20.00 oere (gjin ynrin); tusken de beide lêzingen wurdt der kofje en tee skonken.

Lêzing Bert Looper ‘JanMurk en Quatrebras’
Bert Looper sketst yn syn lêzing it kulturele klimaat yn Fryslân yn de jierren 1950 – 1975. Sintraal stiet dêryn it tydskrift Quatrebras dêr’t de kearnpunten  fan de kulturele fraachstikken fan dy tiid har yn konsintrearren. JanMurk de Vries wie inkele kearen belutsen by Quatrebras fanút in sterke maatskiplike belutsenens. It libben en tinken fan JanMurk ferbûn him mei en ûntjoech him yn it Fryslân út dy tiid. De lêzing is yn ’t Frysk. (Foto: Tresoar, Barbara van Rijn).

Knipsel Bert Looper

Lêzing Erik Betten – ‘Dienende kunst’
By de wer-opbou wie der in groep Fryske keunstners aktyf dy’t harsels mear seach as ynstrumint as as autonome skeppers. In rûnte dy’t nei de jierren sechstich wat fergetten rekke is, mar dy’t noch gâns spoaren yn ‘e publike rûmte achterlitten hat.

Erik Betten

Graach oanmelde foar dizze jûn.
Dizze lêzingejûn is de twadde yn in rige fan twa. Op 27 febrewaris binne der yn Obe ek lêzingen oer JanMurk de Vries.