Op 24 maart wurdt yn de online lêsgroep oer boeken fan Trinus Riemersma it tredde boek bepraat: De hite simmer (1968).

Riemersma (1938-2011) is ien fan de wichtichste Fryske skriuwers fan nei 1945. Hy debutearre yn 1964 mei de roman Fabryk, dy’t foar grutte beroering yn de Frysk literêre wrâld soarge en tsjinstelde reaksjes opsmiet. Hy krige yn 1967 foar Fabryk de heechste literêre ûnderskieding yn Fryslân, de Gysbert Japicxpriis.

Yn syn wurk boartet Riemersma gauris mei perspektiven; yn syn mearlagige romans bewiist er syn sterke komposysjefermogen. Dêrneist beskikt er oer in apart satirysk talint en oer in ferfrissende humor. Syn sterke, sobere styl hat er stadichoan útbouwe kinnen ta in mearsidich ynstrumint. Hy wit op in oarspronklike wize de tematyk te konkretisearjen, lykas yn De Reade Bwarre, dêr’t de minsklike geast lokalisearre wurdt yn de kloaten fan de boarre.

Yn de lêsgroep beprate wy ienris yn de moanne in boek, te begjinnen mei Fabryk en it lêste boek is De acht foar achten trein. It giet om saken as tematyk en styl, mar ek de fraach wêrom’t in boek dy wol of net oansprekt. De jûnen wurde laat troch Doeke Sijens, Babs Gezelle Meerburg (NHL Stenden) en Meindert Reitsma (Tresoar). Doeke Sijens is dwaande mei in biografy oer Riemersma en Babs Gezelle Meerburg is promovearre op Fabryk as ‘fernijende’ roman.

Alle ynformaasje op in rychje:
- De data:
27 jannewaris: Fabryk (1964)
17 febrewaris: Minskrotten-rotminsken (1966)
24 maart: De hite simmer (1968)
21 april: De mon sûnder gesicht (1973)
19 maaie: Nei de klap (1999)
9 juny: De acht foar achten trein (2009)
- Tiid: 19.30 oant 20.30 oere.
- De jûnen wurde online holden, fia in fideoferbining (Teams). Dielnimmers krije útlis oer hoe’t de ferbining wurket.
- Elkenien kin meidwaan. Ut soarte is it needsaaklik om de boeken te lêzen. Der binne gjin kosten oan ferbûn.
- Opjaan kin foar ien, in pear of alle jûnen. Opjefte foar alle kearen graach foar 20 jannewaris. Opjefte foar ien jûn graach uterlik in wike yn it foar.
- Opjefte by Tresoar: This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it..