Akke Radsma soe op 25 maart dit jier hûndert jier wurden wêze, dus in moaie oanlieding om mear te fertellen oer har libben en wurk as foardrachtskeunstner yn in nij dossier op Sirkwy. Se waard foar it earst frege foar in rol yn in toanielstik yn Stiens doe’t se santjin wie en dêrnei hat se altyd toanielspile. Sy is ûnder mear ferneamd wurden troch it kabaretselskip De Spinnekop, dat oprjochte wie troch Roel Oostra. Radsma fersoarge ek de populêre rubryk ‘Oer de hage’ foar de RONO (Regionale Omroep Noord en Oost) en wurke in soad gear mei tekstskriuwer Paulus Akkerman.

Foar it dossier hat âld-literatuer- en kultuersjoernalist Pieter de Groot him ferdjippe yn it argyf dat by Tresoar bewarre wurdt en oer it libben en wurk fan Radsma skreaun. De kommende wiken komt it stik fan De Groot yn parten op Sirkwy. Hjoed it earste part. 

Akke Radsma hûndert jier ferlyn berne, part ien. Troch Pieter de Groot. Foto: Kabaretselskip ‘De Spinnekop’ yn 1959 mei Roel Oostra en Akke en Jan Radsma. (Foto Piet Bergsma).

In fedette sûnder kapsoanes

Akke Radsma wie yn de jierren nei de oarloch in begryp yn Fryslân. Doe’t der amper noch telefyzje wie en Fryslân foar wat it Frysk oanbelange, oanwiisd wie op in oerke yn de foarjûn op ’e radio, seagen in protte minsken út nei har wyklikse praatsje Oer de hage. Harksifers bestiene doe noch net, mar it Buro Kulturele Saken, ûnderbrocht by de Fryske Kultuerried, hie ein jierren fyftich oan in breed ferskaat oan harkers lykas ‘húsfroulju, boeren en stoffearders’ frege om deiboeken by te hâlden oer de ûnderskate ûnderwerpen, dy’t yn dy útstjoeringen – doe allegear noch út de RONO-studio yn Grins wei – oan ’e oarder kamen. Oer de hage wie de favoryt en net allinne by de âlderein. In ûnderwizer fan 28 jier út De Hommerts skreau: ‘It wie wer moai. Dêr siet suver spanning yn.’ De praatsjes wiene skreaun troch Paulus Akkerman, mar Akke Radsma fertelde se sa libbensecht dat de minsken leauden dat it oer har eigen húshâlding gong, har man Jan Radsma waard der dan de oare deis oer oansprutsen.

Lês mear...

Akke Radsma hûndert jier ferlyn berne, part twa. Troch Pieter de Groot. Foto: Oer de hage, foto: Muziekweb.

Oer de hage

It wie op de Spinnekop-premiêre fan Kike, kike, lôke, sjoch op 25 septimber 1957 yn seal Phoenix te Drachten dat Jo Smit, destiids direkteur fan de Regionale Omroep Noord en Oost, op Akke tastapte mei in foarstel: ‘Wy wolle Paulus Akkerman alle wiken wat skriuwe litte en jo moatte dat foar de mikrofoan bringe. Soene jo dat dwaan wolle?’  ‘No’, andere Akke beret, ‘alle wiken sil net gean, want wy moatte geregeld fuort te spyljen.’ Dat wie gjin probleem, dan namen se wol fiif ferhaaltsjes yn ien kear op. Akke: ‘No, doe ha ’k ris fiif dien. Mar doe kamen der wer fiif en wer… Ik sei, hoe lang moat dit? No, gewoan sa lang as jo wolle, sei Jo Smit.’

Lês mear...

Akke Radsma hûndert jier ferlyn berne, tredde en lêste part. Troch Pieter de Groot. Foto fan Akke Radsma: argyf Ljouwerter Krante. Scan: John van Geffen, Tresoar.

Tryater

Yn 1970 joech se har by Wim Burkunk op foar in kursus bewegingslear. Se wie doe 48 jier: ‘Ik tocht, dat is wol wat foar my, want jo wurde âlder en dus ek wat stiver. Dy kursus hat my bêst foldien, jo kamen der fit wer wei, alle spieren kamen los.’  Der rôle, foar har ûnderwachts, in rol út by Tryater, dy’t Burkunk frege hie om Geskaei om ’e kaei te regissearjen, in oarspronklik Frysk stik fan Jan de Vries, dêr’t jong en âld yn mei spile en dat wol hûndert foarstellingen belibbe.

Lês mear...