Akke Radsma hûndert jier ferlyn berne, tredde en lêste part. Troch Pieter de Groot. Foto fan Akke Radsma: argyf Ljouwerter Krante. Scan: John van Geffen, Tresoar.
Tryater
Yn 1970 joech se har by Wim Burkunk op foar in kursus bewegingslear. Se wie doe 48 jier: ‘Ik tocht, dat is wol wat foar my, want jo wurde âlder en dus ek wat stiver. Dy kursus hat my bêst foldien, jo kamen der fit wer wei, alle spieren kamen los.’ Der rôle, foar har ûnderwachts, in rol út by Tryater, dy’t Burkunk frege hie om Geskaei om ’e kaei te regissearjen, in oarspronklik Frysk stik fan Jan de Vries, dêr’t jong en âld yn mei spile en dat wol hûndert foarstellingen belibbe.
Yn 1977 krige se in gastrol yn it blijspul Hwa is nou gek? fan de Ingelske skriuwer Terence Dudley. Fuort by har opkomst op it toaniel traktearre it publyk har op in grut applaus. ‘Akke Radsma noch altyd in vedette’ stie boppe de resinsje yn de Ljouwerter. Dy kop hie om har net hoegd: gjin kapsoanes, stjerallueres wiene har frjemd.
Lestich wie dat se foar Tryater altyd nei Ljouwert moast om te repetearjen en dêr hie se gjin nocht mear oan. Mar doe’t Roel Oostra har yn 1979 frege noch ien kear de âlde dame te spyljen yn Op ien betingst, no net mear lykas yn 1963 mei Ep Kylstra as tsjinspiler, mar mei Henk Hof, wie se yn har elemint. It waard de iepening fan it Laweiseizoen, dy’t foarhinne fersoarge waard troch De Noorder Compagnie. Om’t dat selskip tragysk oan syn ein kommen wie, die Oostra in berop op syn eigen ‘Zeer Opregte Amateurs’. It tempo, ûnder regy fan Peter Brandsma, lei moai heger as yn 1963, doe’t Jef van der Heyden neffens guon resinsinten de amateurs te folle mei de losse leie ride liet. Yn 1974 hie se ûnder Brandsma’s regy mei dyselde Lawei-ploech Us Stêd spile, it troch Freark Dam oersette stik fan Thornton Wilder.
Akke Radsma by it Winterjûnenocht. Foto: Maarten de Bok. Scan: John van Geffen, Tresoar.
Winterjûnenocht
Yn de jierren fyftich en sechstich waard Akke Radsma geregeld frege as deklamatrise, foardraachster fan gedichten by spesjale gelegenheden. Doe’t de Stifting Slach by Warns har yn 1959 frege foar de betinking op it Reaklif, kamen der wol tûzen minsken op ôf. Efternei die bliken dat in protte minsken teloarsteld wiene, se hiene rekkene op smout praat ‘oer de hage’, mar se deklamearre balladen fan Fedde Schurer en Douwe Tamminga. Yn 1960 deklamearre se foar de VARA-radio fersen fan Piter Jelles Troelstra ta gelegenheid fan syn hûndertste bertedei.
Yn de jierren sechstich gong se der op út mei har Oer de hage-repertoire: altyd allinne ûnderweis, dat foel lang net altyd ta. Se krige suver langst nei de Spinnekoptiid, want se wie yn wêzen in selskipsminske. Sa’n tiid soe yn 1970 oanbrekke. Roel Oostra hie it fersyk krigen oft der yn De Lawei in boekebal hâlden wurde koe. Mei it opdoekjen fan it Boun fan Fryske Keunstners wie der in ein kommen oan de boekebals yn Boalsert. Skriuwers hiene yn 1969 it Skriuwersboun oprjochte. Oostra betocht in byprogramma yn de Blauwe Seal en frege Harm de Wilde oft dy Jan en Akke Radsma en Wytse Hoekstra begeliede woe yn in pear âlde nûmers út it âlde Winterjûnenocht fan Krips en Molenaar. Oostra hie nammentlik noch in âld sinesappelkistje mei âlde tekstboekjes en it trof dat Akkes heit, dy’t yn 1970 noch libbe, de mannen sjoen hie. ‘Hy koe hiel moai neidwaan hoe’t se destiids harren suksesstik It spantsje útfierden.’
Har optreden waard yn dat lytse sealtsje in trochslaand sukses en de mûlereklame die syn wurk. De dagen dêrnei reinde it oanfragen foar optredens. Koart en goed: in nij selskip wie berne. De teksten hiene se mar foar it útsykjen, te begjinnen mei dy fan Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts, de aartsfaders fan it Winterjounenocht, mar ek fan Auke Boonemmer en Gerben Colmjon, fan Meindert Rozenga, Simke Molenaar, Hindrik Kylstra (Kingkyl) en Lambertus Krips. Stikjes soms fan wol mear as hûndert jier âld, mar dy’t yn bejaardehuzen noch o sa oansloegen. Al skeelde it fansels wol, wêr’t se optreden: fanâlds lei it winterjûnenocht net op in bêste namme by de otterdoksen. En sels no koene se soms oan de reaksjes merke oft in stikje, hoe ûnskuldich ek, der al of net op troch koe. Ien kear naam de foarsitter fan in feriening har nei ôfrin apart om te sizzen dat ‘dat nûmer oer dy dûmny’ om him net hoegd hie.
It selskip hat noait in namme hân, it hjitte ienfâldich fan Winterjûnenocht, of ek wol Selskip Akke Radsma. Se tsjinnen oan de iene kant it kultuerhistoarysk belang, – ‘as wy it net dogge, binne dy teksten allinne noch yn it FLMD te besjen’ – , mar it joech tagelyk ek in ‘kick’: ‘alle kearen is der wer de spanning fan it feroverjen fan it publyk en it wrakseljen mei de typkes en de âlde teksten.’ It sei himsels dat net alles út de âlde doaze brûkber wie. It wie of fiersten te lang of amper grappich, te moralistysk of melodramatysk en faak ûntbriek de clou. Mar mei wat der fan oerbleau, hawwe se 27 jier it folk fermakke. Op 20 april 1997 foel it doek yn Aldegea Sm. Akke wie 75 jier en it hie moai west: ‘Op in stuit moatte je ophâlde. Ik woe gjin Heintje Davids wurde.’
Fan it kwartet hat allinne Akke al dy winterjûnenochtjierren meimakke. Pianist Melle Akkerman wie letter yn it plak kommen fan Harm de Wilde, Henk Hof fan Wytse Hoekstra en Bouwe Gall fan Jan Radsma, dy’t op 6 maart 1993 nei in koarte, slimme sykte weirekke, hy wie 73 jier.
Akke Radsma by it Winterjûnenocht. Foto: Maarten de Bok. Scan: John van Geffen, Tresoar.
Jeikenel
Yn de nijiersrevus Dag ouwe dag jonge, dêr’t Roel Oostra it nije jier yn De Lawei mei iepene, wie in fêst plak ynromme foar it komysk jieroersjoch fan Oenevaer en Jeikenel, de Drachtster wjergader fan Thomasvaer en Pieternel, de heit fan de brêgeman en mem fan de breid dy’t yn de klucht De bruiloft van Kloris en Roosje de wederwaardichheden fan it âlde jier oereidzje – in nijjierstradysje dy’t yn de Amsterdamse Stedsskouboarch oant djip yn de 20ste iuw keppele wie oan de opfiering fan Vondels Gysbreght van Aemstel. Akke spile Jeikenel, Henk Hof Oenevaer.
Akke hat har man fyftjin jier oerlibbe. ‘Dat is it goede fan it kweade en it kweade fan it goede’ , sitearre se de spreuk op it buordsje, dat se fan Tryater krigen hie. Mar se klage net: ‘Ik bin bliid dat wy sa’n moai libben hân hawwe. Wy ha in protte sjoen, busreizen makke nei Noarwegen, Ingelân en Berlyn, en hjir yn Fryslân mei ús boatsje derop út: ‘Dêr komt dy boat mei dat drokke wyfke fan De Sweach ek wer oan.’ Yn 2004 waard Oer de hage noch in ferkeapsukses as dûbel-cd. Sels siet se doe al yn in soarchsintrum yn Oerterp. Op 4 desimber 2008 is se ferstoarn yn de Grinzer Pein, 86 jier âld.
Dit wie it lêste stik. Lês part ien hjir en part twa hjir werom.
Portretfoto Akke Radsma. Foto: argyf Ljouwerter Krante. Scan: John van Geffen, Tresoar.
Akke Radsma by it Winterjûnenocht. Foto: Maarten de Bok. Scan: John van Geffen, Tresoar.