Fiifensantich jier nei ús eigen Befrijing fan de besetting feroaret noch hieltyd ús tinken oer de striid foar frijheid dy’t yn dyselde snuorje fierd waard yn wat doe Nederlânsk-Yndië hjitte. De feroarjende omgong mei dat ferline sjogge wy ek werom yn Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Yn dizze rige artikels hâldt Jan Ybema ferskate romans dêroer tsjin it ljocht. Hjoed: Hwat west hat (1965) fan Riemer Riemersma.

‘Dy’t mient himsels yn ien fan de persoanen fan dit forhael te herkennen, kin gerêst wêze, want hy is it net. Mar hy dy’t tinkt dat er net ien fan dizze minsken is, lit dy oppasse, want hy is it.’

Sa begjint Riemer Riemersma yn bibelske trant syn roman Hwat west hat (1965), oer de Nederlânske rol yn de Yndonesyske ûnôfhinklikheidsoarloch – ofwol de polisjonele aksjes, sa’t it militêr yngripen doetiids mei gefoal foar eufemisme neamd waard. It is it earste Fryske boek dêr’t dy oarloch in foarname rol yn spilet.

Riemersma (1925-1980), letter gemeente-amtner yn Smellingerlân, hie sels as tsjinstplichtich ynfanterist yn Yndië west en skreau der, mear as fyftjin jier nei it barren, in boek oer dat it midden hâldt tusken ferslach en fiksje. Mei syn foaropwurd set er drekt de toan:

‘Noch wie de wolk fan Hiroshima’s atoombom net fuortdreaun, noch wie der gjin bigjin makke mei it tellen fan de deaden dy’t de lêste kriich oplevere hie, noch wie it gedroan fan de machtige eskaders net út ’e loft, of dêr wolke de moude dy’t troepen yn training opjagen al wer heech op en waerden moarns mei lûde stimme teld hja dy’t útgean soene om to deadzjen en droane wer it gedinder fan in striidmacht dy’t rémakke waerd.

En sjoch, hja dy’t ûnderdrukt west hiene gyngen út om to ûnderdrukken en de bifrijden makken har op om to forhûddûkjen en de forlosten teagen út om to binen.’

Oan it ferhaal dat hjirnei begjint, jout Riemersma mei dizze âldtestamentyske taal in gewicht mei dat gâns wat ûnthjit foar de rest fan it boek. Dit wurdt gjin heroysk ferhaal oer befrijers en tankbere ynlanders. Nee, dit boek moat in oanklacht wêze en in skuldbekentenis.

Riemersma bestride mei syn boek it dominante byld fan de Nederlanners dy’t Yndië befrije soenen fan Japanners en kommunisten lykas de alliearden Nederlân befrijd hiene fan de Dútsers. Hy seach it oarsom: yn Yndië wiene de Nederlanners as de Dútse besetter.

Dat wie yn 1965 al gjin folslein revolúsjonêr idee mear, mar it boek ferskynde wol fjouwer jier fóár it ferneamde ynterview fan psycholooch en âld-militêr Joop Hueting dat sa’n opskuor joech om’t er fertelde oer Nederlânske oarlochsmisdieden yn Yndië.

hwat west hat 1965

Mar oer misstannen lêze wy yn Hwat west hat no krekt it measte net. Riemersma ferklearre letter dat er de grouwélichste situaasjes dy’t er meimakke, fuortlitten hat om foar te kommen dat de skok te hurd oankomme soe. ,,Ik ha it allegear safolle mooglik fersêfte”, sei er yn de Drachtster Courant (31-1-1969). Efterôf hie er dêr spyt fan.

Want syn doel om ,,de minsken wekker te skodzjen”, en dan benammen it grifformearde miljeu dat de polisjonele aksjes neffens him sa fûl stipe hie, mislearre folslein. It boek joech gjin inkelde opskuor. ‘Yn de literêre wrâld dêr’t it boek as roman ta hearde, waard it te licht befûn; yn de grifformearde waard it boek net achtslein’, skriuwt Sybren Sybrandy yn Trotwaer (1988).

Hat Riemersma miskien te betiid west mei syn krityske hâlding? ‘Nei alle gedachten wie de tiid noch net ryp foar ferwurking fan it koloniale ferline’, stiet yn Finster 14 fan de online Koarte skiednis fan de Fryske literatuer. Mar dat is de fraach. Al yn 1966 skriuwt Marten Sikkema oer it boek yn de Leeuwarder Courant: ‘Hwat de kwestje kolonialisme tsjinoer frijheit foar alle folken oangiet, nimt [Riemersma] winliken it stânpunt yn fan de trochsneed-Nederlanner fan hjoeddedei’.

Hoe dan ek, literêr sjoen hold it boek net oer. Resinsinten hiene benammen krityk op it grutte oantal personaazjes dat opfierd wurdt, almeast mar eventsjes en sûnder in protte ûntwikkeling. As roman waard it boek dan ek beskôge as stikhinne mislearre.

En hoewol kritysk oer it Nederlânske yngripen, de Yndonesyske kant fan de saak kriget amper omtinken yn it boek. Riemersma sjocht de Nederlanners as ûnderdrukkers, mar folle literêr each foar de ûnderdrukten hat er winliken net.

Der komme wol Yndonesiërs yn foar, mar it binne dan hast altyd froulju dy’t mei de soldaten it bêd yn dûke. ‘Men kriget hast de yndruk, dat dêr gjin oare froulju binne as sokke’, skriuwt Sikkema dêroer, ‘en dat is ek wol te forklearjen, hwant mei folle oare kamen de soldaten net yn kontakt.’

Sa hat Hwat west hat net folle dien om mear begryp te krijen fan de Yndonesyske maatskippij en har frijheidsstribjen en as roman hat it syn lekken en brekken. Mar as dokumintêr ferslach fan it Nederlânske hanneljen yn Yndië is it foar ús dy’t it net meimakke hawwe, dochs in boek dêr’t wy in moai stik wizer fan wurde kinne.

De kommende perioade mear artikels fan Jan Ybema oer Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Nije wike: De muorre fan Anders Rozendal. De artikels hiene oars ûnderdiel west fan in lêzing dy't Ybema jûn hawwe soe op de Dei fan de Fryske letterkunde. Dy Dei is no folslein digitaal op Sirkwy yn de moannen novimber en desimber.

soldaten nederlnsk yndi

Foar it ôfreizgjen nei Nederlânsk-Yndië hold Bataljon Fryslân op 26 oktober 1945 in parade op it Saailân te Ljouwert. Foto: Kolleksje Tresoar