Hjoed in spesjale bydrage yn it dossier oer Befrijing yn de Fryske literatuer. It Frysk Film Argyf hat in kompilaasje oan bylden makke oer de Nederlânske oanwêzichheid yn wat doe Nederlânsk-Ynje wie en no Yndonesië is. Jan Ybema hat op dit stuit in rige artikels oer boeken dêr't Yndonesië in rol yn spilet. Mei dit filmmateriaal besjogge wy it ûnderwerp fan in oare hoeke.

Predikant Sybolt van der Linde reizget yn de jierren tritich ôf nei Ynje. Hy filmet dêr it deistich libben en it missywurk. Sa makket er ûnder oaren in film oer Sindingshospitaal Emmanuel. As de Twadde Wrâldkriich by ús foarby is, beslút Nederlân troepen nei it easten te stjoeren. Yn Dokkum filmet Oeds Andries Brouwer it fertrek fan frijwilligers dy’t har oanslute by Bataljon Friesland. It bataljon reizget fia Ingelân nei Ynje. Se farre earst nei Malakka, mar ein maart 1946 kinne de manlju fan board yn Batavia/Jakarta. Dêr op Java lit Louis van Keyzerswaard syn filmkamera rinne. Van Keyzerswaard is ien fan de 850 leden fan it Fryske Bataljon. Under lieding fan kolonel Epke Wiersma nimme sy diel oan de polisjonele aksjes.   

Lês de bydragen fan Jan Ybema:
- Oer Peke Donia fan Nyckle Haisma
- Oer It lekken oer de spegel fan Durk van der Ploeg
- Oer Hwat west hat fan Riemer Riemersma

Besjoch de kompilaasje:

'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.