Nije bydrage yn it dossier Befrijing yn de Fryske literatuer, troch Abe de Vries.
Nei 1900 wurdt Fryske skriuwerij in folle yngewikkelder saak. De agraryske krisistiden binne foarby en mei it ekonomysk oplibjen fan de middenstân op it plattelân kriget ek de Fryske taal de wyn wer yn ’e seilen. Mar yntusken wurdt yn de algemiene ferboargerliking de skieding tusken Frysktalige keunst en entertainment hieltyd skerper lutsen. Dat is bygelyks sichtber yn it útinoar gean fan literatuer en kabaret nei de dea fan Meindert Rozenga yn 1901; mear as ien kommentator yn kranten en oare blêden warskôget dêrnei foar it ôfsakjende nivo fan de teksten fan it saneamde Twadde Winterjounenocht.
En der is mear. Sa set de al âldere skieding tusken literatuer bedoeld foar lêzers fan teksten en saneamde sekundêr-orale literatuer ek bedoeld foar taharkers him fierder troch. Lykas dy tusken foarstanners fan it liberale Frysk Selskip en foarstanners fan in spesifyk kristlike stratezjy om de minsken mei it Frysk te berikken. En dêrboppe op komt dan noch de opkomst fan de oanhingers fan ‘yndividuele keunst’, dy’t harsels yn skerpe opposysje sette mei de as ferâldere beskôge ‘folkskeunst’ út it tiidrek fan Waling Dykstra.
De opkomst fan de Jongfryske Mienskip nei 1915 is, nei de oprjochting fan it Boun Jong-Fryslân yn 1905 en it Kristlik Frysk Selskip yn 1908, de belangrykste Frysk-kulturele reaksje op boppesteande ûntjouwingen. ‘Persoanlike keunst’ wurdt tenei it biedwurd fan in jongere generaasje frysksinnige skriuwers. Op it politike mêd hingje dy lykwols in by útstek kollektive ideology oan: dy fan it Fryske nasjonalisme. Yn de konservatyf-nasjonalistyske hausse fan de Earste Wrâldoarloch krijt de Mienskip de wyn yn ’e seilen, as teken dat ek lytse folken yn Europa yn dy hausse meinaam wurde. It Jongfryske ideaal wurdt in ientalich Fryske maatskippij en in ientalich Fryske kultuer, net ûngelyk oan ideeën oer regionaal-kulturele en -ekonomyske emansipaasje yn oare minderheidstalige gebieten yn Europa yn dy tiid.
As de boer-dichter Douwe Hermans Kiestra (1899-1970) oan ’e ein fan ’e oarloch lid wurdt fan de Jongfryske Mienskip, hat dy Mienskip, ûnder lieding fan Douwe Kalma, him ûntjûn ta de driuwende krêft achter it Fryske nasjonalisme. Lykwols krijt de Mienskip yn de tweintiger jierren behalve in stream oan Frysktalige skriuwerij en fantasearderij net folle konkreets klear fan syn nasjonalistyske ideaal. It bliuwt in relatyf lytse klup skriuwers en jeugdige sympatisanten, in krappe 800 op it hichtepunt (yn 1918). Behalve brede stipe út it folk wei ûntbrekt ek in sterke politike represintaasje yn de Steaten. Dyselde ûnmacht jildt ek foar it Frysk Sosjaal-Demokratysk Boun fan minsken as Jelle Brouwer, likegoed as foar de kristlike selskippen dy’t yn roomske en grifformearde rûnten nei de Earste Wrâldoarloch oprjochte wurde.
Portret fan Douwe Kiestra, datearring ûnbekend. Foto: Kolleksje Tresoar.
Nei 1918 rekket de Fryske beweging op ’e nij sterk ferpyldere en mei troch allerhande politike en persoanlike strideraasjes komt it Fryske nasjonalisme, as oerkoepeljende ideology, mear en mear yn ’e knipe. As yn it begjin fan de tritiger jierren in nije, swiere ekonomyske krisis útbrekt, hoecht it jin net te fernuverjen dat in part fan de Fryske nasjonalisten ta is oan wat nijs. Dat sil it Fryske faksisme wurde, dêr’t Douwe Kiestra mei Jan Melles van der Goot en Rintsje Sybesma in sintrale rol yn krije sil.
Hy, in lytse feeboer yn Poppenwier en Tersoal, is ien fan in soad Jongfriezen dy’t, teloarsteld oer it útbliuwen fan polityk súkses, de delgong fan de Fryske lânbou en de ûntstellende earmoed yn stêden en op it plattelân – en kritysk oer de ûnwil fan it Nederlânske regear om dêr folle tsjinyn te lizzen – de eagen op Dútslân slaan. Alle omtinken hawwe de Fryske faksisten foar de Dútse erfwetten foar boeren, dy’t pleatsen yn ien hân hâlde ynstee fan se op te dielen ûnder mear erfgenamten. Se hearre en lêze ferhalen oer hoe’t yn Dútslân de boer hast mytysk fereare wurdt. En is de Fryske boer net de rêchbonke fan de Fryske en de Frysktalige kultuer? Se dreame fan in nije boerebloeitiid, dy’t Fryslân en de Friezen in better plak ûnder de sinne jaan sil. Se dreame fan in ûnôfhinklik Fryslân, dat los fan ‘Hollân’ bestean kin as brêge tusken de Angelsaksyske, Germaanske en Skandinavyske kultueren.
Gjin omtinken hawwe se foar sinjalen dy’t har yn ús eagen op ôfstân hâlde moatten hiene fan ideeën oer Dútse help foar ‘de Fryske saak’. Dy sinjalen, lykas de massale arrestaasjes fan tsjinstanners fan Hitler yn 1933 en de Kristallnacht yn 1938, wienen oars net maklik te missen. Dat men net foarsjen koe dat dy sinjalen úteinlik op de Holocaust útrinne soenen, is in ekskús dat Kiestra by syn feroardieling troch it nei-oarlochske Tribunaal net brûke wol. Hy wol skuld bekennne, blike litte dat er him blyn meitsje litten hat troch syn Fryske idealen. It bysûndere is dat er dat docht yn in dichtbondel dy’t yllegaal ferskynt, skreaun ûnder in pseudonym, D. van Wieren, om’t it Tribunaal him as belangrike kollaborateur in publikaasjeferbod fan 2,5 jier oplein hie.
Dy bondel is Sinne op ’e striesek, dy’t yn 1946 mei help fan de skriuwers Douwe Tamminga en Jan Piebenga gearsteald en yllegaal drukt en ferspraat wurdt. Kiestra heart yn dy tiid – en noch altyd – ta de belangrykste Fryske skriuwers. Foar de dichtbondel Efter it oargel (1935) en de proazabondels In skreach mei apels (1936) en De froulju fen de fetweider (1939) hie er earder in protte literêre wurdearring krigen.
Oars as oare eks-Jongfryske kollaborateurs, lykas Kalma, Sybesma, Haring Tjittes Piebenga en Sybe Douwes de Jong, krige er sawol foar it Tribunaal as by de publikaasje fan syn wurk stipe fan belangrike freonen, wierskynlik sels út it ferset wei. Hy hie wol in kultureel kopstik yn ’e kollaboraasje west, en hy hie mei syn garisma en ferbale talinten mannich boer út ’e Legeaën nei de ferkearde kant oerhelle. Mar hy wie nei de oarloch ree om – oars as de oaren – skuld te bekennen. Tajaan dat er it ferkeard sjoen hie. Wat grif ek mei makke hat dat men him net falle liet, is dat er yn Tersoal by twa gelegenheden tsientallen (ek Joadske) ûnderdûkers by in buorman net inkeld net ferret, mar ek aktyf beskerme hie troch Dútse patrûljes in oare kant op te stjoeren. Dat ferhaal rûn er nei de oarloch oars net mei te keap. Yn in lytse rûnte bekend, kaam it krekt fier nei syn dea oan it ljocht yn biografysk-literêr ûndersyk foar myn blomlêzing Skielk beart de hjerst út 2005.
Foto fan de buorkerij oan De Grutte Wierren dêr't Kiestra wenne hat. Foto: Kolleksje Tresoar.
Ut Sinne op ’e striesek en ytlike net-publisearre fersen fan dalik nei de oarloch, yn deselde snuorje skreaun, docht bliken dat Kiestra syn skuld mei moed en minsklikheid net inkeld bekent mar dy ek besiket, as dichter, te ûndersykjen. De 22 fersen yn de bondel binne skreaun yn de strafkampen foar kollaborateurs yn Sondel en Luttelgeast (Noardeastpolder) dêr’t Kiestra ynternearre west hat. De dichter wurdt hinne en wer slingere tusken berou, grutskens en gefoelens fan fernedering en fynt treast yn it kristlik leauwe en it ljocht fan God. Yn it fers ‘Fryslân’ dichtet er:
God, Jins geheimfol bedoelen
Dat wy foar Friezen gean,
Dit besef jout romt’ en ferklearing,
Dit bant alle skand’ en benearing
Dy’t út lyts fielen ûntstean.
Hy sjocht himsels noch altyd as in strider yn in hillige striid foar it Fryske folk, dat ommers (neffens de doedestiids gongbere Kuyperiaanske ideology) in folk is neffens Gods bedoeling. Mar yn ‘Twaspraak’ jout er ta dat er ‘net feilleas striden’ hat, jout er syn politike ûngelyk ta en toant er berou. Syn Fryske idealen kin er net opjaan, en der sil oait noch wolris in tiid komme dy’t dêr ryp foar is, mar hy ‘sil nea de foarstap wer nimme’. It ljocht dat de sinne op ’e striesek yn it kamp skynt, bringt him yn it titelgedicht fan de bondel de genede dy’t noadich is om fierder te kinnen:
Om yn tiid fan ûntbearing,
Fan langstme en ferlet
Te stean op ’e skearing
Fan need en benearing,
Moedich fan hert,
Moat in ljocht yn my baarne
Fan heger komôf,
Dat ik stean as in fane
Dêr’t de winen yn slane.
Nea bang, nea drôf.
Yn gedichten oan frou en bern sprekt er harren moed yn, no’t er net op ’e pleats wêze kin. Yn ‘Oan ús bern’, net publisearre mar út deselde tiid, bekent er nochris skuld:
Mar tink derom: it is jim heit
Dy’t jimme iepenhertich seit,
Hy hat de Poep te gol, te rûn,
Te furdich syn betrouwen jûn.
Dat skuldmotyf sil letter hieltyd yn Kiestra yn dichtsjen oan te treffen wêze. Trinus Riemersma hat him goed kend en skreau letter (1983) yn syn ienmansblêd De Kul: ‘Hy neamde ûntskuldigingen en wiisde dy fuortendaliks wer fan de hân: hy woe der foar stean. Hy besocht syn wandieden yn har folle omheining te befiemjen, en hy pakte der slim mei om. Hy hie spyt, ik bin der fan oertsjûge dat de man it himsels net ferjaan koe, wat er dien hie. Ik haw om dy reden nochal wat respekt krigen foar Kiestra, moat ik sizze, en ek begrutsjen: hy fernielde himsels mei syn wroege.’
It sil altyd as in swier skaad oer de Fryske beweging fan foar en yn de oarloch hingjen bliuwe: it net sjen kinnen, net sjen wollen, it weisjen fan de Dútske terreur. Dat is de ‘Fryske skuld’. It hawwe foaral Jongfryske, skriuwende en dichtsjende boeresoannen west dy’t op dat stik de grutste ferantwurdlikheid hienen. En dy’t it slimst faalden, net inkeld yn har polityk oardiel mar ek yn har minsklikens.
Oft Douwe Kiestra him úteinlik út dat fallyt noch rêde kinnen hat, sil foar guon altyd in fraach bliuwe. Mar ûnder mear it feit dat er yn syn dichterskip nét weisjoen hat fan syn falen, wylst syn eardere bûnsmaten harsels fersûpten (Brolsma) of foar in auto stapten (Kalma) of gewoan faksist-sûnder-spyt bleaune (Piebenga, Sybesma), sûnder publyk rekkenskip fan eigen hanneljen te jaan, makket mei, foar my, dat ik syn bytiden fenomenale poëzij ek 75 jier nei de befrijing noch lêze kin mei respekt foar de minske dy’t it skreaun hat.
Tekening dy't arsjitekt A.H. Kleinenberg fan Musselkanaal makke fan Douwe Hermans Kiestra doe't se nei de oarloch yn it kamp te Sellingerbeets (barak 2) sieten. Foto: Kolleksje Tresoar.
Yn de moanne jannewaris ek noch bydragen yn it dossier Befrijing yn de Fryske literatuer. Nije wike: Elske Schotanus oer in nije útjefte fan Efter it tried fan Reimer van Tuinen.