Nije bydrage yn it dossier Befrijing yn de Fryske literatuer, troch Bouke Slofstra.
De Fryske skriuwerij beweecht him yn in meartalige kontekst, lykas de Fryske taal sels. It paradoksale dêrfan is dat dy meartaligens him likegoed yn ’e kontekst fan de Fryske skriuwerij beweecht. In skriuwer kin in oarstalich personaazje wol of net yn syn eigen taal sitearje, en dat kin er op ferskate wizen dwaan. Dêrmei kin de skriuwer in bepaald effekt berikke, of net. Dat personaazje kin op ferskate wizen typearre wurde, mei of sûnder apart taaltsje.
Ta de neitins fan Sybren Sybrandy 1942-2020.
Foto: De kwaksalver foar de hopsek te Ljouwert. Rimen en teltsjes, útj. Breuker e.o. 1974, side 121. Plaatsje fan Ids Wiersma.
Henk Wolf hat ferline jier in wat mear algemien stik skreaun oer meartaligens yn ’e Fryske literatuer (Wolf 2019). Myn artikel oer Joadske personaazjes (Slofstra 2020) wie bedoeld as in case study yn itselde ramt, mar ek as in lyts ûndersyk nei othering yn ’e Fryske literatuer. Dizze bydrage is in ferfolch. Hjir wol ik it ien en oar sizze oer Dútske migranten (om net te sizzen: oer poepen en hantsjemieren) yn ’e Fryske letteren. It algemiene byld dat fan dy saneamde poepen sketst wurdt sil hjir mear omtinken krije as it aparte taaltsje dat de personaazjes prate.
1 Mieren en poepen yn ’e skiednis
Sûnt de Tritichjierrige Oarloch (1618-1648) hawwe in soad Dútskers as arbeidsmigranten de grins oerstutsen. Dy oarloch hie harren heitelân ommers ta in earm en ûnfeilich gebiet makke. Pas yn ’e tiid fan de Dútske ienheidssteat (Bismarck, 1871) naam de wolfeart dêre wer ta. Gersmeanders út Westfalen (meast hantsjemieren neamd) kamen alle jierren simmerdeis diskant út. Se reizgen rinnendewei yn groepkes, oer in distânsje fan mear as twahûndert kilometer. It lêste stik nei Hollân en Fryslân gong meastal mei de boat oer de Sudersee (Mulder 1973, Molema & Schroor 2019). Dizze mieren namen har eigen seine mei en droegen ornaris in marse op ’e rêch mei iten, klean en keapwaar om ûnderweis te ferkeapjen. It wurk dat se diene kin mei rjocht in poepetoer neamd wurde. It meanen sette om in oere as ien nachts útein. It seit himsels dat dizze gastarbeiders hurder skrepten foar in leger lean as in pleatslike feint fertsjinje soe. Hantsjemieren foelen yn it foarste plak op troch har Leechdútske taal. It Heechdútsk wie foar dy minsken in sa goed as frjemde taal, wylst dat it Nederlânsk in lang skoft yn dy omkriten dominant west hat as de taal fan it bestjoer en de tsjerke (Knottnerus 2000, Molema & Schroor 2019). Hoe’t de kommunikaasje tusken Friezen en Dútskers no krekt ferrûn, witte wy net hielendal. Mar der binne wol bewyskes dêrfan bewarre bleaun yn ’e foarm fan brieven dy’t de hantsjemier Jan Roskam út Brual (yn East-Fryslân by Wynskoat) om 1870 hinne oan ’e Loaijengeaster boer Rintsje Bootsma ferstjoerde. Dy binne yn in soarte fan Nederdútsk skreaun dat net folle fan Nederlânsk ferskilt (Lucassen 1987a). De iennichste twa Fryske wurden dy’t Roskam brûkt binne feint en groetnis (Lucassen 1987a, sjoch ek Molema & Schroor 2019). [1] In oare oanwizing is in fragmint út Dät Ooldenhuus (H. Janssen, edysje Kramer 1964, 57-61) dêr’t yn sein wurdt dat Sealter mieren yn Grinslân Nederdútsk praten en yn Fryslân Eastfrysk (sjoch bygelyks Wolf 2019, Lucassen 1987a, Knottnerus 2000). Yn it algemien kin sein wurde dat foar de Westfalers it kulturele en taalkundige ferskil mei Grinslân en Drinte folle lytser like te wêzen as dat mei Fryslân en Hollân. Dat docht ûnder oaren bliken út it feit dat Westfaler migranten yn Grinslân en Drinte folle faker mei pleatslike froulju trouden as oarsearne (Molema & Schroor).
De mieren foelen net allinnich op troch har taal mar ek troch harren aparte klean (Mulder 1973, Doornbosch e.o. 1987). Der binne yn ’e folksliteratuer boppedat in soad oanwizingen dat dizze wurklju net sa noflik rûkten, omdat se nacht en dei deselde klean oan hiene. Dizze guodkeape arbeidskrêften waarden as net sa botte snoad beskôge, mar wol as tige warber en betrouber.
Gersmeanders wiene by definysje seizoenarbeiders, mar der wiene ek oare migranten. Dy kamen bygelyks as hannelslju nei Nederlân en binne bekend wurden as lapkepoepen of fyndoekspoepen. Bekende foarbylden binne Carl en August Brenninkmeijer en de famyljes Voss, Poiesz en Sinkel. Sokke lapkepoepen hiene yn it generaal in wat hegere status as de saneamde mieren, mar men moat wol betinke dat in gersmeander tagelyk lapkeferkeaper wêze koe, lykas hjirboppe sein. Ferskate meanders en oare migranten namen ek har eigen muzykynstruminten mei en waarden blaaspoepen neamd. (Mulder 1973, Doorbosch e.o. 1987). Dat type komt hjirûnder by de Halbertsma’s eefkes werom. Guon migranten fûnen wurk as hiersoldaten (foar Napoleon), fjildwachters of oare beroppen. Nei 1900 rûn de Dútske migraasje op syn ein. De ‘poepen’ gongen foargoed werom. Wa’t net weromgong bleau foargoed (of wie al generaasjes lang bleaun en assimilearre). De Zelles en Slauerhoffs binne bekende foarbylden (lykas de Brennikmeijers ensafuorthinne).
2 Mieren en poepen yn ’e letteren yn Nederlân
Yn dit artikel giet it net om de histoaryske werklikheid fan sokke Dútske migranten, mar om de resepsje fan harren bestean yn de Fryske literatuer. Foar in better begryp dêrfan hat it eigenskip om earst nei de Hollânske tradysje fan kluchten mei stereotype Dútske arbeidsmigranten te sjen, dy’t om 1600 al úteinset wie (Ornée 1970; Dubbelman e.o. 1987; Mertens-Westphalen 1993).
It personaazje fan de earme, earlike mar ûnwittende hantsjemier komt yn De klucht van de mof fan Isaak Vos (1644) al foar. Trije mieren ûntflechtsje de Tritichjierrige Oarloch en de earmoed yn har heitelân. Se komme oer de Sudersee yn Hollân oan om dêr as gersmeanderr te wurkjen. Se ite har fol mei spek en spuie dat wer út at se seesiik wurde. Se prate in soarte fan Nederdútsk, lykas yn oare toanielstikken. Mertens-Westfalen seit dêroer dat dit “een aanwijzing is dat taal geen onneembare barrière was, ja zelfs, wat de nog te bespreken komedie betreft een bijzondere aantrekkingskracht ervan uitmaakt: namelijk de moffen in een mengelmoesje van Westfaals en Oostnederlands te laten spreken”. Itselde type sjogge wy yn De stiefmoer (1684) fan Thomas Asselijn: mien hern, wie zund altzamen arme luden, wr haben alles durch den krieg verloren. Dêr is ek it motyf te finen fan de poep dy’t as stjonkende bûtensteander skoudere wurdt: “ze is een stinkende westfaalse moffin” en “ze stinken als honden”. “Deze visie op Westfaalse gastarbeider is heersend tot eind achttiende eeuw”, skriuwt Ornée. De poepen binne bûtendat rûch yn ’e mûle. As de poepinne Tryntsje yn Isaak Vos syn Klucht van de moffin (1644) gjin faam foar har soan fine kin, begjint se te rachen en te skellen: o doe olde ackerlijsche hoer!
Dat motyf fan ‘feint siket faam’ liedt ús ta in oar type fan Dútske migranten, nammentlik dat fan de jongfeint dy’t him as in jonker foardocht omdat er in Hollânske frou trouwe wol, bygelyks yn De zwetser (1712) fan Pieter Langendijk. Hans de Zwetser is in poehoanne, in sabeare ealman, in sabeare soldaat en in kwaksalver dy’t tinget nei in faam (Izebel). By einbeslút wurdt er troch de heit fan Izebel it hûs út reage. Kwaksalvers en (sabeare) soldaten komme hieltyd werom yn dit sjenre. It heart ek by it type dat Hans de Zwetser in feint hat, yn dit gefal de tige plat Dútsk pratende Slender-Hinke (‘slinterjende Hâns’). Krekt sa’n poehoanne as Hans de Zwetser spilet in rol yn De schoonste, of het ontzet van Schevening (1685) fan Diederik Buysero. Apart is dêr wol dat de sweeslagger Hans Yzerfresser tsjin syn feint Lichthart Heechdútsk praat. (Dat sille wy letter by de Halbertsma’s werom sjen.)
Sokke iermoderne kluchten moatte yn Fryslân bekend west ha. Joast Halbertsma koe dy wurken goed, sa’t er sels te witten die (Halbertsma 1860-1:208; 1864:262). Der is ek yndirekt bewiis. Waatze Gribberts Brulloft (1701) is in Westerlauwersk-Fryske bewurking fan de Leechdútske klucht Teuwis bruyloft, ofte Hooghtiidt. Dat lêste stik wie oarspronklik útjûn yn de bondel Den Westvaelschen Speelthuyn, dêr’t ek De Historie van Slenner-Hincken landlaup (fan 1661) yn stie (Postma 1893: 269ff).
Yn ’e njoggentjinde iuw komme de hantsjemieren wer werom. Hans Hannekemaaiers kluchtige lotgevallen (1830) fan Marten Douwes Teenstra biedt ús it prototype fan de sa neamde ‘poepeferhalen’ oer sleauwe hantsjemieren, sa’t wy dy hjirûnder tsjinkomme sille (ferlykje Lucassen 1987a, De Blécourt e.o. 2010). Justus van Maurik besprekt ek hantsjemieren yn Toen ik nog jong was (1901). Yn dat boek is de “hannekemaaier” al in ferskynsel út it ferline, sa’t de titel oanjout. Van Maurik is ek mylder en minskliker fan toan as Teenstra. De mier mei dan wol sûpe en frette, sleau fan begryp wêze en nuver prate, mar hy hâldt dapper hoek yn in swier bestean. Dêrnjonken is hjir te lêzen dat de gersmeander deun op ’e sinten is. Hy komt hjir ommers om jild te fertsjinjen, net om dy út te jaan, mar yn Amsterdam is wol in soad te keap wat er thús net hat. By einbeslút jout Van Maurik omtinken oan de ‘poepske’ sjongkultuer, mei in ferwizing nei de earder neamde Thomas Asselijn: Doar gink 'er so hups 'en moagdelin, fin! In verre dullen, oan geune grün' heiden.
Yn ’e Nederlânske boarnen wurdt troch de iuwen hinne gebrûk makke fan de mooglikheden dy’t de meartalige sitewaasje biedt. “Er wordt zelfs in het blijspel (fan Langendijk, 1712) met de taal zelf gespeeld, wanneer de boer Jeroen beweert dat zij, de dorpsbewoners, toch allen goed Duits spreken en hij begrijpt niet dat Hans Yzerfresser hem niet verstaat. Terwijl gelijktijdig zijn dochter Dieuwertje zegt dat ze van al die mof zijn gezwets geen woord kapiert”, skriuwt Mertens-Westphalen (1993). Sadwaande makket de Langendijk in útsûndering op it prinsipe dat alle personaazjes altyd har eigen taal prate en dy fan in oar fersteane (Wolf 2019, Slofstra 2020). En by Van Maurik (1901) seit de hospita fan in pensjon foar poepen: Ik doe d'r lui spraak maar zoo goed en kwaad ik kan na, begrijpt u? - ze koeterden mofsch en Hollandsch door mekaar. En dat is wat se docht: Sjinnerl noe wird's zoe boent, schmeiss jij d'r 's efkes 'n paar hinaus, zoem exempel - anders doe ich 's selder! [2]
3 Mieren en poepen yn ’e Fryske skriuwerij: Van der Ploeg en de Halbertsma’s
It oersjoch dat hjirûnder folget is net folslein. Der binne net folle skriuwers yn behelle en de measte foarbylden binne earder op oare plakken al neamd. Nij en better ûndersyk soe wolkom wêze. Foar 1900 binne Feike Hiddes van der Ploeg en de Halbertsma’s de foarnaamste boarnen.
De ‘poep’ wurket dêr yn ’e regel net op it lân. Hy is ornaris wol in bûtensteander dy’t krom praat.
By Van der Ploeg komme wy twa kear in Dútske fjildwachter tsjin: yn Mayke Jakkelis (1777) en Het jonge lieuws boosk (1778). De fjildwachter yn Mayke Jakkelis stiet de haadpersoan by as dy niiskrekt troch in Joad bestellen is: das sol ein smous kedaan habbe (ferlykje Slofstra 2020: 44-7). Yn Het jonge lieuws boosk leit de fjildwachter twa Fryske jongfeinten dy’t om in faam fjochtsje in boete op: ons krietman het zekt: wan men op te marke fecht, das was swaay koukulden. Geef my tie. De beide fjildwachters steane heger op ’e maatskiplike ljedder as de stellende en ligende Joad dy’t yn beide stikken foarkomt. De taharker sil perfoarst om syn brike mingtaaltsje lake ha, en om dat fan de sabeare-Jiddyske pratende Joad, mar itselde jildt ek foar it aparte Frysk fan de Hylperske froulju yn it Jonge liuews boosk. De fjildwachter yn dat lêstneamde stik wurdt dan ek in “Dútsker” neamd, net in “poep”.
By de Halbertsma’s is “poep” (of “poepinne”) krektoarsom it gewoane wurd foar in Dútske migrant, dy’t hiersoldaat, jonker, kwaksalver, hantsjemier of wat oars wêze kin.
Yn ’e Rimen en Teltsjes komme al de poepeferhalen oer hantsjemieren foar dy’t wy letter by Jaarsma (1952) en Poortinga (1976) tsjinkomme sille. De âld-hantsjemier Bearn Poep kin him “op ’e wide wrâld net begripe” hoe’t “bisten mei sokke koarte fearkes fleane kinne”, as him yn ’e koken fan in herberch in dea knyn tasmiten wurdt (‘De fûgel fan Bearn Poep’, Lapekoer, 1822/1994:20). De namme Bearn Poep is like stereotyp. It is oarspronklik de bynamme fan biskop Bernhard fan Münster (alias ‘Bommen Berend’). [3] By Joast Halbertsma fine wy ek de mop fan de bakkersfeint út Paderborn dy’t nei in lange slommer de moanne foar de sinne oansjocht: Ich glöbe so, aber ich weiss es nicht dêger. Den ich bin fremed in dat groute amsterdammeke. (Halbertsma 1860-1: 189). [4] Dat, Halbertsma skynt in like âlde boarne fan poepeferhalen te wêzen as Teenstra (1830). It klisjeebyld fan de poepen as “rou en ûnnoazel folk” is rûnom werom te finen, bygelyks yn De sulveren rinkelbel fan Waling Dykstra (s. 135). In oar poepeferhaal út de njoggentjinde iuw stiet yn Boonemmer (s.j.).
Yn ‘De skearwinkel fan Joute-baas I’ prate twa boeren oer it hieren fan de hantsjemieren (“Hoe djoer binne de mieren, Fetse?”). Fetse leit út dat er “de smoarchste it leafst” hat. “Ik haw altyd fan dy Lipske mei har bêdteken rokken oan. Dy it fûlst stjonke, dy haw ik it leafst.”(‘Skearwinkel I’, Lapekoer 1822/1994: 482-4.)
In hantsjemier mei de klisjee-namme Harmen wol him skeare litte yn ‘De skearwinkel fan Joute-baas III’ (Lapekoer, 1822/1994: 318). [5] It is de skearbaas min nei it sin dat de poep mar in bytsje jild útjaan wol (ich gebe dich nich mehr dan ’n ortken), want hy sil ommers “mei tritich keabelde keizersgûnen yn ’e pong en in tsiis op ’e puchel” wer nei syn lân werom reizgje. De hantsjemier “út it lân fan de baronnen en de gnädige Herren” wurdt rûch behannele en by einbeslút fuort stjoerd. De oare oanwêzigen sille him net misse: “Ei ju! hja rûke krekt as de Turken: en dat komt, dat de poepen, sa lang as se hjir te lâne binne, yn ’t hea lizze, en har net ûntklaaie, en de Turken sliepe altyd yn ’e klean.” Dom, deun en stjonkend. De stereotypen binne dúdlik, oant sa fier.
Joast Halbertsma liket him letter yn syn noaten op Jan Goeverneur syn oersetting fan ‘It Boalserter Nut’ (Halbertsma 1860-1) wat te ûntskuldigjen foar dat klisjeebyld (sjoch ek Vriesema & van der Goot foar dy fragminten). Hy wol de lêzer bygelyks leauwe litte dat it Fryske wurd poep net leechlizzend is, oars as it Hollânske mof. Dêr sille wy hjirûnder op werom komme. Der binne lykwols útsûnderingen op it klisjeebyld: “Wy hienen lêsten in poep yn ongetiid, dy noch onder Napoleon tsjinne hie; dat wie in moai skrander en fernimstich keardel”. (‘De skearwinkel fan Joute-baas II’, Lapekoer, 1822/1994:318).
Dat de hantsjemieren, dy’t lange dagen yn ’e gleie sinne bodzje moatte, in soad ite en drinke, sil jin gjin nij dwaan. Foarbylden binne maklik te finen, bygelyks de poep dy’t in spek stellen hie (‘Skearwinkel III’, Lapekoer 1822/1994:408) of de twa poepen dy’t in einfûgel behimmelje (‘Japik Ingberts’, Lapekoer 1822/1994:481). Mar boer Fetse freget him yn it earder neamde fragmint ôf wêr’t dy mieren har heal kroadfol sûpenbrij bergje mei har smelle pânsen. “De poepen ha nin gat en nin liif”, hâldt er út. Oars sein, se binne “smel fan bealch en nin gat” (‘De twadde jûn’, Lapekoer 1882/1994:11). De stereotype poep yt net allinnich in soad, mar hy sûpt ek mear as in bytsje traan (Lapekoer 1882/1994:483) en jenever (bygelyks T.G. van der Meulen, Brulloft yn ‘e wâlden, útj. 1974: 166). De poep as fretter is net allinnich in literêr klisjee. Joast Halbertsma miende dat Dútskers gjin grutter nocht koene as dat (Halbertsma 1846: 105.)
Fyndoekspoepen komme yn ’e Rimen en Teltsjes net as personaazjes foar. Yn ‘It grouwe pak’ wurdt oars wol ymplisyt útlein dat sokke sutelers gjin Frysk koene (Lapekoer 1822/1994:142). (Vriesema & Van der Goot (2006: 28f, 90ff) dogge ús sels te witten dat lapkepoepen har eigen geheimtaal hiene, it saneamde Humpisch.) Yn ’e ‘Skearwinkel I’ (Lapekoer, 1822/1994:487) giet it petear oer moaie Fryske fammen dy’t bettere manlju fertsjinje as de legerein dy’t se krije (bygelyks fyndoekspoepen). Dy lizze ommers net op in goede namme yn ’e Lapekoer: Ja, fan dy flienske poespassen, dy ús froulju allerlei bellen en flarden oansmarre, en as 'er op 't ein net gauwernôch jild komt, it de earme boer ta beslút mei parate eksekúsje fan de bealch skuorre. (‘Skearwinkel [II]’ Lapekoer útj. 1994:315). Mulder (1973: 91-2) leit út dat Fryske froulju botte graach, byneed achter de rêch fan har mannen, harren lapen kochten.
Oare beroppen komme ek oan ’e oarder. De âld-sersjant Ferdinand út Waldeck spilet in lytse rol yn ‘Minne Jorrits reis nei it Kollumer oproer’. Hy praat bryk Dútsk: Puerfrau, keef mij kouw voor seks daiten. (‘Buorfrou, jou my gau drank foar seis duiten.’) De heit fan it personaazje Christiaan yn ‘De jonkerboer’ wie in poep en in ritmaster (1994:435). De Stedsk pratende “poepekastlein” yn ‘De faam en de bargekop’ (Neirisping, 1994:513) en it eftergrûnpersonaazje “Bearn Poep” (alwer dy namme!) yn ‘Oan Eolus” (1994:178) binne herberchsbazen. In “duvelse poep fan in skoallebok” is te finen yn ‘Foar de toanbank en derefter’ (R&T, Neirisping, 1994:510). De foarbylden fan Christiaan en de “poepekastlein” (dy’t syn dochter net trouwe litte wol) litte sjen dat bern en bernsbern fan migranten in yntegraasjeproses ûndergeane. [6]
It is opfallend dat Dútske migranten geregeldwei yn de rol fan kwaksalver foarkomme, krekt as Joaden (ferlykje Slofstra 2020). Yn De reis nei de jichtmasters (Lapekoer, 23ff) is de kwaksalver Toon út Detmold eins in wever fan berop. Hy hat in resept tsjin de jicht, dat veul lu pei ons in Detmold de vliegende gicht afkoerirt hat, te witten in mingsel fan flaaks, traan, jenever ond twei leffevol semf. It flaaks bringt syn gast Gabe it weversfak yn it sin, en de traan en de jenever passe by in poep. Oer de “semf” (moster) warskôget Toon syn feint (yn it Heechdútsk) dat it de pasjint im Rothem Hahn bringe sil, krekt as der kerl der sein weib jeder [sic] sonabend so ungeheuer durchpriegelte. Moster is in bekend motyf yn poepemoppen. De poep wriuwt it bygelyks by fersin oer syn gesicht en begjint te moartsjen dat syn holle yn ’e brân stiet (Poortinga 1976: 289). [7] De kwaksalver Toon is gjin mier, dat hy stjonkt net yn letterlike sin, mar wol figuerlik, wannear’t syn feint him mei boppesteande wurden ûntmaskert: “No begjint de poep te stjonken”. [8]
De eptige Rotarmel, út ‘De âld kies fan Pîbomme’ (Lapekoer, 118ff) is in wat mear betroubere amateur-dokter út Dútsklân. Hy stiet op ’e Ljouwerter merke. Hy lûkt dy “âld kies” út de titel mei in skerp swurd. Das war ein Luder. Sie mir die Wurzel. Ein alter [sic] Kuh hat sie gewis nich ticker. It konsult kostet net minder as drei gylden, mar de pasjint is genêsd. Earder yn it stik komme ek in Joad en in Ongersman (Hongaar) foar, beide yn ’e rol fan reizgjende toskelûkers. It eptige karakter fan Rotarmel, mei syn prûstige jas en syn âld guds, is grif in oerbliuwsel fan de ‘keale jonker’ út de Hollânske kluchten: It pòchen ind bliezen is yn 'e poepen biroáste (Halbertsma 1874 sv biroastje).
Hindrik Poep út ‘De skearwinkel fan Joute-baas III’ (Lapekoer, 399) komt út it amt Lingen en pielt “by syn affearen ek wat mei masterjen”. Syn krûden en dranken helpe de pasjinten net. Wannear’t se dêroer kleie, makket er misbrûk fan har byleauwe. By de “fûstsalve” fan Master Kloppenburg (Grouster weachmasters, 1841/1994:545) lykje de pasjinten (in casu de fjochtsersbazen fan Grou) mear baat te hawwen. It dokterjen en it kwaksalvjen komme gauris as motiven werom yn ’e Rimen en Teltsjes. It prototype fan de kwaksalvjende Dútser komt fansels út de Hollânske kluchten (sjoch hjirboppe). Eeltsje Halbertsma syn berop as dokter en syn striid tsjin it byleauwe ha dêr sûnder mis ek mei te krijen (G. Dijkstra 1946: 156f). [9] Hy wie de skriuwer fan ‘De reis nei de jichtmasters’.
It byld fan de poep by de Halbertsma’s yn it algemien hat nei alle gedachten trije boarnen: de âldere Hollânske kluchten, de kontemporêne foaroardelen fan de Friezen en de persoanlike ûnderfiningen en rydhynderkes fan Joast en Eeltsje. Dútslân wie in ûnfrije en hiërargyske maatskippij, wie Joast persoanlik fan betinken (J.H. Halbertsma, ‘De reis naar Frankfurt’ 1846; Spahr van der Hoek 1969:211; fl. De Jong 2009:171ff, Piebenga 1969). [10] Syn spotslach oer de gnädige Herren wurdt werhelle yn it boppeneamde barbiersferhaal yn ‘De skearwinkel fan Joutebaas’. Mar it motyf fan de sweeslaande Leechdútske poep dy’t syn feint de bek snuorret mei in Heechdútsk Halt’s maul, Fridrich is in echo fan Hans Yzerfresser yn de earder neamde klucht De schoonste fan fan Dirk Buysero. [11] It is fansels net hielendal ûnmooglik dat Joast syn persoanlike oardiel sels ek beynfloede wie troch in besteand klisjee-byld út literêre boarnen.
De Dútske personaazjes yn ’e Rimen en teltsjes prate yn it generaal in soarte fan (sabeare) Leechdútsk mei in ferstimleazing fan de ploffers. Bygelyks: pei ons in Detmold had 's recht viel luit kesonnd gemacht yn ‘De Jichtmasters’ of puerfrau yn it ‘Kollumer Oproer’. Dy ferstimleazing wurdt op grappige wize ferwurke yn ‘It feartflagjen’ (R&T, 243):
Dizze skroar wie in âlden Dútser, dy hjitte eigentlik Labbenbach, mar hysels spriek dy namme út as Lappenpack, en no neamden de Dokkumers him yn de wandeling sljochtwei fan lappenpacker; ik tink wol, omdat er de lappen, dy syn klanten ta rjochte takaamne, sels ynpakte. Hy kaam op it stêdshûs mei de sliepmûtse yn de hân, en sei: “Koeten morje, mynheer Pirgemeister. En koeten morje, brave heren al gesamt. Wat heppe te heren te pefelen?” (…)”.
Joast Halbertsma miende sels dat Dútskers werklik sa praten:
Ten opzicht van het consonantisme der Duitschers heb ik ene dwaling van mij ontdekt. Ik meende dat zij een b, g enz. uitspraken, telkens als het schrift b of g heeft, en dat zij de b of g in het Hollandsch of in het Fransch horende, die in een p of k veranderden. Doch deze voorschuiving hebben zij in het Duitsch zelven, zeggende keisel, kreifen, kot voor geisel, greifen, got.
(J.H. Halbertsma, ‘Reis naar Frankfurt’, 1846, yn Kalma 1969:126.)
Oer dy ‘literêre’ ferstimleazing is al it ien en oar sein yn Slofstra (2020:44-45). Dat ferskynsel komt by Van der Ploeg (1877, 1878) [12] al foar (en yn it Frânsk, yn ’e selde tiid, by Maupassant). Hoe âld oft it ferskynsel yn de Nederlânske skriuwerij is, wit ik net, mar dat soe ûndersocht wurde kinne. Dat kin relevant wêze foar de etymology fan it Fryske wurd poep [pu:p], dat troch mannichien (û.o. Waling Dykstra (s.j., I 386-7), Knottnerus 2000:18 en it WFT) yn ferbân brocht wurdt mei it Dútske Bube (‘fint’). Yn it WNT wurdt wiidweidich útlein dat it Hollânske poep (de boarne fan it Fryske bernewurd poep [pup]) mear foar de hân leit. [13] De personaazjes Wessel Poep en Wessel Kuttel (‘keutel’) yn it earder neamde De zwetser fan Pieter Langendijk wize ek yn dy rjochting (ferlykje Lucassen 1987b en Vriesema & Van der Goot). De hantsjemier syn klean stjonke ommers. It kin fansels sa wêze dat dy assosjaasje mei skyt en stjonken yn Halbertsma syn tiid ferdwûn is, ûnder oaren troch it ferskil yn útspraak. Dêr liket Halbertsma (1860-1: 212) op út te wêzen, want hy koe dy iermoderne kluchten goed (J.H. Halbertsma 1860-1:208, 1864:262) en hy nimt de ‘stjonkende’ etymology foar kar (ibidem:212). Mar hy hâldt tagelyk út dat it wurd poep yn it Frysk gjin leechlizzende assosjaasje hat, oars as it Hollânske mof (ibidem: 207ff). Dy útspraak oertsjûget my lykwols net botte, want yn ‘De jichtmasters’ wurdt Gabe-skroar moanne dat er de wever net “foar poep útrache” moat. [14]
En de suggestje dat poep, oars as it Hollânske mof (fan ‘muf’), neat mei ‘rûken’ te krijen ha soe (ibidem: 211), kin ik net rymje mei de earder neamde etymology (ien side fierderop) en it niisneamde Jichtmasters-fragmint dat beslút mei de wurden “no begjint de poep te stjonken”. Yn 1895 is blykber de Bube-etymology húsriem wurden (Waling Dykstra s.j.). [15] De earder neamde ‘literêre ferstimleazing’ sil dêr grif in rol yn spile ha, lykas hjirboppe sein waard.
It (sabeare) Leechdútsk fan de ‘poepen’ wurdt foar it komyske effekt gauris mongen mei Nederlânsk, Frysk of Stedsk (G. Dijkstra 1946: 158, 172f, 177f). Dat is, bygelyks, by de skroar Labbenbach (hjirboppe) goed te merkbiten.
De weversfeint Fridrich yn ‘De jichtmasters’ liket in oar dialekt te sprekken as syn Westfaler baas Toon, dy’t him eefkes letter yn it Heechdútsk de bek snuorret. Fridrich seit ommers: [de moster] hat aber auch recht viel leute zum Teufel jeholfen. Miskien komt de man út Berlyn, wêr’t jeholfen sein wurdt yn pleats fan geholfen, mar krekt sa’n ferskynsel docht him ek yn it dialekt fan Keulen foar. De Dútske skroar Labbenbach (yn ‘It feartflagjen’, R&T s. 243) praat ek sa: Koeten morje, mynheer Pirgemeister.
Yn de Fryske letteren wurdt fierders net folle boarte mei it gegeven fan de meartaligens, oars as yn de Hollânske (sjoch hjirboppe). Toon ‘ferbrekt’ him eefkes as er de Fries Gabe útleit dat semf ‘moster’ betsjut (ferlykje Wolf 2019, Slofstra 2020). Gabe sels ferstiet ommers gin Dútsk (‘Boalserter Nut’, Lapekoer 1822/1994:55). Mar ornaris fersteane de Friezen en de poepen inoar goed, bygelyks yn it petearke tusken skearbaas Joute en en Harmen (s. 319). Harmen begrypt bygelyks fuortdaliks dat tomme ‘daum’ betsjut (‘Skearwinkel II’, s. 319).
Der bestie yn ’e njoggentjinde iuw ek in ‘poepeferhaal’ oer de trije poepen dy’t Fryske leare wolle (sjoch Poortinga 1976: 292). Se wurde oppakt foar in moard dy’t se net begien ha, mar se lykje skuld te bekennen mei trije út ’e holle learde sintsjes. Molema en Schroor ferwize eksplisyt nei dit ferhaal (lykas Mulder 1973). [16] Dat ferhaal is lykwols in fariant fan in let-midsiuwsk teltsje út Ingelân (Meder 2016: 115-7, Dekker 1998: 225ff). [17] Harmen Sytstra, T.R. Dykstra, Waling Dykstra en Jacobus van Loon hawwe foar 1900 belutsen west by it skriftlik fersprieden fan dit ferhaal yn ferskate farianten. [18] It ferhaal is ek yn Hollân bekend wurden, mar miskien net yn Grinslân en Drinte (omdat de boeren en de mieren inoar nei alle gedachten folle better ferstean koene).
Ta einbeslút moat hjir wat sein wurde oer muzyk. It is bekend it wurk fan de Halbertsma’s beynfloede is troch de Dútske Heech- en Leechdútske romantyk, en dat jildt benammen de lietsjes en fersen fan Eeltsje yn ’e Rimen en teltsjes (G. Dykstra 1946: 102ff, 142, 152; Brouwer 1958, Poortinga 1962, Visser 1969, neiwurd Rimen en teltsjes, útj. 1994). Yn in bekend fragmint (ferlykje Mulder 1973) wurdt in anonime hantsjemier út Paderborn, dy’t “de moaiste nije lietsjes allegearre” sjongen heard hat, opfierd as ynformant foar de haadpersoan Gabe-skroar (‘Boalserter Nut’, Lapekoer 1822/1994: 55). “As me’ safier fan dy keardel siet dat me’ him net rûke koe, en him dan sjongen hearde, soe nin minske sein ha dat it in poep wie; sa moai song dy keardel”, fertelt Gabe. “De Meunsterlju hawwe moaie sankjes ta har foldwaan, mar dy fan “ús boerefolk is túch.” Dat it hjir om “nije lietsjes” giet is net om ’e nocht, want sûnt de napoleontyske tiid is de “âlde doedelomdoe” [19] fan de poepen “feroare” (ibidem). Dy “Dútske sankjes” lykje heechdútske sankjes te wêzen. Ien sa’n lietsje is blykber Es zogen drie regimenter wohl über dem [sic] Rhein (‘Minne Jorrits reis nei it Kollumer oproer’, Lapekoer 1822/1994: 467). [20] Dat soe jin ek gjin nij dwaan, want Gabe syn lietsjes binne fansels it wurk fan Eeltsje, dy’t yn Heidelberch wenne en studearre hie (ferlykje Halbertsma 1846: 227, Mulder 1973).
Eeltsje syn broer Joast docht ús lykwols te witten dat Westfaler hantsjemieren lietsjes yn har eigen streektaal songen (Halbertsma 1860-1: 210): Toen ik nog een jongen was hield een partij van 20 of 30 hannekemaaiers er een speelman op de clarinet op na, die het gezelschap op zondagen en bij het in- en uitvaren in scheepen door hun spelen moest vervrolijken. Dêr sprekt Halbertsma fan Westphaalsche volksgezangen.
By Doornbosch e.o. (1987) kin men lêze oer de ynfloed fan Dútske migranten op ’e folksmuzyk yn Fryslân (en Nederlân yn it algemien). Twa fan sokke, frijwat sentimintele, Dútske sankjes binne letter yn in Hollânsk jaske yn ’e ‘Snypsnaren’ fan Dykstra & Van der Meulen (1882) bondele: [21] Sokke lietsjes waarden songen (as it my net mist) by de útstalling “Hannekemaaiers en lapkepoepen” yn Ljouwert yn 2019.
4 Ta beslút
Oer it byld fan Dútske migranten yn Fryslân (en Nederlân yn it algemien) is de lêste jierren al in soad skreaun, sa’t hjirboppe te lêzen is. De poep is in Oar, dy’t syn plak witte moat, koart sein. [22] Dat byld feroaret nei 1900, as de werklikheid al earder feroare is. De ferliking mei Joaden yn dyselde tiid leit foar de hân. Dy fine wy by Hjerre Gjerrits van der Veen, De kaertlizzer (1856/1994: 50). Een jeud is dankbaar as ’t hem goed gaat, maar een mof of poep nooit, seit in personaazje. [23] De útspraak oer de ûntankbere poep wurdt fuortendaliks folge troch in bekend Hollânsk rymke: Wen de poep is in het land / Dan is hij zo’n nobele kwant. (…) Maar wen hij komt tot hoger staat, / Hij doet aan alle mensen kwaad (sjoch ek Mulder 1973: 13). [24] Van der Veen brûkt itselde rymke as foaropwurd by syn bitende ferske ‘Da kikkerts’ (1852, opnommen yn Swanneblommen). It “fremd gekwek” is foar “de boerestân” “f’ral simmers” in soad te hearren. De ik-persoan fan it ferske hat it mier oan dy gasten. Mannich “fyond” [fijân] meie se habbe, “eibert earst en my dêrnei”. Want: “It is mei Fries en Fryslân dien. / Lûde ropperts, 't fremde bloed, / Nea naut [net] dien' se ús stamme goed”. Tsjintwurdich soe men dat in xenofoob stânpunt neame. De frjemd, de oar, moat mei respekt behannele wurde. Dêr stiet dan wol tsjinoer: hy moat ús taal prate en ús seden oernimme. Yntegraasje en assimilaasje kaam by Dútskers en Joaden op it Fryske plattelân wol foar (sjoch Slofstra 2020 en dit artikel), mar net op ’e selde skaal as yn ’e grutte stêden fan Nederlân hjoed-de-dei.
Nei 1900 is it al rillegau dien mei de Westfaler meanders. Yn J.P. Wierma syn roman Aldfaers groun (1948/2001: 49ff) komme mieren út ’e Wâlden foar (ferlykje Mulder 1973). Yn De sûnde fan Haitze Holwerda (Ulbe van Houten, 1938) binne de mieren Biltsjers. Oare Dútskers hawwe wurk fûn yn it heitelân of se binne hjir lânslju as alle oare lânslju wurden, lykas hjirboppe sein.
Noaten
[1] (…) en wen ü dat wel is kan ick ü en vres iünck man met bringen dei sein werk wel versteht den Lükes komt as feind bi de bur.
[2] Net allinnich hiele en heale Dútskers komme yn har eigen taal oan it wurd, mar ek Fryske froulju.
[3] Sjoch ek Visser 1969: 178 en Poortinga 1969:154 dy’t net wis binne fan it komôf fan it ferhaal.
[4] Yn Halbertsma syn noaten op Goeverneur syn oersetting fan ‘It Boalserter Nut’ (PBF Hs233, 1860-1).
[5] Visser (1969: 171, 175) leaut dat De Briffaut in boarne is foar dit ferhaal. Lucassen 1987a neamde ‘De skearwinkel fan Joute-baes’ al earder as foarbyld. Harmen is dúdlikernôch in klisjeenamme foar in ‘anononyme’ poep (lykas Levy foar in Joad): Wat seisto, Jaan Heindriik? Of Haarm? Hoe hjitste?
[6] Yn Halbertsma (1860-1: 214, 1864: 262) giet it oer dochters fan ‘poepen’ dy’t mei autochtone manlju trouwe.
[7] Ferlykje Stoett 1923-5, nr. 1512, “ieder zijn meug”.
[8] Ferlykje Halbertsma 1874 sv bok.
[9] De promovearrre medikus Eeltsje Halbertsma wie de earste akademyske dokter fan Grou. Syn foargonger (fan 1802 oant 1820) wie syn oantroude omke, in Dútser út Lennep mei de namme Johan Arnold Römer. (Sjoch de noat hjirûnder.)
[10] In oantroude omke fan Joast Halbertsma wie de Grouster âld-militêr en húsdokter Johan Arnold Römer, in Dútser fan komôf. Yn de famyljekronyk skriuwt Joast: “Zijn welgebouwde persoon, zijn smeichelende beleefdheid, zijn vreemd accent en zijn degen en montering bekoorden [muoike] Lokke”. Syn skoanheit koe him net lije. “Doopsgezinden” hawwe ommers in “afkeer” fan “soldaten en soldaterij, en Römer ûnderfûn “de minachting waarin de Duitschers als poepen bij de Friezen stonden”. It houlik fan Johan en Lokke waard in drama. (Hoekema 1974, 29; fl. G. Dijkstra 1946:15.)
[11] De namme Toon liket wer in standert-namme te wêzen, krekt as Levy foar in joad. Yn ‘Geale Sliepke’ (útj. Breuker e.o. 33) hjit de mier ek sa: En Toon de seine harre / Fier yn it lege mêd.
[12] Bygelyks: Main swaay koukulden; tie antere is warhaftig al fort, tot must for him petale, geskelt, for dit en for tat, of ich smit ty te poejens om. Hjir praat de fjildwachter in soarte fan bryk Hollansk mei ‘Dútsk’ aksint.
[13] Beide Fryske wurden soene dan yn in justjes oare foarm út it Nederlânsk oernommen wêze, krekt as de haadnamme en it eigenskipswurd slof [slof, slɔf].
[14] Ferlykje Jakob Roorda 1828: 36: Kin er yen Tjutscker by jiemmes komme, dy naet ford oon meye namme fen poep in mof forwolkomme wirt?
[15] Joast Halbertsma stelt sawol de ‘stjonkende’ etymology (sjoch hjirboppe) as de ‘bube’-boarne (yn Halbertsma 1969a,b) fan it wurd poep út: Lex. Fris. A 518: Poep: Westfaalsche grasmaaijer. Fiindoekspoepen, Duitschers die met het pak bij de huizen langs lopen. (Bube). En yn Lex. Fris. A 519: De Duitschers gebruiken in de dagelykschen toespraak (evenals wy ‘jonge’, ‘Ja! Jonge, Jonge, doe 't niet!’) het woord bube, dat zij uitspreken byna als poep. De fatsoenlyke term, door de Fr. boeren aan de grasmaaiers gegeven is die van jonges. (…) (Mei tank oan Anne Dykstra.)
[16] Die Unterschiede zwischen Friesisch und Niederländisch auf der einen Seite und Niederdeutsch auf der anderen sorgten ab und zu für Sprachverwirrung. Diese Unterschiede wurde zu einer ergiebigen Quelle für Witze, die in zahlreichen Volkserzählungen überliefert wurden. Ype Poortinga (1976, 286-299) sammelte und publizierte einige davon.
[17] It ferhaal hat de koade ATU (Aarne-Thompson-Uther) 1697, ”We three, for money”. Meder ferwiist nei ekker, Van der Kooi en Meder 1997, 115-7, Dam Jaarsma 1952, p. 186; Jaarsma 1987 en Poortinga 1976, p. 292.
[18] Sjoch ek Mulder 1973, Dykstra (s.j.: 261).
[19] It wurd is miskien te ferlykjen mei: J.G. Radlof, Mustersaal aller teutschen mundarten, Bonn 1821: Huissa Dudel dom! Luschtig ischt doch d ' Welt, Wenn mas mit ar hält. (Schwäbisch.)
[20] In fariant fan “Es zogen drei Burschen wohl über den Rhein”. In folkswyske út ’e achttjinde iuw (Lugwig Uhland). It "Regiment" sil yn in herberch benachtsje. Dêr nimt "ein schöner Offizier" de eare fan "ein schwarzbraunes Mädchen". It famke gûlt en de soldaten sille wer fierder. (Ensfh.)
[21] “Jan Alberts die wou er uit rijden gaan” en “In Frankrijk buiten de poorten” (ek wol: “In Franeker buiten de poorten”).
[22] Dat tinkbyld stiet ek te lêzen yn Halbertsma (1860-1: 213; 1864: 262; 1874 sv eer en fêst).
[23] Blykber kin de lêzer fan De kaartlizzer (noch) wol in bytsje gnuve om it taaltsje fan de “jeud” (ik magh hier stokkeplind wurde), mar de poep wurdt net (mear) sitearre. In oare ferliking tusken Dútskers en Joaden stiet yn Halbertsma (1860-1: 210), oer de poepestap en de jeuderigele. (Ferlykje Halbertsma 1874, sv efter-inoar.
[24] J.H. Halbertsma neamt it ferske yn syn kommentaar op It Boalserter Nut (Halbertsma 1860-1:213). Van der Veen koe it wurk fan de Halbertsma’s goed.
Literatuer
Sekundêre literatuer
Blécourt, Willem de & Koman, Ruben A. & Kooi, Jurjen van der & Meder, Theo (red.) 2010: Verhalen van stad en streek. Sagen en legenden in Nederland. Amsterdam, Bert Bakker.
Brouwer, J.H. (1958): Poezij en proaza fan Eeltsje Halbertsma. Blomlêzing út syn wurk. Zwolle, Tjeenk Willink.
Dubbelman, Jan Erik & Tanja, Jaap 1987: Vreemd gespuis. Amsterdam, Anne Frank Stichting.
Dekker, Ton 1998. ‘Zonder verzamelaars geen sprookjes’. Yn: Volkskundig bulletin: 24:2 (1998) 214-237.
Dekker, Ton & Van der Kooi, Ton & Meder, Theo 1997. Van Aladdin tot Zwaan kleef aan. Lexicon van sprookjes: ontstaan, ontwikkeling, variaties.
Doornbosch, Ate & Dijk, Marie van & Kuijer, Henk & Sterringa, Hermine 1987: Onder de groene linde. Verhalende liederen uit de mondelinge overlevering. Deel 1. Liederen met magische, religieuze en stichtelijke thematiek. Amsterdam, Uniepers.
Dijkstra, G. 1946: Bydrage ta de kennis fan it libben, de persoan en it wurk fan dr Eeltsje Halbertsma. Drachten, Laverman.
Eiynck, A. et al. (red.), Werken over de grens. 350 jaar geld verdienen in het buitenland. Assen etc. 1993, p. 12-21.
Frieswijk, Johan. Om een beter leven. Land- en veenarbeiders in het noorden van Nederland 1850-1914. Ljouwert, FA, 1989.
Haan, Tj. W. de 1969: ‘Hans Hannekemaaier in Groningerland’. Nêerlands Volksleven 19 nr 4, 82-92.
Haan, Tj.W. de 1955: Grappen over Hans Hannekemaaier. It Beaken 17, 18-23.
Halbertsma, Hylke e.o. (red.): Joast Hiddes Halbertsma 1789-1869. Brekker en bouwer. Drachten, Laverman.
Hoekema, Teake 1974 . Grouster almenak.
Jaarsma, Dam 1952: ‘De hantsjemier. Teltsjes út 'e folksmûle’, It Heitelân, 30 145-148, 186-189.
Jong, Alpita de 2009: Knooppunt Halbertsma. Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869) en andere Europese geleerden over het Fries en andere talen, over wetenschap en over de samenleving. Hilversum, Verloren.
Kalma, J.J. (red.) 1969: “Kent gij Halbertsma van Deventer?” In tal net-útjowne hânskriften fan dr J.H. Halbertsma. Drachten, Laverman.
Knottnerus, Otto S. 2000: ‘Vroegmoderne cultuurgebieden in Nederland en Noordwest-Duitsland: gedachten over behoudzucht en dynamiek.’ De zeventiende eeuw, jaargang 16, 2000, 14-53.
Lucassen, J. 1987a: ‘Hannemaaiersbrieven 18600-1889. Een bijdrage tot de geschiedenis van de arbeidsverhoudingen in de Friese hooibouw’. It Beaken 49, 2000-230.
Lucassen, J. 1987b: ‘Poepen, knoeten, mieren en moffen. Beeldvorming over Duitse immigranten en trekarbeiders in zeventiende- en achttiende-eeuwse kluchten’. Yn: [Dubbelman & Tanja,] Vreemd gespuis, Baarn, Ambo.
Meder, Theo 2016: De staart van de pauw. Onderzoek naar variatie en continuïteit in betekenis, vorm en functie van het volksverhaal. Almere (oraasje Grins.)
Mertens-Westphalen, H. 1993: ‘De Duitser en de Hollandganger in de kluchten uit de 17e en 18e eeuw’. Yn: Eiynck e.o. 1993, 52-59.
Molema, Marijn & Schroor, Meindert (hrs.) 2019: Migrationsgeschichte in Nordwestdeutschland und den nördlichen Niederlanden. Quellen, Handreichungen und Beispiele zur grenzübergreifenden Forschung (Migratiegeschiedenis in Noordwest-Duitsland en Noord-Nederland. Bronnen, aanwijzingen en voorbeelden bij grensoverschrijdend onderzoek.)
Mulder, Kornelis: Hannekemaaiers en kiepkerels. Haren, Knoop & Niemeijer, 1973 (1971).
Ornée, W.A., De 'mof' in de Nederlandse blij- en kluchtspelen uit de 17de en 18de eeuw– 1970
Piebenga, G.A. 1969: ‘Halbertsma en Dútsklân’. Yn Hylke Halbertsma (red.), 302-310.
Poortinga, Ype 1962: Op ’e drompel fan de romantyk. Blomlêzing út ’e Fryske skriftekennisse oer de jierren 1822-1836. Drachten, Laverman.
Poortinga, Ype 1969: ‘Halbertsma as Frysk literator’. Yn: Hylke Halbertsma e.o. 1969: 143-164.
Postma, A. 1893: ‘In hoeverre het type slenderhinke in P. Langendijks ‘Zwetser’ oorspronkelijk is.’ Tijdschrift voor Nederlandse Taal- en Letterkunde, jaargang 12 1893, p 268-278.
Sanders, Ewoud: ‘Mof’. (NRC). https://www.nrc.nl/nieuws/1998/05/05/mof-7397939-a682169
Slofstra, Bouke 2015: ‘It wie Babel yn it lyts hjirre’. Ensafh. nr. 6, 41-46.
Slofstra, Bouke 2020: ‘O sjorem magaaije! Fiktyf Joadsk etnolekt yn ’e Fryske literatuer’. Us Wurk 69, 38-72. https://ugp.rug.nl/uswurk/article/view/36958
Spahr van der Hoek, J.J. 1969: ‘Halbertsma en it Fryske folkskaraker’. Yn: Hylke Halbertsma e.o. (red.) 209-213.
Stoett, F.A. (1923-5) Nederlandse spreekwoorden, spreekwijzen, uitdrukkingen en gezegden. (1923-1925)
Visser, G.N. 1969: ‘De boarnen fan J.H.Halbertsma syn bydragen yn de Rimen en Teltsjes’. Yn: Hylke Halbertsma e.o. (red.), 236-247.
Vriesema, Maaike & Goot, Annelies van der: Friesland, wees zacht voor mij. Nieuwkomers in de provincie door de eeuwen heen. Ljouwert, Friese Pers, 2006.
Wolf, Henk 2019: ‘Waarom is er zo vaak maar één gesprekstaal?’ Neerlandistiek, online digitaal tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek (1 oktober 2019). https://www.neerlandistiek.nl/2019/10/waarom-is-er-zo-vaak-maar-een-gesprekstaal/
Boarnen
Asselijn, Thomas. 1684: De stiefmoer.
Bernagie, Pieter, De belachelyke jonker (1684).
Boonemmer, Auke s.j.: ‘In foärlêzing’. Yn: Leopold, J.A. & Leopold, L.: Van de Schelde tot de Weichsel, Nederduitsche Dialecten in Dicht en Ondicht. Grins, 1882, diel III, 93ff.
Buysero, Dirk: De schoonste, of het ontzet van Schevening. ’s-Gravenhage 1717.
Dijkstra, Waling (s.j.): Uit Frieslands volksleven. Ljouwert, Fryske Akademy. (Ferlytse werprinting fan útjefte Ljouwert, Suringar, 1895-6.)
Dykstra, Waling 1856/2003: De sulveren rinkelbel. Ljouwert, Fryslân (DBNL). (Werútjefte fan 1856, Frjentsjer, Telenga.)
Dykstra, Waling & Meulen, T.G. van der 1882: In doaze fol âlde snypsnaren. Bernerymkes, berneboarterijen, jongfolkswille, riedlingen, âlde lieten, sprekwirden en yette mear. By enoar samle troch Waling Dykstra en T.G. van der Meulen. Oarde en folle formeardere druk. Frjentsjer, T. Telenga 1882. [Google Books]
Halbertsma, J.H. 1846: ‘Reis naar Frankfurt’. In: Kalma (red.) 1969, 97-132.
Halbertsma, J.H. 1860-1: ‘It Boalswerter Nut’ (noaten by de oersettting fan J.J.A. Goeverneur). Yn: Kalma (red.) 1969, 185-234.
Halbertsma, J.H. 1864: ‘De Duitsche democratie’. Yn: Kalma (red.) 1969, 258-277.
Halbertsma, Joast Hiddes (1869a,b): Lexicon Frisicum A, B. (Tresoar Ljouwert 227 Hs., ôfskreaun en útjûn troch Saakje van Dellen en Teake Hoekema.
Halbertsma’s 1871/1994: Rimen en teltsjes. (Utjefte ûnder redaksje fan Ph.H. Breuker e.o., Drachten, Osinga.)
Halbertsma, Joast Hiddes (1874): Lexicon Frisicum, A-Feer. (Postume útjefte ûnder redaksje fan syn soan Tsjalling.) Den Haag, Nijhoff.
Houten, Ulbe van, De sûnde fan Haitze Holwerda. Dokkum, Kamminga, 1938.
Iependaal, Willem van Iependaal, Onder de pannen. Belevenissen in hotel Stoot-je-hoofd-niet, de lijmkit van Moeke Mullemans (Bussum z.j.).
Janssen, Herman: Dät Ooldenhuus. Dööntjen, gerimsele, räátsle, spräkwoude un wät tou laachjen ap Seeltersk. Ostendorp, Westerhauderfehn 1964.
Langendijk, Pieter: De zwetser, kluchtspel. 1712
Maurik, Justus van 1901. Toen ik nog jong was. (DNBL)
Meulen, T.G. van der (1877 (?)/1974): In brulloft yn ’e Wâlden. (Werútjefte 1974, Ljouwert, Miedema.)
Ploeg, Feike Hiddes van der 1777: Mayke Jakkelis. (Utjefte Brandsma, Boalsert, Osinga 1951.)
Ploeg, Feike Hiddes van der 1778: Het jonge lieuws boosk: plesier-spul, yn fyf bydrieuwen byschreun.
Poortinga, Ype 1976: De ring fan it ljocht. Baarn, Bosch & Keuning; Ljouwert, De Tille.
Roorda, Jakob (1828: ‘Stick fen in reyse trog it Hartsgebertme’. Yn: Poortinga 1962, 32-39.
Roskam, Johann (Jan) (1855-1937) 1879 (e.a): brieven oan Rintje Bootsma, Loaiengea (1825/1891). [Migrationsgeschichte] https://friesscheepvaartmuseum.nl/beeld/fsm-col1-dat1000022674
Teenstra, Marten Douwes. 1830. Hans Hannekemaaier’s kluchtige lotgevallen en ontmoetingen op zijne reis naar en door Holland. (vierde druk).
Veen, Hjerre Gjerrits van der: De kaertlizzer. Ljouwert, 1856.
Veen, Hjerre Gjerrits van der 1852: ‘Da kikkerts’ (fers). Yn: Swanneblommen, jierboekje dl. 3, selscip foar de frysce tael en scriftenkinnisse, Ljouwert, Meindertsma 1853. 67-69.
Vos, Isaak (1669): Klucht van de mof. [Sanders; DBNL: https://www.dbnl.org/tekst/vos_001kluc04_01/vos_001kluc04_01_0003.php]
Wiersma, J.P., Aldfaers Groun. Byld fan in tiidrek 186-1940. (1948) (Utjefte Fryske Klassiken 2001)
Oare boarnen
(Anonym): De historie van Lukevent ofte een kluchtige vertellinge van een Westpheelschen bueren sonne de wolcke by ein klercke-maker besteet wert om et Docters hannewerck te leeren. Seer geneuchelijk en kortswijligh om te lesen. Amsterdam, Joannes Kannewet.
Utstallingen
Tödden und Hollandgänger. Arbeitsmigranten zwischen Deutschland und den Niederlanden. Ausstellung im Emslandmuseum Lingen. 21. Oktober 218 bis 2. Februar 2019. http://www.heuerleute.de/ausstellung-toedden-hollandgaenger/
(Is: ‘Hannekkemaaiers en lapkepoepen’. Fries Landbouwmuseum Leeuwarden, 1 augustus oant 15 desimber 2019.)
© Bouke Slofstra & Tresoar/Fryske Akademy, 22-01-2021.