heechtiid
harmen wind
afûk, 2010

Hoasfuotling skriuw ik myn
weiwurden mei lange streken op
it finster fan ’e dea.

Dichter en romanskriuwer Harmen Wind skreau yn it lêst fan syn libben noch twa dichtbondels, de Nederlânsktalige bondel Kilroy (febrewaris 2010) en de Fryske Heechtiid (postúm ferskynd ein oktober 2010). In jier letter kaam noch de roman Rekkenskip út.
De dichter libbe in jier yn it besef dat er net lang mear te libjen hie. De oanhaal hjirboppe lit dêr wat fan sjen. In funksje fan dichtsjen is neffens Wind it momint yntinsivearje, de tiid stilsette en sa de dingen fêstlizze. De bondel jout dêr mear as ien foarbyld fan, ûnder oare yn it fers ‘Aaidop’

Wylst my de rjochterhân
in útsmiter ophimmelet
en seinigjend in glês
bloedsuverjende sûpe skinkt,

pript my de lofter al
in gatsje yn dit barren:

ik ha in fers, in aaidop
om it libben. Ik wol it
bewarje, ik blaas it út.

Ek it eigen bestean heart by dy dingen dy’t yn poëzij (en yn keunst yn it algemien) fêstlein wurde. Dedichter wol it libben bewarje, ek al blaast er it út. In fers is in bewiis fan bestean: ‘Kilroy was here’. Heechtiid jout in yndrukwekkend tsjûgenis fan it bestean mei it mes op ’e kiel.
De bondel bestiet út twa skiften. Yn it earste bringt de dichter in ferskaat oan dichtwurk by elkoar. Under oare it fers ‘De geande man’, yn 2004 al skreaun foar it projekt ‘Gjin grinzen, de reis’. De strekking fan it fers is dat it libben giet om it libjen sels, net om earne oan te kommen of earne te hechtsjen. Tagelyk is de titel dûbelsinnich foar ien dy’t wit dat er net folle tiid fan libjen mear hat. Eppie Dam hellet yn syn besprek it fers ‘Yn wêzen’ oan, mei oan de ein de yntinse leafdesferklearring: ‘Ik bin, leafste, watsto fan wat / ik bin noch meitsje kinst.’
It twadde skift hat as titel ‘It lêste etmel’, 24 fersen fan acht rigels, foar elke oere ien. It giet om in etmel fan in âlde man yn it wei-wurden, dy’t allerhanne yndrukken opheint fan it libben om him hinne en yn syn geast, hy makket noch in kuierke, syn leafste komt del en hy wit, ‘sy is wat bliuwt, fier boppe dei en nacht’. Oan de ein falt er wer yn ’e sliep, of is it de dea? De lêste strofe fan de syklus:

Wolst noch wat freegje, noch wat
roppe. Hearst dêr ien flokken yn ’e
fierte? Is dat rûzjen dêr de wyn? De
stoartbak boppe? Lêste azem? Wjukken?

Shortlist Gysbert Japicxpriis 2013

Oaren oer dizze titel
Eppie Dam, LC 23-12-2010
Cornelis van der Wal, FD 05-02-2011
Arjan Hut, De Moanne 01-10-2020

-0-

Nederlands

Hoasfuotling skriuw ik myn
weiwurden mei lange streken op
it finster fan ’e dea.

Op kousevoeten schrijf ik mijn
heengaan met lange streken op
het venster van de dood.

Dichter en romancier Harmen Wind schreef aan het eind van zijn leven nog twee dichtbundels, de Nederlandse Kilroy (verschenen februari 2010) en de Friese Heechtiid (‘Hoogtijd’, postuum verschenen eind oktober 2010). Een jaar later kwam nog de roman Rekkenskip (‘Rekenschap’) uit.
De dichter leefde een jaar in de wetenschap dat hij niet lang meer te leven had. Het citaat hierboven laat daar wat van zien. Een van de functies van dichten is volgens Wind het moment intensiveren, de tijd stilzetten en zo de dingen vastleggen. De bundel geeft daarvan meer dan één voorbeeld, onder andere in het gedicht ‘Aaidop’ (‘Eierdop’):

Wylst my de rjochterhân
in útsmiter ophimmelet
en seinigjend in glês
bloedsuverjende sûpe skinkt,

pript my de lofter al
in gatsje yn dit barren:

ik ha in fers, in aaidop
om it libben. Ik wol it
bewarje, ik blaas it út.


Terwijl mijn rechterhand
een uitsmijter oppeuzelt
en zegenend een glas
bloedzuiverende zuivel schenkt,

prikt mijn linker al
een gaatje in dit gebeuren:

ik heb een vers, een eierdop
rondom het leven. Ik wil het
bewaren, ik blaas het uit.

Ook het eigen bestaan hoort bij de dingen die in poëzie (en in kunst in het algemeen) worden vastgelegd. De dichter wil het leven bewaren, ook al blaast hij het uit. Een gedicht is een bewijs van bestaan: ‘Kilroy was here’. Heechtiid legt op indrukwekkende wijze getuigenis af van een bestaan met het mes op de keel.
De bundel bestaat uit twee delen. In het eerste brengt de dichter een verscheidenheid aan werk bij elkaar, ook uit eerdere tijd, zoals ‘De geande man’ uit 2004, geschreven voor het project ‘Gjin grinzen, de reis / Geen grenzen, de reis’. De strekking ervan is dat het gaat om het leven zelf, niet om ergens aan te komen of ergens vast te hechten. Tegelijk is de titel dubbelzinnig voor iemand die weet dat hij niet lang meer zal leven. Eppie Dam citeert in zijn recensie het gedicht ‘Yn wêzen’, met aan het eind de intense liefdesverklaring ‘Ik ben, liefste, wat jij van wat / ik ben nog maken kunt.’
Het tweede deel heeft als titel ‘Het laatste etmaal’, 24 gedichten van elk acht regels, voor elk uur een. Het gaat om het etmaal van een oude man die steeds zwakker wordt – hij heeft nog wel een helder bewustzijn van wat buiten hem is en van zijn innerlijk, hij maakt nog een wandelingetje, zijn liefste komt op bezoek en hij weet ‘zij is wat blijft, ver boven dag en nacht’. Aan het eind valt hij opnieuw in slaap, of is het de dood? De laatste strofe van de cyclus:

Wolst noch wat freegje, noch wat
roppe. Hearst dêr ien flokken yn ’e
fierte? Is dat rûzjen dêr de wyn? De
stoartbak boppe? Lêste azem? Wjukken?

Je wil nog wat vragen, nog wat
roepen. Hoor je daar vloeken in de
verte? Is dat ruisen daar de wind? De
stortbak boven? Laatste adem? Vleugels?

[met dank aan Eppie Dam voor
de vertaling van de dichtregels]