los sân
greet andringa
friese pers boekerij, 2010

Welmoed, in jonge froulike dokter, rint staazje yn in grut, modern sikehûs yn Egypte. Se woe wolris oer de râne fan Europa hinne sjen en syktegefallen behannelje dy’t yn Nederlân eins net mear foarkomme. En boppedat: ‘Wat kin my oerkomme? Ik ha in goed stel harsens, en ik rêd my goed yn it Ingelsk’.

Se bedarret midden yn de hektyk fan in drok Noard-Afrikaansk lân dêr’t de man-frouferhâldings dochs justjes oars binne as yn it memmelân. Egypte en alle ûnferwachtse dingen dy’t har oerkomme, konfrontearje Welmoed hyltyd mear mei de fraach wat se eins thús te sykjen hat, by har freon Evert, in jonge boer. Dit boek is it kadoboek foar de Moanne fan it Fryske Boek, dy’t yn septimber 2010 hâlden wurdt. It is dêrmei de opfolger fan de rige Boekewikegeskinken dy’t fan 1989 ôf alle jierren ferskynden.

Oaren oer dit boek
Sietse de Vries, LC 03-09-2010, diel 1, diel 2 (fraachpetear)
Jetske Bilker,  LC 03-09-2010
Jaap Krol, FD 04-09-2012
Wiep Koehoorn, blog 22-06-2011