Fol túch de mist yn
hidde boersma
friese pers boekerij, 2010

Dit boek fertelt de ferhalen fan meast jonge minsken dy't it Doedeïsme yn praktyk bringe: Folút libje, mei in iepen geast de wrâld yngean en 'útsjen nei de ljochtpuntsjes fan goed útpakkend tafal yn 'e tsjustere brij fan 'e takomst', sa't de haadfiguer it seit. Mear as ien kear wurdt yn it boek ferwiisd nei The Dude út de film The Big Lebowski.

It measte wat de haadpersonaazjes belibje oerkomt har. Se litte har as in sylboat troch de wyn meiblaze en bestrike in brede wrâld: fan de Greidhoeke oant Israel, yn Utert, op de Hamburchske Reeperbahn en it eilân Rügen - en folle net genôch. In bûnte rige fan unike minsken en typstra's krúst har paad, mar se hawwe ek in iepen each foar moaie fammen en bier is essinsjeel drinken. Har nammen binne Sturt 'n Bealch, Fjoer fan Siden, Lytse Grapkes en Hidde. Foarmje se de moderne wjergaders fan Nescio syn Titaantjes?


Oaren oer dizze titel

Sietse de Vries, fraachpetear, Ljouwerter Krante 25-6-2010, diel 1 en diel 2
Jetske Bilker, LC 25-06-2010
Geart Tigchelaar, Ensafh 09-07-2010
Jaap Krol, FD 18-09-2010
Karen Bies, De Moanne 2010-6 (fraachpetear)
André Looijenga, De Moanne 2011 nr 2