De brêgesitter
meindert bylsma
friese pers boekerij, 2010


Op It âld Hôf, even bûten it doarp, wennet in nije ynkommeling: Minne. As regelmjittige brêgesitter sjocht er nei de foarbygongers. Hy besiket te tinken sa’t sy tinke. Hy harket nei de fûgels en hellet oantinkens op: oan de oarloch, de Alvestêdetocht, de hillige dy’t syn namme oan de tsjerke jûn hat, de frou dy’t yn in sek naaid en yn de feart smiten waard en folle net genôch.
Mar Minne is de bûtensteander dy’t net akseptearre wurdt. Slagget it him om syn doarp echt benei te kommen? Stadichoan ûntstiet wol in byld fan in doarp dat oars is as it him foardocht.

Oaren oer dizze titel
Jetske Bilker, LC 28-01-2011