Frijende kikkerts
hylkje goïnga
eigen behear 'fryslân lêst syn toppers', 2010 (2e printinge)

Yn dizze roman út 1986 fertelt Hylkje Goïnga op in hast achteleaze wize it emosjonele ferhaal oer de striid fan Martha yn de relaasje mei har man. Hy hat gjin wiere oandacht foar har en is har ûntrou. Sa komt sy yn in krisis telâne. As se him op in dei in koarkelûker yn it boarst draaie wol om te sjen oft syn hert noch wol foar har kloppet, lit hy har opnimme yn in ynrjochting. Troch it relaas dat sy oan de minsken fan de klinyk fertelt kriget de lêzer ynsjoch yn de foarskiednis en yn wat Martha besielet. Se fynt har selsbetrouwen werom en slagget deryn om fan him los te kommen.
Frijende kikkerts is in ûntroerend boek dat tagelyk ek humor en relativearring biedt. De tryste tastân fan Martha wurdt net in kommer-en-kweldrama, mar troch har skerp each foar detail en har nuchtere ferteltrant in ferhaal dat in protte yndruk makket.
Yn 1988 ferskynde de oersetting Vrijende kikkers.
De twadde printing fan de roman wie yn 2010 de earste útjefte yn it ramt fan de lêsbefoarderingsaksje 'Fryslân lêst syn toppers'.

Oaren oer dizze titel
Jan Wybenga Ljouwerter Krante 27-6-1986
Jantien de Boer, 'De Martha in jezelf', De Moanne nr 3, 2010
Janneke Spoelstra, Ensafh nr 2, 2010
Jaap Krol op Sirkwy 9 april 2010
Nynke de Jong op Sirkwy ein april 2010
Jetske Bilker op Sirkwy maaie 2010