Oxzana (ferhaal fan in flechtling)
marga claus
afûk, 2010

De Oekraynske studinte Oxzana krige fan har kommunistyske heit mei dat je better net mei bûtenlanners omgean kinne. Dochs fynt se, op de universiteit fan Kiev, yn de Afgaanske filosofystudint Ghalil har grutte leafde. It is 1981, de tiid dat sovjetsoldaten yn Afganistan oarder op saken besykje te stellen. Dat makket de leafdesrelaasje der net makliker op, mar tsjin alle warskôgingen yn trout Oxzana mei Ghalil. Yn 1986 ferlitte se mei har beide bern de Sovjet-Uny en trekke by Ghalil syn âlden yn dy’t yn Kabûl wenje. Soks kin troch de grutte kultuerferskillen allinnich mar ferkeard gean. As Gorbatsjov yn 1989 de lêste sovjettroepen út Afganistan weromlûkt, brekt dêr de machtsstriid pas goed los. Oxzana en Ghalil libje alle dagen ûnder de driging fan raketten en it sil net by driging bliuwe. Ghalil komt om en Oxzana flechtet werom nei wêr’t se weikaam, om te ûntdekken dat de Sovjet-Uny ek net mear sa stabyl is. Se flechtet mei har bern nei it Westen en komt úteinliks yn Nederlân telâne. Tsien jier letter sjocht Oxzana yn Fryslân werom op har libben, dat begûn as in mearke en útrûn op in boaze dream.

De earste printing fan Oxzana ferskynde yn 2000, dêrnei folgen der noch twa. De fertaling Oxzana's vlucht kaam út yn 2006, it boek helle twa printingen.

Oaren oer dizze titel
Jabik Veenbaas, LC 15-09-2000
Gerbrich van der Meer, FD 18-10-2000
Elske Schotanus, eigen webside 25-09-2001
Jelle van der Meulen, Friese Literatuursite