Lytse histoarje fan langst
bennie huisman
utjouwerij Fryslân, 2010

It is ein jierren ’60. Guon fan Thomas syn leeftydsgenoaten swalkje ‘back-packend’ om of se hawwe it drok mei seks, drugs en rock-en-roll. Sels is er yn oar farwetter bedarre. Hy is krekt troud en al heit en kostwinner. Mar hy is ek fol fan muzyk en der fêst fan oertsjûge dat him dêryn in moaie takomst wachtet.
Yn dizze ‘Lytse histoarje fan langst’ treffe we him goed tsien jier letter. Syn langst en driuw hawwe in spoar fan stikkene diggelkasten neilitten, dêr't er mar leaver net mear nei sjen wol. Mar op it paad nei de dreamde takomst is de gong der aardich útrekke en as der immen stjert, dy't der altyd foar him wie, dan wurdt er dochs troch it ferline op it skouder tikke.

Oaren oer dizze titel
Jetske Bilker, LC 01-10-2010 
Jelle van der Meulen, Friese Literatuursite
Jaap Krol, FD 26-03-2011