Guozzeflecht
ferdinand de jong
friese pers boekerij, 2010

Guozzeflecht is de debútroman fan Ferdinand de Jong. It ferhaal nimt de lêzer mei fan de ûnmjitlike Sibearyske taiga oant de sluzen fan Koarnwertersân. It boek is in spionaazjeferhaal en detektive. It earste diel beskriuwt in missy fan haadpersoan Jan yn de Sovjet-Uny, let Stalinistyske tiid, om 1953 hinne. Hy moat foar de NAVO in kearnfysikus út in Goelachkamp helje en tagelyk it kamp yn kaart bringe. Yn it twadde part is Jan werom yn Fryslân en wurket er as privee-detektive. Syn spionaazjeferline spilet dêr ek in rol by.

Oaren oer dizze titel
Sietse de Vries, LC 06-08-2010 diel 1 en  diel 2 (fraachpetear)
Jetske Bilker, LC 20-08-2010
Yvonne Dijkstra, FD 21-05-2011