It genoatskip
einte prins
kffb, 2010

As Folkert - âld-marinier en frijfeint - op 'e Weaze yn Ljouwert Wieke tsjin 't liif rint, reitsje syn tinzen oan syn jeugdleafde Ynske op 'e achtergrûn. Hja ferdwûn lyts tweintich jier lyn sûnder in spoar achter te litten út syn libben. Dochs wiene bûtenlânske aventoeren en fertier yn it nachtlibben fan Grins en Ljouwert lykwols net by steat Ynske út syn holle te ferdriuwen. Syn bedriuw ferrinnewearret. Hy siket in oplossing foar dat probleem yn 'e yllegale hannel. As der dan nijs oer Ynske komt, betinkt er in plan om út dy sitewaasje wei te kommen. Syn ‘freonen’ út de ûnderwrâld tinke dêr hiel oars oer en sette him mei de rêch tsjin 'e muorre.
Dan brekt de striid los. De striid tusken jild en leafde…

Oaren oer dizze titel