Moard yn ’e Médoc
frans en tineke steenmeijer
bornmeer, 2010
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Yn de Médoc, in paradyslike oarde yn Súdwest-Frankryk, reitsje Doede Dechesne, Myra Mellarius en har freondinne Louise, in keunsthistoarika, betize yn âlde en nije mystearjes fan in adelike famylje. Dat in Nederlânske resjersjeur in Frânske kollega helpt om in moardner te arrestearjen liket faaks frjemd, mar oan ’e ein fan dit echte ‘wa hat it dien-ferhaal’ wurdt dúdlik, dat it riedsel net oplost wurde kinnen hie sûnder de skerpsinnigens fan Doede en benammen fan syn Myra, de tûke miljeujuriste fan de Provinsje Fryslân.
Moard yn ’e Médoc is de fjirde detektive fan it skriuwersduo Frans en Tineke Steenmeijer. Sûnt 2003 wenje se it measte fan har tiid yn de Médoc. De Atlantyske Oséaan mei syn wylde weagen, grutte wynfjilden en foarname Châteaux beskiede dêr de sfear.
Oaren oer dizze titel
Yvonne Dijkstra, FD 29-01-2011