It Eagleton segel
arjen terpstra
friese pers boekerij, 2010
-
liene by Tresoar
-
Liene by de iepenbiere bibleteek
Dit boek jout it ferhaal fan de Ierske famylje Eagleton. Sy binne de neiteam fan in Ierske kening út de tsiende ieu, dy’t in kear libben rêden hat fan in eaglejong. Fan dy tiid ôf beskermje de eagles (Frysk: ‘earnen’) de famylje. It famyljekastiel is boud op Mount Eagle. As yn letter ieuwen de Ingelsen Ierlân bestte moat de famylje it kastiel ferlitte. Henry Eagleton komt oerien dat as Ierlân wer in frije naasje wurdt, de Eagletons weromkomme kinne op har kastiel. Syn twa soannen John en Shay krije elk de helte fan in spesjaal makke segel en geane de wrâld yn. Sy en har bern komme ûnder oare yn Skotlân, Fryslân en Amearika telâne.
Yn 1954 wurdt kandidaat-gûverneur John Hamilton op in kiezersfeest yn de Amerikaanske steat Montana delsjitten. Hy oerlibbet it. Yn de moeting mei de dieder komme de ferhaallinen fan John en Shay wer byelkoar en liket it paad frij nei it kastiel op Mount Eagle.
It Eagleton segel is in breed opset spannend histoarysk epos mei fantasy-eleminten.
Oaren oer dizze titel
Jetske Bilker, LC 23-07-2010
Jaap Krol, FD 11-12-2010
Henry Baron, World Literature Today,The Free Library nov-dec 2010
Natasha van der Stelt, Crimezone 15-04-2011