De smearlappen
anne wadman
'fryslân lêst syn toppers', 2010 - 9e printing

De smearlappen is de iepenhertige bycht fan in jonge frou, Deboara Eelkje Lyklama Taconis. Se langet nei frijheid en fiere fierten, mar sit fêst yn it benearjend fermidden fan har âldershûs. Mem libbet net mear, se is iennichst bern en heit, in 'gelearde boer', giet hielendal op yn syn genealogyske hobbys. Op in jûn komt in jongkeardel oan de doar om in ammerke molke. It is Wilte Akkerbol, ien fan fjouwer bruorren dy't mei har skip yn de buert lizze om it kanaal út te baggerjen. Eelkje slacht him oan de heak mar wurdt it slachtoffer as de bruorren har der mei bemuoie.
Doe't De smearlappen yn 1963 ferskynde, joech dat gâns opskuor yn Fryslân. De skriuwer prate betreklik frijmoedich en bepaald net yn ideaalbylden oer seks - soks wie men doe net wend. It boek waard in bestseller en it is mei rjocht in klassiker wurden. Oersettingen ferskynden yn it Nederlânsk en yn it Dútsk.
Yn 1983 ferskynde de 7de printing mei yllustraasjes fan Gerrit Breteler, yn april 2010 op 'en nij útjûn yn de TDE-rige, mei nije typografy, sûnder yllustraasjes. De 9de printing fan de roman wie ein 2010 de twadde spesjale útjefte yn it ramt fan de lêsbefoarderingsaksje 'Fryslân lêst syn toppers'.

Oaren oer dizze titel

J. Noordmans yn LC 26-10-1963 diel 1 en diel 2
Fedde Schurer, de Friese Koerier 09-11-1963, oanhelle troch Wadman yn
Mei Abraham fûstkje Hdst 16 en syn kommintaar yn Hdst 17.
Tiny Mulder, Rono Literair kwartier 14-11-1963
[Der is folle mear út dy jierren]

Tiny Mulder, FD 18-06-1983
Tineke Steenmeijer-Wielenga, LC 14-10-1983
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite

De resepsje fan De smearlappen is tige breed. In folslein oersjoch is te finen yn Babs Gezelle Meerburg har dissertaasje hwant wy binne it nijs ûnder en boppe de sinne út 1997, s. 192-199.