It kweade wiif fan Hylpen
mindert wijnstra
afûk, 2010 (6e printing)

Okke-hel, Barrahûs, De Skilige Piip en it Reaklif binne bekende lokaasjes dêr't in âlde sêge of leginde oan ferbûn is. Der binne lykwols folle mear fan dy plakken yn Fryslân. Ferteller/skriuwer Mindert Wijnstra, bekend fan syn ferhaletochten op ’e fyts, hat yn dizze bondel sechstich ferhalen byinoar brocht dy't rûnom yn de provinsje spylje. Fan al dy ferhalen is op it plak sels noch wat werom te finen yn it lânskip of yn in oare taastbere foarm. Mei dit boek fol nijsgjirrige sêgen en leginden kin de lêzer syn eigen ferhaletochten meitsje. De earste printing fan dit suksesfolle boek ferskynde al yn 1998.

Oaren oer dizze titel