It ferset
harmen wind
afûk, 2010 (2e printing)

It ferset is it oangripende portret fan de stoere kalivinistyske timmerfeint Homme Wisch. Hy hâldt him ûnwrikber fêst oan it folslein gelyk fan syn libbensoertsjûging, en sa ferset er him tsjin it folle libben, mar ek tsjin syn wankende dea. Oan de ein fan syn libben fernimt er dat syn rasjoneel leauwe him gjin hâldfêst biedt. It portret wurdt yn bytsjes en brokjes opboud troch soan Hessel, dy’t net allinne fertelt oer syn heit, mar ek oer de eigen jeugd en oer syn ferset tsjin heite twingend leauwen. Dizze roman is tagelyk ek in roman oer de taal: oer de Tale Kanaäns fan de heit en oer de ûntdekkingstocht dy’t Hessel makket yn de assosjative rykdom dy’t de taal biedt, namste mear yn de twatalige situaasje fan Fryslân. En it jout by einsluten ek in dúdlike ynkyk yn it doarpslibben fan de jierren fyftich en sechtich.

Harmen Wind syn heit ferstoar yn 1998. Dizze roman is sterk autobiografysk, mar de skriuwer hat der wêr’t dat him útkaam in moaie flut fiskje yn bemongen. Om ôfstân ta it ûnderwerp te krijen, keas er ynearsten foar it Hollânsk. Het verzet (2002) wie syn Hollânske proazadebút. In jier letter wûn it boek de Debutantenprijs, tsjintwurdich bekend as Academica Literatuurprijs.
Wind begûn fuort nei de ferskining mei de Fryske oersetting. It is lykwols mear wurden as in oersetting: wêr't him dat needsaaklik of gaadlik talike, hat de auteur útwreidings en (lytse) feroarings oanbrocht. De earste printinge fan It ferset ferskynde yn 2004. Twa jier letter krige Wind de Rink van der Veldepriis foar dizze roman.

Oaren oer dizze titel
Debutantenprijs foar Het verzet: LC 15-11-2003
Ingeboekt LC 15-10-2004
Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad 10-10-2005 en eigen webside
Rink van der Veldepriis 2006, sjueryrapport