Kristus Pavlov
Cornelis van der Wal
Bornmeer, 2011

Kristus Pavlov is de sechsde dichtbondel fan Cornelis van der Wal. Yn it fan dizze dichter bekende oantal gedichten (33) set Van der Wal de lampe fannijs op it hegere en it legere, gauris yn bibelske bylden, lykas de slange, it knibbeljen en fansels it krús, om tagelyk de swierte fan dyselde bylden te relativearjen mei in feninige úthaal en it hegere teplak te setten. De dichter skôget himsels, lykas yn it gedicht 'Djipgong':

In man rint mei holle learzens oer de brêge,
syn triljend skip hat er fêstbûn oan 'e wâl.

Hy slacht in krús, de wiete himel is net kâld.
In see fan spyt stekt him sâlt efter de eagen.

Dan, op de igge stiet syn heit, hy kin wer rinne.
Heit seit fan jonge, do moatst net springe.

Oaren oer dizze titel
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
Eppie Dam, LC 10-06-2011
Abe de Vries, FD 16-07-2011 (besprek)
Abe de Vries, Seedyksterfeartfisk 21-07-2011