leafdedea
homme eernstma
tde, 2011 (earste útjefte 1963)

Wibe Baron van Holdinga, fan heitekant út in Frysk adellik laach en fan memmekant út in bankiersfamylje, wurdt nei de Frânsk-Dútske oarloch fan 1870-71 smoar- ende smoarryk. Hy keapet op ’e Beurs mei opsetsin oars net as oandielen dy’t noait rendearje kinne. ‘Goud meitsje út neat’ is syn sechje. Foar Wibe syn spoek-ekonomy oer stiet yn Leafdedea de tún fan Holdingastate, in wrâld dêr’t Wibe gjin inkelde modernisearring tastiet, ‘want de tún, dat wie syn libben.’ Yn dat ierdske paradys woeks syn leafde foar Eabeltje op troch harren hertstochtlik leafdesspul. Dy leafde hoedet en besielet syn libben oan de dea ta.

Leafdedea is in nijsgjirrige Fryske roman út 1963. Skriuwer is Homme Eernstma, pseudonym fan Feijo Schelto Sixma Baron van Heemstra (1916-1999), koartwei de Baron. Hy woe ‘de mytology wer libben meitsje’ en dat is him mei Leafdedea treflik slagge.

De roman ferskynde yn 1963 as in spesjale útjefte fan it frysk-literêr tydskrift Quatrebras yn Amsterdam. Yn 1994 waard it boek  op ’e nij útjûn troch de KU yn Boalsert mei in neiwurd fan Josse de Haan. Amouramort, de oersetting yn it Frânsk troch Agnes Caers, ferskynde yn 1997. De tredde edysje ferskynde yn 2011 by TDE, sa trou mooglik neffens de earste, mei in neiwurd fan Agnes Caers, nei de dea fan Van Heemstra de rjochthawwer fan de tekst.

Yn 2013 ferskynde by de DBNL in oersetting yn it Nederlânsk (Liefdedood).

It boek stiet op ’e list mei boeken dêr’t Afûk B-kursisten út kieze kinne foar har literatuereksamen.

Oaren oer dizze titel
Bauke de Jong, Asyl 06/07-1964.
J. Noordmans, LC 15-08-1964
Jelle Krol, LC 08-07-1994, diel 1 en diel 2
Atte Jongstra, NRC 14-07-2000
Trinus Riemersma, LC 14-11 2007
Huub Mous, passaazje yn webloch oer Huizinga, jan 01-2008
Jaap Krol, FD 04-02-2012
Alpita de Jong, yn 10 Books from Friesland, 09-2013
Alpita de Jong, oer de ferskate edysjes en ferzys fan it boek, De Moanne 22-10-2013